Proses-ferbaal foar yllegale beammekap en fersteuren dasseboarch yn Weststellingwerf

It terrein yn Weststellingwerf © natuur_toezicht, Instagram
De FUMO hat yn april in proses-ferbaal opmakke tsjin in opdrachtjouwer en oannimmer dy't yn de gemeente Weststellingwerf sa'n 500 meter oan beammen yllegaal kapt hawwe.
It kappen fan de beammen hie yn 't foar melden wurde moatten oan de provinsje.
Dassen mooglik fersteurd
Boppedat die by de kontrôle bliken dat der tichtby en mooglik op in dasseboarch wurke is. Dat is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning 'Flora en Fauna activiteit'.
"Dit is een kwetsbare periode voor de dassen", skriuwt de FUMO. "Hierdoor zijn mogelijk de aanwezige dassen (en hun jongen) verstoord."
De griene BOA's dienen ûndersochten de situaasje en skreaunen in proses-ferbaal út.
De provinsje is mei in bestjoerlike rapportaazje op de hichte brocht en sil de oannimmer ferplichtsje om de beammen opnij te plantsjen.
It Iepenbier Ministearje sil him bûge oer de strafrjochtlike ôfhanneling.

Frontale botsing by Vegelinsoard

Op de Zwarte Weg by Vegelinsoard gie it ferkeard. © BTB Media
Op de Zwarte Weg by Vegelinsoard hat freedtejûn in frontale botsing west tusken twa auto's.
It ambulânsepersoniel hat meardere minsken behannele nei it ynsidint en oerbrocht nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. De plysje docht ûndersyk, dêrtroch is de dyk ticht.

Plysje fynt wapens by ynfallen yn Ketlik en It Hearrenfean, trije mannen oanholden

By it tankstasjon op It Hearrenfean waarden twa mannen oanholden © Noordernieuws
De plysje hat tongersdei trije minsken oanholden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Ferskate wapens binne yn beslach nommen.
Yn de dagen foar de aksje krige de plysje ynformaasje binnen oer yllegaal wapenbesit en begûn in ûndersyk.
Tongersdeitemoarn waard der in ynfal dien yn in wenning oan de Schoterlandseweg in Ketlik en in bedriuwspân op It Hearrenfean.
Op dy lêste lokaasje waard in 61-jierrige man út de gemeente Hearrenfean oanholden.
Tankstasjon
Op basis fan itselde ûndersyk waard in wein stilset by in tankstasjon oan de Haskeruitgang op It Hearrenfean.
Yn de auto waarden ferskate wapens fûn dy't yn beslach naam binne.
De bestjoerder en de byrider fan de auto, in 59-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân en in 41-jierrige man út de gemeente Opsterlân, binne oanholden.
Ferbean wapenbesit
Sy sitte fêst op fertinking fan ferbean wapenbesit.
De mannen wurde noch heard en dan moat bliken dwaan wat harren belutsenheid west hat.

Sa wurdt de deade dolfyn ôffierd troch de plysje

Deade dolfyn oanspield op Flylân

De deade dolfyn © Folkert Janssens
Op it strân fan Flylân is in deade dolfyn oanspield. Dat barde flakby it hotel Seeduyn op de noardkant fan it eilân.
It soe gean om in bist fan sa'n twa meter lang.
De dolfyn wurdt nei Utrecht brocht, dêr't ûndersocht wurde sil hoe't it bist ferstoarn is.

Langere wachttiden: Doeksen moat mei de hân ynchecke troch brân

Tink derom, wat langer wachtsje oan de poarte © Rederij Doeksen
Rederij Doeksen warskôget reizgers nei Skylge en Flylân om rekken te hâlden mei ekstra reistiid. It ynchecken duorret langer.
Dat hat te krijen mei in brân yn in datacenter yn Almere tongersdei. Dêrtroch wurkje de hânscanners en tagongspoarten net.
It betsjut dat Doeksen de minsken mei de hân yncheckt, mei help fan listen wurdt kontrolearre oft minsken boekt hawwe.
Pashâlders sûnder boeking wurde apart notearre. Doeksen freget harren om ôffearten dochs safolle as mooglik te boeken.
De ferwachting is dat de situaasje noch wol it hiele wykein duorje kin.

FUMO betrapet fiskers by natuergebiet mei keunsties

Fiskersark © natuur_toezicht (Instagram)
De FUMO hat twa fiskers betrape op it fiskjen mei keunsties yn de saneamde 'sletten tiid'.
Tusken 1 april en de lêste sneon fan maaie is it fiskjen mei keunsties net tastien. Dy regel is der om de paaitiid fan rôffisken te beskermjen.
It jout fisken de rêst om har fuortplantsje te kinnen. Ek mei deade fiskjes of slachtôffal mei net fiske wurde.
De griene BOA's kamen de fiskers tsjin op surveillânse by Natura 2000-gebiet. Sy hiene ek gjin skriftlike tastimming foar harren aktiviteiten.
Dêrom hawwe de hanthaveners fan de Fryske omjouwingstsjinst twa kear in proses-ferbaal opmakke.

Ferwûne by grutte brân yn dûbelde wente yn Gytsjerk

De flammen sloegen út it hûs wei © NoorderNieuws
Oan de Nieuwe Straatweg yn Gytsjerk hat freed ier en betiid in útslaande brân west yn in dûbelde wente. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.
"Er was één persoon aanwezig, deze heeft wel tijdig de woning kunnen verlaten, maar is wel gewond geraakt", ferklearret Priscilla Kok fan de brânwacht.
It slachtoffer is de bewenner fan it hûs. Dizze persoan is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
De brânwacht makke krekt nei 04.30 oere melding fan in 'middelbrand', mar skaalde fuortendaalks op nei in 'grote brand' om oer genôch wetter beskikke te kinnen.
By oankomst stie it hûs al yn ljochte lôge. Brânwachten út Gytsjerk, Burgum en Ljouwert rieden út, lykas in heechwurker en grutwettertransport. De dyk waard tydlik ôfsletten.
De heechwurker yn aksje © CAMJO media
In goed oere nei de melding wie it fjoer ûnder kontrôle. De wenning is lykwols ferlern gien.
It oare hûs fan de twa-ûnder-ien-kape bleau besparre. It rûn wol lichte skea op.
"We zijn nu bezig met nacontrole en we beoordelen of de bewoners van de naastgelegen woning weer terug kunnen. Zij zijn opgevangen in de buurt."
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend makke.
Brânwachtlju en in grutte reekplom by de dûbelde wente © NoorderNieuws

Gemeente warskôget foar nepbrieven oer parkearbelied yn Dokkum

Sa sjocht de falske brief derút © Gemeente Noardeast-Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân en de hanthavening warskôgje foar nepbrieven yn Dokkum. Der sirkulearret in brief oer betelle parkearjen, parkearfergunningen en boeten yn de omjouwing fan de Lyceumweg en Lutjebleek.
De ried soe besletten hawwe om foar de râneparkearplakken wer kosten yn rekken te bringen en in fergunninghâldersgebiet yn te stellen. Mar dêr is neat fan wier. It liket as komt de brief fan de gemeente, mar dat is net sa.
Mocht Noardeast-Fryslân besluten nimme, dan lit de gemeente dat altyd witte fia offisjele kanalen. Tink oan de webside, social media en de gemeenteside yn de krante.
Wa't twivelet oer in brief, kin kontakt opnimme mei de gemeente.

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: