Offisjeel: Johan Plat wurdt de nije trainer fan SC Cambuur
It nijs hong al langer yn de loft, mar no is it offisjeel. Johan Plat wurdt de nije trainer fan SC Cambuur.
De 39-jierrige Purmerender tekenet in kontrakt foar twa jier. Hy sil mei Cambuur de earedivyzje yn, nei't de Ljouwerters earder promovearren nei it heechste nivo fan Nederlân.
Plat wie earder dizze wike taskôger by de wedstriid SC Cambuur - FC Dordrecht (1-1).
"Ik ben enorm blij en trots om voor deze club te mogen werken", seit Plat op de webside fan de klup.
"SC Cambuur is een echte volksclub met fanatieke supporters en een prachtig nieuw stadion. De huisstijl in Leeuwarden is aanvallend en attractief voetbal en dat is precies waar ik ook voor sta."
"Ik kan niet wachten om er samen met iedereen binnen de club iets moois van te maken en de volgende stap te zetten in de Eredivisie."
Plat is in relatyf ûnbekende namme foar it grutte publyk. Hy wie trainer by de jeugd fan Volendam en waard letter assistint fan Dick Schreuder by PEC Zwolle en Castellon, in klup op it twadde nivo yn Spanje.
By Castellon naam hy it in healjier oer nei't Schreuder dien krige. Yn september 2025 waard Plat sels ek op strjitte set.
De stap foar Plat past neffens technysk manager Lars Lambooij yn it beliedsplan dat Cambuur skreaun hat oer it paad dat de klup de kommende jierren bewannelje wol.
De titel 'jong en ambitieus' soarge dêrfoar dat al gau trainers út dy kategory op de radar kamen.
"Het begin van een nieuw tijdperk", seit Lambooij. "De positie van hoofdtrainer is misschien wel de belangrijkste positie binnen de club en daar moet je altijd klaar voor zijn."
"Toen Henk bij ons had aangegeven een stap terug te willen doen, konden we snel schakelen."
"Johan maakte in de gesprekken die we hebben gehad een uitstekende indruk, zowel voetbalinhoudelijk als op menselijk vlak. Zijn attractieve manier van spelen past haast naadloos bij waar wij als club voor staan en ik kijk uit naar een succesvolle samenwerking."
SC Cambuur wie al langer opsyk nei in nije haadtrainer, nei't Henk de Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân bekend makke dat hy in stap werom docht.
De Jong wurdt assistint fan Plat, mar hy wol net mear de wichtige skeakel fan de stêf wêze. De 61-jierrige Drachster sil helpe, mar minder op de foargrûn trêde.
"Hij wordt daarom ook niet de rechterhand van de trainer", sei algemien direkteur Ard de Graaf earder. "Henk dient echt alleen als hulp. Dat is een groot verschil met andere assistenten."
Start yn july
De Jong makket dit seizoen ôf en dus moat Plat noch efkes wachtsje foar't hy echt los kin.
Cambuur spilet op 24 april de lêste wedstriid thús tsjin Vitesse.
Yn de tarieding op it nije seizoen foar de earedivyzje yn july stiet Plat foar it earst foar de groep.