Kampioenskip út sicht foar Cambuur, takomst Diemers ûnwis

Mark Diemers © Omrop Fryslân
Twadde peaskedei hat in wrange neismaak foar SC Cambuur nei in 1-1 tsjin FC Dordrecht. De titel is offisjeus foar ADO Den Haag en ek oanfierder Mark Diemers giet mooglik fuort.
Nei it lykspul tsjin FC Dordrecht en de winst fan ADO Den Haag (4-0) op FC Eindhoven is it foar Cambuur hast ûnmooglik om it kampioenskip te winnen.
It ferskil is njoggen punten mei trije wedstriden en dus is dit titel offisjeus foar ADO Den Haag, dat in doelsaldo fan tweintich doelpunten foarsprong hat op Cambuur.

Ofrinnend kontrakt Diemers

Dochs wie dat opmerklik genôch net ít petear fan de jûn yn it Kooistadion. It gie benammen oer de stroefe kontraktûnderhannelingen tusken Cambuur in spiler Mark Diemers.
Diemers hat in ôfrinnend kontrakt by SC Cambuur (30 juny) en de fraach bestiet al langer oft de klup ferlingje wol. De 32-jierrige oanfierder wol graach bliuwe en wachtet al moannen op in ferlinging.
Dy liket der lykwols net yn te sitten, want de klup hat neffens him gjin reële oanbieding dien. Cambuur wol in kontrakt foar maksimaal in jier jaan, wêrby't ek noch sprake wêze soe fan salarisferleging.
Mark Diemers nei de iepeningstreffer tsjin FC Dordrecht © Dijks Media
"Er spreekt ook niet veel vertrouwen uit dus dat is niet heel fijn", seit er. "Op 32-jarige leeftijd geeft een contract voor een jaar niet veel zekerheid."
It liket der dus op dat Diemers takom jier net mei de earedivyzje yn giet. Hy besjocht de kommende wiken syn opsjes. "Al hoop ik dat de club en ik nader tot elkaar komen, dat is mijn wens."
Omrop Fryslân hat it bestjoer fan Cambuur om in reaksje frege, mar dy koene oant no ta noch net reagearje.

Diemers skoart tsjin FC Dordrecht

Diemers is dit jier wichtich yn de promoasje fan Cambuur. Hy skoarde sân kear en joech tsien assists.
Ien fan de goals is op peaskemoandei tsjin FC Dordrecht. Fan in meter as tweintich ôf draaide de Ljouwerter de bal yn de krusing.
"Ik stond redelijk vrij voor de zestien meter. Ichem Ferrah komt goed naar binnen en legt de bal perfect neer. Dan raak ik hem perfect en schiet hem zo de verre bovenhoek in."
"Het is überhaupt heerlijk om te scoren, maar om dat in eigen stadion te doen is net iets lekkerder." Nei syn goal draafde er fuortendaliks rjochting de tribunes om it te fieren mei de supporters.
Hy fynt de wedstriid tsjin FC Dordrecht lestich te omskriuwen. "De eerste helft was een beetje flets, weet niet echt hoe dat kan. Ik denk dat het te maken heeft met alles wat er gaande is."
Dêrmei doelt er op 1 april, de deadline foar it opsizzen fan kontrakten fan spilers. "Dat is een spannende datum, dat jongens van alles te horen krijgen. Dan merk je er wel iets van."
"Ik denk dat er een uitbarsting kwam bij mijn goal, maar daarna krijg je een stomme bal tegen en is het 1-1. Het is een oké middag, maar niet meer dan dat."
Henk de Jong sprekt syn spilers ta nei de wedstriid © Dijks Media
Nei de wedstriid die trainer Henk de Jong wat opfallends: hy sammele fuortendaliks syn alvetal yn in rûntsje om se ta te sprekken. "Dit wie de earste kear dat we yn ús stadion wiene nei de promoasje. Dat is echt hiel spesjaal", seit er dêroer.
"Dat is yn sechstich jier mar fjouwer of fiif kear bard. Ik tocht, dan moatte wy in eareronde rinne. We moatte der wol fan genietsje, sa faak ha we dit noch net meimakke. Dit moatte wy ek goed yn de achterholle hâlde."

Grutte bearen efteryn

"It earste kertier fûn ik rêstich", seit De Jong oer de wedstriid. "Sy spylje mei in raar systeem: 5-2-2-1. Dan hast altyd fiif fan dy bearen achteryn. Ast dan in goal makkest, meist hiel bliid wêze."
Dat Cambuur it kampioenskip nei alle gedachten net mear winne sil, docht de trainer net safolle. "Dat wie neffens my al beslist. ADO is folle geroutinearder as wy. Wy spylje no mei jonge jonges en dat dogge we prachtich."

Mem yn it stadion

Foar De Jong wie it in ekstra spesjale wedstriid, want syn mem wie oanwêzich op de tribune. Trochdat de wedstriden fan Cambuur faak jûns binne, kin sy der net by wêze, mar fan 'e middei koe dat wol.
"Sy wit alles fan Cambuur en de supporters en folget alles. It is de lêste kear dat se sjocht dat ik coach, sa simpel is it", glundert De Jong.
Hy hopet by de folgjende thúswedstriid noch in goeie eareronde rinne te kinnen fanwege de promoasje. "We ha 3 maaie fansels noch in feest, mar yn dit stadion moat noch in kear in eareronde foar it promovearjen makke wurde."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.