40 jier Jopie Huisman Museum: publyk mei fergees nei binnen
It hoegde om Jopie Huisman eins net: in eigen museum. It kaam der 40 jier lyn dochs yn it sintrum fan Warkum. Reden foar in feest en dus gienen de doarren iepen en koe eltsenien fergees nei binnen.
It ferhaal fan it museum begjint yn 1984. Dan wurde trije skilderijen stellen by in eksposysje yn Nuenen. Huisman wol dat al syn skilderijen fuort weromkomme en wol net mear eksposearje. "Hij beschouwde de schilderijen als zijn kinderen", seit direkteur Peter Miedema.
Freonen en minsken dy't syn wurk bewûnderje, oertsjûgje him om syn wurk net efter sletten doarren te hâlden en sa ûntstiet yn it Sleeswijckhuys it museum.
Dy begjintiid wie bysûnder, seit Miedema: "Het was uniek dat Jopie bij leven een museum kreeg. Tot zijn dood in 2000 liep hij hier ook apetrots rond."
Katedraal fan de keunst
Dat soarge ek foar in soad besikers. Yn de begjintiid wienen it der elts jier om de 120.000, 150.000 hinne. It makke dat de earste lokaasje net langer hâldber wie. It âlde skoalgebou oan de oare kant waard opkocht en dêr waard Jopie syn 'Kathedraal van de Kunst' yn 1992 iepene.
"We hebben berekend dat er door de jaren heen zo'n 2.7 miljoen mensen moeten zijn geweest."
Yn it museum sitte se net stil. In pear jier lyn is begûn mei de útwreiding. Elts healjier iepenet yn de nije fleugel in wikselútstalling. Miedema: "We komen daardoor ook heel erg in de belangstelling. Dat zorgt voor een constante stroom bezoekers."
It museum libbet
It geheim fan it museum sit 'm neffens Miedema ek yn wa't Jopie Huisman wie, syn garisma. "Dat gebruiken wij nog steeds in de filmpjes en de audiotour. Het museum leeft nog steeds, 26 jaar na het overlijden van Jopie."
Op 24 april iepenet yn it museum de nije útstalling 'Betoverd' fan Kenne Grégoire.