"Mem, komt de oarloch hjir ek?" Wat fertelst bern oer de oarloch yn 'e wrâld?

Berneterapeut Geeske Hospes © eigen foto
Net allinnich folwoeksenen sjogge en fernimme alle dagen de bylden en de ferhalen oer de oarloch en de ûnrêst yn 'e wrâld. Ek bern krije der fan alles fan mei. En dat kin spanning jaan.
Hoe moatst as âlder omgean mei bernefragen as 'Mem, komt de oarloch hjir ek?' Berneterapeut Geeske Hospes fan De Jouwer jout advys.
"Bern witte net wat it krekt is, oarloch, it stiet fier fan harren ôf. Mar se sjogge in soad op socials en op skoalle wurdt deroer praat. Emosjonele feiligens is it belangrykste datst as âlder dan jaan kinst."
Dêrmei bedoelt se dat it bern fertrouwen en akseptaasje fielt en himsels wêze kin sûnder bang te wêzen foar krityk of oardielen.
Bern kinne bylden fan oarloch oeral sjen © Shutterstock.com
Se fernimt yn har praktyk dat âlders der wol fragen oer hawwe Want moatst bygelyks it sjoernaal no wol of net sjen mei de bern?

Gefoel fan eangst erkenne

"Kinst it nijs oer de ellinde op 'e wrâld net tsjinhâlde, se sjogge it sels ek wol op YouTube of TikTok, it is wol de wrâld. Kinst sels kieze: lit ik it sjen of net? Mar dan net allinnich de negative ferhalen, mar ek de positive kant fan de wrâld sjen litte."
De fraach fan in bern oft de oarloch hjir ek komt, kinst as âlder it bêste rêstich en sûnder emoasjes beäntwurdzje.
"Under dy fraach sit faak in gefoel fan eangst", neffens Hospes. "Belangryk is dat gefoel earst te erkennen: 'Ik sjoch dast dy wat soargen makkest'."
Bern wurde net sa bot bang fan wat der bart, mar fan wat se net begripe.
Berneterapeut Geeske Hospes
Dêrnei is it fan belang it bern gerêst te stellen mei feiten en dúdlikens. "Hjir is it feilich, der wurdt hiel goed op ús lân past. Foar de measte bern is dat genôch."

Lis út wat se net begripe

"En wat ek helpt is it lyts en tichtby te meitsjen. Praat oer de eigen wrâld fan skoalle en freonen en thús, en dat se hjir feilich binne."
De berneterapeut sjocht faak dat bern net sa bot bang wurde fan wat der bart, mar fan wat se net begripe. "Dêr leit ús taak as âlderen om út te lizzen en te tsjutten."
Geeske Hospes jout ek striidberenstrainingen oan bern © eigen foto
Mar wat moatst dan foaral net dwaan?
"Net te folle ynformaasje jaan wolle, of details en bylden jaan dy't se noch net ferwurkje kinne, want dat fergruttet de eangst", neffens Hospes.
Emoasjes fuortprate of bagatellisearje is ek net goed. "'Hoechst echt net bang te wêzen', dêrmei fielt in bern him net heard."

Trochfreegje en goed harkje

Wat ek net moat is it petear mije of út beskerming mar neat sizze. "Dan moat it bern sels in betsjutting jaan oan wat it sjocht, dat makket it faak spannender."
It advys fan de terapeurt is om altyd troch te freegjen wat it bern krekt bedoelt. "Wêr hast it sjoen, wat hast sjoen of heard, wêr bist bang foar? Goed lústerje, en dan dêrop reagearje."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.