De Epema's libje foar de lammerij
It binne koarte nachten by de famylje Epema yn Rinsumageast, want de lammerij is los. Heit Gerben Epema en syn soan Herke hawwe it der dei en nacht drok mei.
Beide ha thús in kamera te stean, en as der nachts aksje is, dan sjogge se dat fuortendaliks op it skerm fan de kamera. Dyjinge dy't wekker wurdt, fleant nei de stâl, want je wolle neat misse. It is folle bak yn dizze dagen.
Neist harren wurk is dit in út de hân rûne hobby. Heit en soan fine it machtich moai wurk. It firus ha se fan pake Anne meikrigen. Dy hat eins mar ien hobby en dat is syn wurk.