Bline Bram draaft de 10 kilometer fan Loop Leeuwarden: "Hardlopen veranderde mijn leven"

De bruorren Roel en Bram Schultinge © Omrop Fryslân
Tûzen minsken mei in beheining drave snein mei by Loop Leeuwarden. "Foar ús it it wichtichste dat eltsenien meirinne kin."
De organisaasje wol graach ynklusiver wurde, seit Foppe van der Veen.
Loop Leeuwarden is foar it grutste part útferkocht. Dat betsjut dat der snein 14.000 minsken oan de start stean om te kuierjen of te draven: in nij dielnimmersrekôr.
"We hawwe 2.500 bern yn de basisskoalleeftiid oan de start. Dy meie fergees meirinne", seit Van der Veen.
"Dêrneist dus ek de groep fan minsken mei in beheining. Dat is foar ús wol hiel spesjaal om dy te sjen snein."
Foppe van der Veen, organisaasje Loop Leeuwarden © Omrop Fryslân
Bram Schultinge hat in beheining. Hy is blyn en rint Loop mei syn broer Roel. Dy sil him begeliede oer it parkoers.
Bram is mei in pear oaren ien fan de earsten mei in fisuele beheining dy't meidrave.

Werom yn Ljouwert

Foar him fielt it in bytsje as thúskomme. Hy groeide op yn de binnenstêd fan Ljouwert en wenne der oant syn 25e.
No komt er werom om te draven. "Langs het huis van m'n ouders."
Om drave te kinnen mei in fisuele beheining hast in buddy nedich. Njonken syn broer hat Bram der no fiif.
"Dat is ook een stok achter de deur om te gaan lopen. Zij komen voor jou. Dat is wel een voordeel."
Bram rint skean achter syn buddy. Hy hâldt in lint beet en kriget ynstruksjes as der in obstakel is.
"Dan zegt m'n buddy: links over 20 meter, 10, 5, 3, 2, 1 en gaan. Of pas op: boomstronk in 3, 2, 1, nu."
It wurdt foar syn broer Roel de earste kear.
"We hebben net al even een stukje gelopen, dat heb ik overleefd", grapket Bram.
Foar Roel is it wennen. "Vroeger gingen we er samen op uit. Ik ben altijd al z'n ogen geweest. Dat zal vast wel goedkomen."
Bram follet oan: "We hebben ook de nodige meters al gemaakt in het nachtleven. We zijn nu in ieder geval nuchter."

Falle heart der ek by

Sels draaft Bram mei in heechfrekwinte pas. Dêrmei kin hy better reagearje op obstakels of bryk lizzende stiennen.
Mar it foarkomt falpartijen net.
"Nee, ik val weleens. Daarom heb je bijvoorbeeld ook een lint dat je losjes vasthoudt. Als je dan valt, neem je je buddy niet mee."
De organisaasje fan Loop Leeuwarden besiket dêr ek sa goed as mooglik rekken mei te hâlden. In spesjaal team is derfoar oprjochte binnen de organisaasje.
It team sjocht bygelyks nei obstakels. Dy wurde safolle as mooglik fuorthelle, seit Van der Veen.
"Al witte de minsken dy't meidogge hiel goed wêr't se mei dwaande binne. Se kenne har beheiningen goed. Dat sjochst wol oan Bram en syn broer. Roel helpt him maklik oer de obstakels hinne."

Loop Leeuwarden taret op kalamiteiten

Loop Leeuwarden waard ferline jier skrast nei't in rinner net goed waard en kaam te ferstjerren. Dat hat in soad ympakt hân op de organisaasje.
It gie om in ynsidint, seit Foppe van der Veen. "Dy binne net altyd foar te kommen."
Lykas oare jierren stiet om de 2,5 kilometer in wetterpost. Foar minsken dy't it te waarm krije, binne ûnderweis iishandoeken beskikber.
It draven hat syn libben feroare, seit Bram.
"Ik ben geduldiger geworden. Ik ben nu een betere partner en vader. Mijn hoofd is leeg en dus heb ik ruimte voor andere zaken."

Yn balâns troch it draven

Hy hat it drokker as ea, mar sa fielt it net foar de hurdrinner. Hy hat ek mear enerzjy.
"Een visuele beperking vergt veel energie. Dat breng ik nu in evenwicht, zonder dat ik er iets voor hoef te laten."
Wat Bram seit, is eksakt wat de organisaasje berikke wol, seit Van der Veen: minsken yn beweging krije.
"It giet om breedtesport. Beweging foar eltsenien."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.