De 'Stiennen man' fan Rottum stiet by Jappie yn 'e tún
Ynienen betocht er it. Fan stiennen yn syn rotstúntsje koe Jappie Jonkman fan Rottum ek wol in byld meitsje. En sa ûntstie de 'Stiennen man' dy't no by Jonkman foarhûs stiet.
Jappie is ek wol wiis mei syn kreaasje. It leafst soe er de stiennen man meinimme as se ferhúzje moatte nei bygelyks in âldereinwenninkje. "Dan woe 'k dit wol mei ha, mar ik kin it net ûnder de earm nimme."
Hy hat ek wolris neitocht oer in oare bestimming fan it byldsje.
"Ik ha út de gek ris sein: 'Dit wurdt myn grêfstien'. Set ik der in rustfrij stielen plaatsje op, sette jo dêr de namme ensa op. Ik bin der wol in bytsje oan hechte."