Vincent van Sliedregt hâldt op as coach fan LWD Basket
Vincent van Sliedregt hâldt op as haadcoach fan de Ljouwerter basketbalklup LWD Basket.
Van Sliedregt, dy't yn Burdaard wennet, wie sûnt 2021 einferantwurdlik foar de ploech. Dêrneist wurke hy de lêste trije jier as bûnscoach fan de Nederlânske basketbalfroulju.
Mei beide funksjes hâldt hy op omdat hy de nije coach wurdt fan Bayreuth Basketball, dat op it twadde Dútske nivo útkomt yn de Pro A-kompetysje.
Net fierder yn BNXT-league
Koartlyn waard dúdlik dat LWD Basket folgjend jier net fierder giet yn de BNXT-league, de kompetysje fan Nederlânske en Belgyske klups.
Hoe't it takom jier komt mei de Ljouwerter klup, is noch net bekend.
Jûn stiet de lêste thúswedstriid fan LWD Basket yn de reguliere kompetysje op it programma. ZZ Leiden is de tsjinstanner.
Mear sportnijs fynst yn ús livebloch: