Meispyljen Dylan Vente noch altyd ûnwis: "Hij mag helemaal niks"
It is noch altyd net wis oft Dylan Vente snein yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo spylje kin. Vente hat in Surinaamsk paspoart en dêrtroch is it net wis oft er wol in goeie wurkfergunning hat.
Robin Veldman, trainer fan sc Hearrenfean, baalt fan de situaasje: "We hebben een spits die niet mag werken voor ons. We adviseren wel wat-ie mag en kan doen. Maar hij mag niks. Geen interviews, geen kleding van de club aan en niet met een trainer werken. Dus hij loopt zijn rondjes op het veld van v.v. Heerenveen."
De ferwachting is dat spilers as Tjaronn Chery en Etienne Vaessen dit wykein wol spylje meie. Dat hat dan wer te krijen mei it feit se in partner en bern yn Nederlân hawwe.
Veldman fynt dat nuver. "Dylan heeft hier belasting betaald. En hij heeft al drie jaar niet meer voor Suriname gespeeld. Dus hij heeft alles gedaan wat moet."
De klup wachtet no op in berjocht fan de IND, dy beoardielet alle fersiken fan minsken dy't yn Nederlân wenje of wurkje wolle. "Misschien mag hij zich daar nog melden voor een stempel in een paspoort."
Folslein fitte seleksje
Hearrenfean spile twa wiken lyn foar it lêst. Alle ynternasjonals binne fit weromkaam. Ek Amourricho van Axel Dongen is fit en kin spylje. Sa hat Robin Veldman de beskikking oer in folslein fitte seleksje.