Switte en stinne yn it gymnastyklokaal: dit moatsto witte foar de eineksamens

Kop derfoar! © ANP
Do bist miskien wol ien fan de goed 7.100 Fryske learlingen dy't dizze wike eineksamen docht. It is derop op derûnder: dit moatst witte om goed taret te wêzen.
It sifer op it sintraal skriftlik eineksamen is de helte fan it einsifer. De oare helte is it gemiddelde fan skoaleksamens dy't earder ôfnaam binne.
In goede tarieding is dus wichtich. Guon learlingen namen byles yn 'e fakânsje, oaren nimme de oantekeningen nochris troch of keapje gearfettingen.

Oer de eksamens

Foar havo en vwo begjinne de eksamens op 8 maaie mei filosofy en Nederlânsk (havo) en keunst en bedriuwsekonomy (vwo). De learlingen van vmbo tl-gl, geane middeis oan de gong mei wiskunde.
Yn totaal binne foar alle nivo's byinoar 11 eksamendagen. Op 26 maaie is de lêste dei foar vmbo tl/gl foar de learlingen dy't Spaansk, Arabysk of Turks dogge.
Op 27 maaie bûgje havo en vwo har oer dyselde talen, mar ek oer it Frysk. Yn totaal dogge 200 Fryske learlingen eksamen yn de memmetaal, jout DUO oan.
Fierder is yn Fryslân ien persoan dy't him op datselde tiidstip oer it eksamen Russysk bûget.
Foar basis- en kadernivo binne de eksamens net ynroastere. De eksamens binne digitaal en skoallen meie se sels ynplanne.
De eksamenstof stiet ek op de webside lerenvoorhetexamen.nl. Dêr binne foar alle fakken teksten, filmkes en sels livestreams te finen.
Op mijneindexamen.nl is wer praktyske ynformaasje te finen, lykas it roaster of ynformaasje oer hokker helpmiddels oft tastien binne.

Hoe lang duorje de eksamens?

Foar in eksamen krijst by vmbo-tl/gl twa oeren de tiid. Op de havo en it vwo hawwe learlingen trije oeren de tiid om it eksamen troch te wrakseljen.
Bist al nei trije kertier klear? Moai, mar do moatst noch efkes sitten bliuwe.
Fryske eksamenkandidaten en it slaggingspersintaazje © Omrop Fryslân
Op de measte skoallen jildt datst it earste oere net fuort meist. Faak meist it lêste kertier ek net mear fan 'e stoel om te soargjen dat de learlingen dy't noch net klear binne, net ôflaat wurde.
Bern mei dysleksy meie in healoere langer dwaan oer it eksamen.

Wat asto siik of te let bist?

Silst krekt sjen dat de brêge iepen stiet of datst wekker wurdst mei 39 graden koarts!
Soks kin gebeure, fansels. Om it earste foar te kommen, is it de bedoeling datst in healoere yn 't foar nei de eksamenseal komst.
Dus net om 09.00 oere oankakken komme, mar dy melde om 08.30 oere. Middeis net 13.30 oere nochris binnenstappe, mar om 13.00 oere presint wêze.
Bist der net, dan bellet de skoalle dy of dyn âlden om te hearren wêr'tsto krekt bliuwst. Mar bist der om 09.00 oere of 13.30 oere noch net, dan hast pech en meist it eksamen net meitsje. It kin wêze datst in ien krijst.

Steatseksamen

Net eltsenien kin op reguliere wize eineksamen dwaan. Dêrfoar bestiet de mooglikheid fan it steatseksamen.
Dat jildt bygelyks foar bern dy't thúsûnderwiis folgje, âlderein, minsken dy't yn 'e finzenis sitte of foar topsporters. Learlingen op it fuortset spesjaal ûnderwiis en learlingen op Bonêre meie ek steatseksamen dwaan.
Dit jier binne der 9.550 kandidaten dy't yn ien of meardere fakken steatseksamen dogge.
Siik wurde, dat kin eltsenien oerkomme. Mar de skoalle moat dit wol sa gau as mooglik witte.
De skoalle jout dit troch oan de ynspeksje, sa meisto it fak oerdwaan sûnder dat it te'n koste giet fan de werkânsing.

Wat moatst meinimme nei it eksamen?

De measte skoallen meitsje in listje mei dêrop de saken dy'tsto meinimme moatst.
Watst foaral nét ferjitte moast, is dyn ID-bewiis. Ek al hast fjouwer, fiif of seis jier troch de gongen strúnd, de skoalle is ferplichte dyn identiteit offisjeel te kontrolearjen en fêst te stellen.
Yn dyn etuit fierder net ferjitte om skriuwmateriaal mei te nimmen: blauwe en swarte pinnen binne tastien. In pear ekstra is noait ferkeard, mocht dyn pinne it net dwaan.
Sssst! © ANP
Skriuwe mei in reade pinne mei net: dy kleur brûkt de dosint faak by it neisjen. Potlead en gom binne ek maklik. Dan kinst nochris wat ferbetterje.
By guon fakken hast in grafyske rekkenmasine nedich. Dêr kinst yn 't foar fan alles yn programmearje en formulen yn opslaan, mar dat sil dy by it eksamen net helpe.
De skoalle kontrolearret en reset nammentlik yn 't foar de rekkenmasine. Tip: soargje foar nije batterijen of soargje derfoar dat it apparaat goed opladen is.
It fertroude byld: in seal fol learlingen © ANP
Wat iten en drinken meinimme, is ek net ûnferstannich. Want do wolst net mei de eksamens hawwe datst dy net mear konsintrearje kinst, omdat de mage leven begjint te meitsjen.

Wannear kin de flagge út?

Op tongersdei 11 juny wurdt bekend oft learlingen slagge of sakke binne.
Op dy dei krije de skoallen te hearren wat de N-term by alle fakken wurden is, mei oare wurden: hoe strang oft de eksamens beoardiele wurde.
Dan kinne de dosinten útrekkenje watfoar sifer oft in learling krijt. Dat jouwe se noch deselde dei troch oan de learlingen en dan kin hooplik by dy de flagge út.
Skoallen jouwe faak troch oan de learlingen op hokker tiidstip oft se belle wurde kinne.
Soks is net ûnferstannich om ek efkes oan paken, beppen en omkes en muoikes troch te jaan. Silst krekt sjen dat se dy belje om te freegjen oftst al senuweftich bist op it momint dat de mentor belje kin.
Dit wolle we graach sjen, kom op! © ANP
Fierder is it wichtich om fêst de flagge klear te setten en taart yn 'e hûs te heljen. Ast goed nijs hast, is it fansels feest. Mar ast sakke bist, hast ek in taartsje fertsjinne: want do hast grif goed dyn bêst dien.
En de flagge? Ast it helle hast, mei eltsenien it fansels witte. Dus helje noch ien kear dyn skoaltas foar it ljocht en hingje 'm mei flagge en al oan de gevel of yn it topke fan de mêst.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.