Henk de Jong slút trainerskarriêre ôf: "De fuotballeafde tusken mysels en dizze klup bliuwt"

Henk de Jong sit op de bank nei't de wedstriid foar de twadde kear staakt is. © Dijks Media
Wat in feestlike jûn wurde moatten hie, waard der ien mei in swart rantsje. Troch ûngeregeldheden by it útfak fan Vitesse lei de wedstriid twa kear stil en kaam it úteinlik ta in definitive staking. Haadtrainer Henk de Jong sjocht werom op de wedstriid.
Wylst elkenien yn de katakomben fan it Kooi Stadion praat oer de ûngeregeldheden om de wedstriid hinne, praat De Jong sels it leafst oer fuotbal.
Hy begjint it petear mei in analyze fan de wedstriid. "Wy hawwe terjochte wûn", seit er. "Mar dat wie net maklik tsjin dizze ploech, mei tsien man meitsje se ek noch in goal."
"Dan witst wol, as wy de kop derby hâlde en ik as trainer gjin gekke dingen doch, dan komt it goed."
Doe't Ichem Ferrah yn de 86ste minút de winnende makke, wie de Jong bliid. "Se koenen it net mear berinne, dêr winne we de wedstriid."
Alle heisa om de wedstriid hinne, gie gruttendiels oan De Jong foarby. Dochs die it him wol wat dat de supporters in pear kear foar him songen en dat syn famylje nei de wedstriid op it fjild stie.
"Se hienen my thús neat ferteld. Ik ha al in kear frege: 'Is der wol wat regele?' Mar Diana, dy doerak, sei dat se fan neat wist. Ik hie wol wat ferwachte, mar net dat se dêr stean soenen."
De Jong kaam dêr efkes op in brekpunt. "Wy ha tegearre sa'n soad meimakke, se hat my leard om alles te relativearjen. As der wat wie, prate ik efkes mei har en wie ik it kwyt."
Grut spandoek foar De Jong © Dijks Media
It gefoel wie wol oars foar de wedstriid, fertelt De Jong. "Ik bin altyd dwaande mei de wedstriid, mar ik sjoch en hear alles."
"Ik haw der echt fan genoten, ik wie gespannen en hie in frjemd gefoel yn 'e búk."
De Drachtster dielde syn gefoel foar de wedstriid ek mei de spilers. "Sy ha my dertroch sleept."

Fjoerwurk 'hiel ferfelend'

De wedstriid waard yn de 87ste minút definityf staakt doe't der foar de twadde kear fakkels út it Vitesse-fak yn de rjochting fan de Cambuur-oanhang smiten waarden.
"Hiel ferfelend", fynt De Jong. "Mar ik nim de spilers en de stêf fan Vitesse neat kwealik."
De trainer fynt boppedat dat Cambuur better taret wêze moat op dizze sitaasjes. "Takom jier ha wy hjir elke wike in útfak mei 750 man, dit mei net wer barre en wy moatte sjen hoe't we dat foar-inoar krije."

149 wedstriden

Remco Balk wie ien fan de spilers dy't freed ôfskied naam by Cambuur. Hy spile 149 wedstriden foar de klup. "Het is lastig, maar het is mooi om het zo af te sluiten", seit Balk.
"De supporters waarderen me hier, na Thijs (Jansen, red.) heb ik dit seizoen de meeste wedstrijden gespeeld."
De wedstriid tsjin Vitesse wie fûl, fielde Balk fan it earste momint ôf. "Ik denk vooral een heel opgefokt Vitesse, dat begint bij de trainer", fertelt er. "Het is jammer dat de supporters het overnemen, dat verpest het wel op zo'n avond."
"Heel mooi dat ze met zoveel mensen komen, maar hoe ze het in hun hoofd halen om met vuurwerk te gooien... Daar begrijp ik niks van."

Oer trije moannen wurkleas

Foar Balk sit syn tiid yn Ljouwert der hast op. Nije wike de huldiging, dêrnei giet de ploech nei Ibiza foar in feest en dan is it klear.
De middenfjilder wit noch net wêr't hy yn it nije seizoen terjochte komt. "Het liefste ga ik naar het buitenland, maar het is afwachten. Clubs willen eerst weten waar ze volgend jaar spelen en beginnen dan met het halen van spelers."
"Zoals het nu lijkt ben ik over drie maanden werkloos, maar we zien wel wat er gebeurt."

Fuotballeafde

It lêste wurd is oan de trainer. Wat bliuwt him it meast by nei syn lêste wedstriid as Cambuurtrainer? "Dat de fuotballeafde tusken my en dizze klup altyd bliuwe sil."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.