LDODK op drompel fan earste finale yn kluphistoarje, mar sûnder coach Niebeek
Kuorbalklup LDODK moat it de rest fan it seizoen dwaan sûnder coach Jan Niebeek. Hy is foarriedich skorst en de tuchtsaak wurdt op syn betiidst takom wike behannele.
Niebeek waard skorst nei ûngeregeldheden yn de earste healefinalewedstriid tsjin DVO. Hy soe in spylster fan DVO treaun ha. Niebeek sit dêrom tiisdeitejûn net op de bank, mar op de tribune.
LDODK kin him tiisdei, mei assistint-trainer Friso Boode as ferfanger fan Niebeek, foar it earst yn de kluphistoarje pleatse foar de finale om it lânskampioenskip. De Gordyksters moatte dan yn eigen hûs ôfrekkenje mei DVO út Bennekom.
Beslissingswedstriid
LDODK pleatste him as twadde foar de play-offs en hat dêrom yn de heale finale it thúsfoardiel tsjin DVO. Dochs moast de ploech fan Jan Niebeek yn de efterfolging, nei't DVO ferline wike yn Langsweagen mei 29-31 te sterk wie.
Ofrûne wykein luts LDODK de stân wer yn lykwicht (20-22), wêrtroch't tiisdei de beslissing falt.
Foar LDODK soe de finale in primeur wêze. De Gordyksters spylje sûnt 2012 op it heechste nivo, wienen in pear kear hiel ticht by 'Ahoy', mar berikten de finale noch noait. DVO stie twa kear yn de finale (2023 en 2024), mar ferlear beide kearen.
Heale finale al faak einstasjon
LDODK helle al ferskate kearen de heale finale fan de play-offs, wêrûnder de lêste trije seizoenen.
Yn 2023 wie PKC mei 2-0 te sterk, in jier letter ferlear LDODK mei 2-0 fan DVO.
Ferline jier kaam it tsjin Fortuna oan op in beslissende tredde wedstriid, dy't ferlern gie. It grutte ferskil mei no: ferline jier hie LDODK gjin thúsfoardiel, dizze kear wol.
De wedstriid tusken LDODK en DVO begjint om 20.30 oere yn in útferkochte sporthal Koartsweagen.
De winner nimt it kommende sneon yn Ahoy op tsjin seisfâldich lânskampioen Fortuna út Delft.