Dylan Vente stiet wer op it trainingsfjild nei 'paspoortgate': "Voelde als coronatijd"
Dylan Vente stiet wer op it trainingsfjild by sc Hearrenfean. De 26-jierrige oanfaller hat syn wurkfergunning binnen en mei dit wykein tsjin AZ wer meidwaan. "Het voelde een beetje zoals de coronatijd."
Vente moast oardel wike lyn ynienen ophâlde mei trainen en spyljen, om't bliken die dat er syn Nederlânske nasjonaliteit kwytrekke wie.
De oanfaller kaam yn it ferline fjouwer kear út foar it Surinaamske alvetal en dat hie ûnferwachte gefolgen: sûnder Nederlânsk paspoart hie er gjin jildige wurkfergunning mear.
Net op de klup
Hy mocht dêrom net op it klupkompleks komme. "Je voelt je geen onderdeel meer van het team", seit Vente dêroer.
"Ik mocht niet op de club komen, geen interviews geven, zelfs geen kleding van Heerenveen dragen."
De wedstriid tsjin Heracles Almelo seach Vente net yn it Abe Lenstra stadion, mar thús op de bank yn Rotterdam.
"Als je niet mag trainen, kan je maar beter niet hier je gezicht laten zien", seit Vente. "Je weet nooit wat de eventuele consequenties zullen zijn."
Goals meitsje tsjin syn broer
"Ik had wel contact met de staf om mijn conditie een beetje op peil te houden. En samen met mijn vader en broer heb ik nog tegen een bal aan getrapt. Mijn broer is keeper, dus ik kon een paar ballen op hem afwerken. En ja, ik heb ook gescoord haha."
'Paspoortgate'
Sûnt in pear wiken waarden der yn it Nederlânske betelle fuotbal fraachtekens pleatst oft guon spilers wol spylberjochtige binne. It giet dan om spilers dy't berne binne yn Nederlân, mar ek útkomme foar in nasjonaal alvetal bûten Europa.
Dylan Vente is sa'n spiler mei in dûbele nasjonaliteit, hy kaam 62 minuten (ferdield oer fjouwer ynfalbeurten) út foar it nasjonale alvetal fan Suriname.
Woansdei trainde Vente foar it earst wer mei de groep mei. De ûntfangst wie hertlik. "Toen ik aankwam gingen de jongens allemaal juichen", seit Vente.
"Dat was wel lachen. Maar het was natuurlijk een rare situatie en ik ben blij dat het nu voorbij is."
Rotterdamske mentaliteit
De spits hat no syn wurkfergunning krigen en kin snein ek wer meispylje as Hearrenfean it yn Alkmaar opnimt tsjin AZ.
Oant no ta jout trainer Robin Veldman noch de foarkar oan Lasse Nordas yn de punt fan de oanfal.
"Lasse doet het goed", seit Vente. "Dat is ook goed voor het team. Maar ik heb een Rotterdamse mentaliteit en ga hard werken op de training en tijdens mijn invalbeurten. Op de training heb ik er alweer een paar ingeschoten, dus dat moet goed komen."