Nicky Souren twivelet oer takomst by Cambuur: "Nadenken wat het beste is"
Nicky Souren belibbe by Cambuur in seizoen fan utersten: earst yn in rol as wiksel, mei yn 'e winter de winsk om fuort te gean. Dêrnei wie hy basisspiler yn de striid om promoasje. Oft de 26-jierrige middenfjilder de earedivyzje yn sil mei syn klup, is noch mar de fraach.
"Ik ga de komende tijd echt goed nadenken wat voor mij het beste is", seit Souren.
De Limboarger hat in kontrakt foar noch in jier by Cambuur, mar hy tinkt dat er dan minder spylje sil. Cambuur selektearret troch en is op syk nei nije spilers dy't klear binne foar it nivo fan de earedivyzje.
"Ik hoef niet weg, maar de kansen om te spelen worden minder. Dan is het voor mij ook de vraag wat ik moet doen."
Souren spile yn it ferline by Roda JC en MVV Maastricht en kaam yn de simmer fan 2024 nei Cambuur.
It earste jier wie hy oanfierder en fêste basisspiler, mar dit seizoen wie dat oars. Hy kaam op de bank en yn desimber seach hy al om him hinne nei oare klups.
Dochs feroare dat doe't hy yn jannewaris hieltyd mear oan spyljen takaam. Hy waard wer fêste basisspiler en bleau yn Ljouwert. Souren spile dit seizoen úteinlik 29 wedstriden.
"Ik merkte in 2026 dat het anders werd. Ik zat er beter in en kreeg veel meer vertrouwen. Ethan (Apkakou, in konkurrint fan Souren red.) had tijd nodig en toen heb ik mijn kans gepakt."
Cambuur spilet noch trije wedstriden
Noch trije wedstriden en dan is de kompetysje foar SC Cambuur klear. De earste is freed út tsjin FC Den Bosch.
Cambuur is al promovearre en de titel is offisjeus foar ADO Den Haag. Allinnich by trije ferliezen fan de Hagenezen en trije kear winst fan Cambuur giet de titel dochs noch nei Ljouwert.
De wedstriid begjint om 20.00 oere en is live te folgjen fia Omrop Fryslân radio en op ús webside is der in bloch.
Souren sjocht dat syn konkurrinten harren hieltyd mear thúsfiele yn Ljouwert en de kâns op in basisplak wurdt takom seizoen lytser. Mei syn 26 jier seit hy ek klear te wêzen foar in oar aventoer.
"Het is een mooie leeftijd voor een stap naar het buitenland. We gaan het na het seizoen zien en het is afwachten wat de club en ik willen. Daar gaat nog wel enige tijd overheen, het moet van meerdere partijen komen."
Yn petear mei Plat
Cambuur krijt mei Johan Plat in nije trainer en dus is de fraach watfoar spilers oft dy opstelle wol. Souren hat wol mei him sprutsen, mar noch net ynhâldlik.
"We hebben alleen onszelf aan elkaar voorgesteld. Daar kan ik nu dus niks over zeggen. We hebben nog niet over mijn prestaties en toekomst gesproken."
De kâns is dus oanwêzich dat de kommende trije wedstriden de lêste fan Souren by Cambuur binne. Dochs wol hy der noch net te bot oer neitinke.
It giet him om trainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen in stap weromdocht.
"We willen dit oprecht goed afsluiten voor Henk, want die verdient dat. Daarna ga ik zelf wel kijken wat er komt. We zien het wel."