Dit binne de lokkige finers fan 3.000 euro yn Dolsterhuzen: “Onwerkelijk, eigenlijk”

Quinten Troost, Lianne van Griethuysen en Bert Jan van Griethuysen © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
De 3.000 euro dy't it Instagramaccount Money Search Holland ferstoppe hie yn Fryslân, is fûn yn Dolsterhuzen. De lokkige fiif ûntdekkers ferdiele it jild.
De resinte 'money drop' is ôfrûne snein ûntdutsen troch Lianne van Griethuysen fan De Lemmer, har heit Keimpe, broer Bert Jan, freon Quinten en in kunde fan harren.
Yn gearwurking hawwe de fiif de 3.000 euro fûn, ûnder wat stiennen ticht by it wetter yn Dolsterhuzen.
Sy wiene net de iennige jildsikers op it strân: "Iedereen ging er achteraan", seit Lianne.
Yn totaal wiene der 300 minsken yn Dolsterhuzen ôfrûne snein, allegear mei it doel om 3.000 euro riker werom nei hûs te gean.

Money Search Holland

It Instagramaccount Money Search Holland, mei 50.000 folgers, stiet bekend om syn money drops.
Jild wurdt ferstoppe op ferskate plakken yn it lân, folgers krije de kâns om it te finen, de earste dy't it fynt, mei it jild hâlde.
Mei help fan hints dy't op it account pleatst wurde, wurdt de syktocht wat makliker.
Guontiden giet it om in bedrach fan 100 euro, lykas ferline wike yn de Prinsetún yn Ljouwert, mar it kin ek oprinne oant 5.000 euro.
Dêrfoar jildt: wat heger it bedrach, wat dreger it te finen is.
Foar in ekstra bedrachje yn 'e moanne kinst abonnee wurde fan Money Search Holland, dan krijst ekstra help. Lianne is dêr ien fan.
"Daar staan allemaal extra hints en tips, daar worden ook stickers op geplaatst. Zo zijn wij hier terechtgekomen."
Mei 40 oare minsken om harren hinne begûn it team oan syn tocht.
"Wij waren hier al vroeg, dus we gingen gewoon zoeken", seit Bert Jan.
It eksakte sykgebiet waard troch ien fan de lêste hints wol dúdlik: links fan de tsjerke. Abonnees krigen in ekstra tip: sjoch op it strân.
"En toen kwam de laatste hint dat het in een straal van 50 meter was. Dus wij zijn allemaal een andere kant op gegaan", leit Bert Jan út.

Heit fynt it jild

It jild lei net op in plak dat samar te sjen wie, nammentlik ûnder in stien.
It is heit Keimpe dy't it jild úteinlik fûn hat: "Mijn vader is hierachter gaan zoeken. Hij kwam terug en zei 'ik ben er wel klaar mee, wij gaan naar huis'. Maar toen kwam er een grote lach en hield hij in zijn hand het geld en zei 'ik heb het gevonden!'."
Dat hie Lianne net ferwachte: "Het voelt onwerkelijk, eigenlijk. Ik had niet verwacht dat wij het zouden vinden."
De winners sille it bedrach ferdiele, sa krijt eltsenien 600 euro.
"We hebben met z'n allen gezocht, dus dan delen we het ook eerlijk", leit Quinten út.

Bûssint foar de fakânsje

Wat se mei it jild dogge meie se sels bepale, Quinten hat al in idee wat hy mei it jild dwaan wol.
"Lianne en ik gaan samen op vakantie binnenkort. Nu met een lekker zakcentje erbij."
De jildsikers binne tefreden. Mar fierder gean mei de syktochten, dat sjogge se net sitten. "Dat laten we dan toch echt aan de rest over. Dan geven we anderen ook een kans", seit Lianne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.