Kees van Wonderen oer syn tiid by sc Hearrenfean: "Ik wilde een andere route kiezen"

Kees van Wonderen yn de Sportcast © Omrop Fryslân
Kees van Wonderen seit dat sc Hearrenfean wer goeie seleksjes gearstalt. De âld-trainer ferliet de klup yn 2024 nei't hy it net iens mei it belied wie.
"Ik was kritisch op hoe het elftal werd samengesteld", seit Van Wonderen oan tafel yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Daarom wilde ik niet blijven en koos ik een andere route."
De 57-jierrige Bennekommer stie fan 2022 oant 2024 as trainer fan Hearrenfean oan it roer. Yn dy perioade waard hy 8e en 11e. "In mijn tijd kwamen de jongens waarvan je je afvroeg of ze wel nodig waren."
No is dat neffens him oars by Hearrenfean en stean der wer de goeie spilers op it fjild. Van Wonderen is fan miening dat de klup stappen set hat. Benammen it oanlûken fan Johan Hansma as technysk manager hat de klup in protte opsmiten.
"Ik vind dat Heerenveen nu logischere keuzes maakt", seit er.

Sportcast harkje of sjen

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Dizze winter waard Van Wonderen noch yn ferbân brocht mei in oerstap nei Feyenoord. Hy soe dêr de rol fan technysk direkteur ynfolje moatte.
Nei petearen mei Dennis te Kloese (algemien direkteur) en Robin van Persie (trainer) hat Van Wonderen lykwols betanke. Hy wol foarearst net nei Rotterdam.
"Als je gaat werken met mensen, dan moet je het gevoel hebben dat je gaat samenwerken. Als je dat niet hebt, dan moet je dat niet willen. Daarom heb ik gezegd: we gaan het nu niet doen."
Dêrmei lit Van Wonderen lykwols de doar op in kier en kin it wêze dat hy letter de oerstap makket.

Milan van Ewijk nei de Premier League

Yn de Sportcast giet it fierder noch oer Cambuur, dat nei de promoasje net mear op folle toeren draait.
Njonken dat komt Milan van Ewijk oan it wurd. De 25-jierrige âld-spiler fan sc Hearrenfean promovearre dit wykein mei Coventry City yn Ingelân nei it heechste nivo.
Wat dat docht mei him en de stêd? Dat hearst yn de Sportcast.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.