Gemeente set by fersin bankje yn ’e brân by Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean

Gemeente Hearrenfean sil it bankje fuorthelje © BTBmedia
In bankje neist it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean is tongersdei yn flammen opgien.
Om 07.40 oere hinne waard de brânwacht oproppen foar in melding oan de Abe Lenstra Boulevard. Der wiene flinke reekwolken te sjen.
De brânwacht hie it fjoer al fluch út, mar fan it bankje is net folle mear oer.
Yntusken is dúdlik dat de oarsaak fan de brân by de gemeente leit: meiwurkers wiene dwaande mei it fuortbaarnen fan ûnkrûd. Dêrby gie it mis.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.