Tsjin in muorre prate yn Ljouwert? Studinten nûgje minsken út om ergernissen op te skriuwen
In soad minsken libje mei it idee dat sy wolris tsjin in muorre prate, by wize fan sprekken dan. Studinten fan de Academie foar Popkultuer brochten dit sprekwurd ta libben.
Op it plein foar it stasjon fan Ljouwert stiet de muorre op tsjiltsjes. In soad foarbygongers sjogge der nuver nei wannear't se der del rinne.
Dochs steane der al gau minsken omhinne, drok yn it spier mei plakbriefkes om harren hert te luchtsjen. Aïsha Stalman, ien fan de fiif inisjatyfnimmers, sjocht grutsk ta.
"Allemaal lopen we met dingen rond die je eruit wilt schreeuwen", fertelt Stalman. "Hier is die muur."
De studinten kamen op it idee om't se graach hearre wolle wat der spilet by minsken yn 'e stêd. De muorre mei post-its moat soargje foar in puer, anonym en ûnfiltere lûd.
Alle Ljouwerter skriuwsels wurde sammele en byinoar brocht ta in minydokumintêre. It dreamsenario fan de inisjatyfnimmers is dat de gemeente meisjocht en ynspiraasje opdocht út wat har ynwenners dwaande hâldt.
Lege batterij
Wat minsken dwaande hâldt is hiel ferskaat: de briefkes sjitte fan 'veel junks in de stad' nei 'ik heb geen zin in huiswerk'. In frou dy't drok oan it skriuwen is fertelt dat se yrritearre is troch de batterij fan har elektryske fyts alwer leech is.
Op 'e fraach op it ek ferrommet dat se har frustraasjes opskriuwe kin, seit se: "Het liefst ram ik het bord omver."
In oare frou skriuwt op dat se oan in wike rêst ta is nei't se op stap west hat mei har sus, mar der wurde ek serieuze saken opskreaun.
In jonge skriuwt dat er it noflik fine soe dat minsken him yn it Nederlânsk oansprekke omdat er ek gewoan in Nederlanner is.
De reaksjes fan foarbygongers op de muorre binne posityf. "Het is een stukje menselijkheid en herkenning, om die alledaagse dingen te lezen", seit ien.
"Ik vind het erg origineel, misschien halen andere mensen er wel inspiratie uit", fertelt in oar.
Eksperimint
De muorre stiet op ferskate plakken yn de binnenstêd fan Ljouwert, lykas it Saailân. Foarearst is dit it iennige eksperimint.