Plysje en dûane kontrolearje bedriuweterrein op It Hearrenfean

Meiwurkers fan de plysje, hanthavening en dûane diene mei oan de aksje © NoorderNieuws
Meiwurkers fan de plysje, hanthavening en dûane ha tiisdeitemoarn op It Hearrenfean in kontrôle-aksje hâlden. Dat barde op it bedriuweterrein Haskerveen, njonken de sneldyk A7.
Der binne meardere bedriuwsromten kontrolearre. Oft der strafbere saken oantroffen binne, is op dit stuit net bekend.
De aksje wie rjochte op it tsjingean fan ûndermining. Der waard sjoen nei fergunningen, opslach en mooglike yllegale aktiviteiten.
Mear 112-nijs fynst yn ús livebloch hjirûnder:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.