Hat Hearrenfean wat yn Europa te sykjen? Verbeek tinkt fan wol: "Conference League is prima te doen"

Gertjan Verbeek © Orange Pictures
By sc Hearrenfean dreame se fan Europeesk fuotbal. Sels plak 5 is noch realistysk, mar dan is in goed resultaat tsjin AZ wol needsaaklik. It ferskil op de ranglist tusken beide ploegen is mar ien punt, yn it foardiel fan de Alkmaarders.
Yn de oanrin nei dizze wedstriid belje wy mei Gertjan Verbeek. Hy is tsjintwurdich fuotbalanalist, en hat by sawol Hearrenfean as AZ haadtrainer west.
Hoe fynsto dat Hearrenfean op it stuit fuotballet?
"Het is erg leuk om naar te kijken. Al vind ik wel dat ze soms eerder de trekker moeten overhalen. Dan strandt het allemaal in schoonheid."
En hoe fynsto dat Robin Veldman it docht?
"Als je kijkt naar de complete staf, dan is die jong en onervaren. Maar ze hebben het wel aangedurfd om de aanvoerder (Luuk Brouwers, red.) ernaast te zetten. Dat is moedig. Ik vind ook dat het middenveld zonder Brouwers beter functioneert."

Gertjan Verbeek by sc Hearrenfean en AZ

Klupikoan Gertjan Verbeek hat in lange histoarje mei sc Hearrenfean. As spiler (1984-1994), as assistint-trainer (1994-2001) en as haadtrainer (2004-2008) wie hy oan de klup ferbûn.
Tusken 2010 en septimber 2013 stie Verbeek oan it roer by AZ. Yn dy perioade pakte er mei de Alkmaarders de KNVB beker.
Wa is neffens dy de bêste spiler fan sc Hearrenfean?
"Ik vind de as erg sterk en ben vooral gecharmeerd van Marcus Linday. Die was de eerste helft tegen Heracles ook erg goed. Lasse Nordås is niet alleen een afmaker, maar ook een aanspeelpunt. En Ringo Meerveld rendeert beter op '10' dan als linksbuiten. Dat zijn wat mij betreft de blikvangers. En Joris van Overeem is de smeerolie.
Een minpuntje vind ik het centrale duo. Ik vind dat zij nog te veel foutjes maken."
Gertjan Verbeek yn syn perioade by AZ © Orange Pictures
Wat is de krêft fan dit AZ?
"Bij AZ hebben ze een duidelijke, herkenbare visie. dat is bij Heerenveen veel minder. Zo hebben ze met Leeroy Echteld de zoveelste trainer die ze zelf hebben opgeleid. Het voordeel daarvan is dat ze de spelers goed kennen, niet alleen de kwaliteiten, maar ook de karakters."
Heerenveen komt fysiek tekort voor de Europa League
Fuotbalanalist Gertjan Verbeek
Hat Hearrenfean eins wat te sykjen yn Europa?
"Waarom niet? Als het de Conference League wordt, dan is dat prima te doen. Maar ik vind dat Heerenveen voor de Europa League tekortkomt. En dan bedoel ik vooral fysiek."
Wa sil dizze wedstriid winne? Wa is de favoryt?
"Dat is AZ. Een aantal geblesseerde spelers komen nu weer terug (Jordy Clasie en Mexx Meerdink, red.) en er spelen daar een aantal grote talenten. Ze hebben meer ervaring en meer kwaliteit dan Heerenveen."

Live by Omrop Fryslân

De wedstriid AZ- sc Hearrenfean begjint snein om 16.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.
It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Dêrneist hoege jo ek online neat te missen, want op ús webside en yn de Omrop-app is der in livebloch.
"Dat AZ deze week in de Conference league heeft gespeeld tegen Shakhtar Donetsk en we vlak voor de bekerfinale zitten, is voor mij geen nadeel. Dan zouden ze heel vermoeid ogen en daar is geen sprake van. Voor mij is AZ de grote favoriet."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.