Cambuur nimt ôfskie fan Rölke en twa Ljouwerters, Marsman bliuwt wol

Tony Rölke skoarde tsjin MVV © Orange Pictures
Tony Rölke is dwaande oan syn lêste wedstriden foar SC Cambuur. De klup makket gjin gebrûk fan de opsje dy't it hat om syn ôfrinnende kontrakt te ferlingen.
Dêrmei komt der nei twa seizoen in ein oan it tsjinstferbân fan de 23-jierrige Dútser by Cambuur. Hy spile 61 kompetysjewedstriden en makke dêryn tolve goals, mar it hat net genôch west om de lieding fan de klup te oertsjûgjen.

Fjouwer opsjes

De oanfallende middenfjilder is net de iennige dy't nei dit seizoen fuort moat by de Ljouwerters. Ek Diyae Jermoumi, Toni Jonker en Kian Visser hiene opsjes yn harren kontrakt, dêr't gjin gebrûk fan makke wurdt.
Ljouwerters Kian Visser en Toni Jonker nei de promoasje fan Cambuur © Dijks Media
Dat Visser fuort moat, fertelde de spits ferline wike al nei de promoasjewedstriid tsjin FC Emmen. "Ik zag het wel een beetje aankomen", sei de 24-jierrige Ljouwerter doe.
"Tuurlijk doet het pijn. Je bent altijd supporter geweest van Cambuur. Dat je zo moet afsluiten, is mooi. Maar ook jammer natuurlijk."
Ek dy oare Ljouwerter, Jonker, moat nei njoggen jier it giel-blau ferruilje foar wat oars.
It kontrakt fan Remco Balk is dêrneist formeel opsein. Dat is gjin grutte ferrassing: de Grinslanner hat earder al trochskimerje litten dat hy dwaande is oan syn ôfskiedstoernee en nei dit seizoen op syk gean sil nei in nije klup, it leafst yn it bûtenlân.
Technysk manager Lars Lambooij wol, om't dy spilers it seizoen noch gewoan yn Ljouwert ôfmeitsje, de besluten net taljochtsje. "Ik ga niet reageren op die individuele gevallen."
Bram Marsman © Orange Pictures
Wa't wol by Cambuur bliuwe mei, is Bram Marsman. De opsje yn it kontrakt fan de linkerferdigener is ljochte, wêrtroch't hy noch in jier yn Ljouwert bliuwt. Dêrneist sil de klup mei him yn petear oer in eventueel langer ferbliuw yn it Kooi Stadion.

Diemers

En dan is der noch oanfierder Mark Diemers. Ek hy hat in ôfrinnend kontrakt by Cambuur, mar dêryn sit gjin opsje. Om't it syn earste kontrakt is by de klup, jilde der oare regels en hoege Lambooij-en-dy dêr foar 1 april net oer te beslissen.
Lambooij sil mei Diemers yn petear, want hy hopet de 32-jierrige Ljouwerter te ferlieden ta in nij kontrakt by de klup.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.