Henk de Jong krijt skorsing ûnder betingst nei útspraken oer Fryske skiedsrjochter

Henk de Jong © Orange Pictures
Cambuurtrainer Henk de Jong hat in wedstriid skorsing ûnder betingst oplein krigen fan fuotbalbûn KNVB.
Dit is nei oanlieding fan útspraken dy't De Jong die nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Jong AZ (3-4 ferlies). De Jong sei dat skiedsrjochter Wouter Wiersma fan Surhústerfean net kapabel wêze soe om "hjir" in wedstriid te fluitsjen.
De Jong sit freed gewoan op de bank as Cambuur it opnimt tsjin VVV-Venlo.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.