LDODK lit kâns lizze yn spektakelstik tsjin DVO: "Zijn wel wat verbeterpunten"
LDODK hat de earste heale finale fan de play-offs ferlern fan DVO út Bennekom. Yn in wedstriid dêr't de spanning der fan it begjin ôf op siet, moasten de Friezen úteinlik mei 29-31 belies jaan.
Julian Frieswijk fan LDODK wie dúdlik nei ôfrin. "Dit zijn de nummers twee en drie van de competitie en ik denk dat het een mooie pot was voor de neutrale kijker. Maar voor mij valt er met zo'n uitslag weinig te genieten."
Yn de earste helte seach LDODK hieltyd tsjin in lytse efterstân fan twa punten oan. Mar krekt nei it skoft like de ploech it momentum te pakken.
De 21-19 foarsprong joech nije enerzjy, mar de ploech fan De Gordyk koe de foarsprong net fêsthâlde.
"We spelen aanvallend wel een goede wedstrijd, maar we laten het verdedigend zitten", seit Frieswijk. "In de tweede helft komen we nog op voorsprong, maar we houden ons niet aan de gemaakte afspraken."
"Iedereen doet kneiterhard zijn best, het is dan ook geen frustratie richting mijn teamgenoten. Maar er zijn nog wel wat verbeterpunten."
Froulju fan DVO
Coach Jan Niebeek seach benammen dat de froulju fan DVO it ferskil makken. LDODK hie him derop taret, mar de praktyk pakte oars út.
"De dames van DVO maken echt het verschil. We konden hen moeilijk beteugelen", seit Niebeek. "We hadden ons daar tactisch wel op voorbereid, maar dan gaat het nog om de uitvoering. Dat is niet gelukt."
Hoewol't LDODK no mei 1-0 efter stiet yn de 'best of three', bliuwt Niebeek striidber.
"Ik vind zeker dat we nog kansen hebben. De energie in de ploeg was goed en dat moeten we meenemen naar volgende week."
"Onze missie is dat we naar Ahoy willen. En als we dat willen moeten we leren van deze momenten. Er zijn wel gekkere dingen gebeurd in de sport. Het kan absoluut nog."
Skema rjochting de finale yn Ahoy
Takom wike sneon is de twadde wedstriid yn Bennekom. Ferliest LDODK, dan sit it seizoen derop. By in eventuele beslissingswedstriid (op tiisdei 14 april) is it thúsfoardiel foar LDODK.
De kuorbalfinale wurdt spile op 18 april yn Rotterdam Ahoy.