Nico is in frije fûgel, mei hert foar de natoer
Nico Minnema út Earnewâld is in man dy't net stilsitte kin. Hy hakket en kleaut graach hout foar syn houtstookte cv en is it leafst bûtendoar.
Dat moatst wol kinne en wolle, mar foar him is der gjin oare wize. Nico is in frije fûgel dy't syn eigen paad kiest. Hy docht gewoan wat er graach docht.
Syn hiele libben stiet yn it teken fan natoer en lânskipsbehear; alles wat mei biodiversiteit en ekology te krijen hat, fynt er nijsgjirrich.
Syn oarsprong leit yn it túnûntwerp, en kreativiteit is foar him like natuerlik as sykheljen. Wat al betocht is, fynt er minder ynteressant, Nico betinkt syn eigen dingen.