Trochrider oanholden nei ûngelok yn Kollumersweach

De plysje hat in 36-jierrige man út Dantumadiel oanholden foar belutsenens by in ûngelok moandei yn Kollumersweach.
De automobilist rekke twa minderjierrige famkes op de fyts dy't dêrtroch foelen. De bestjoerder fan de auto ried dêrnei troch.
Nei ûndersyk fan de plysje koe de man oanholden wurde. Hy is heard en wurdt fertocht fan it trochriden nei in oanriding.

Drugspannen yn Makkum en Snits sletten

Drugs © Shutterstock
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân hat twa drugspannen yn Makkum en Snits sletten foar de kommende moannen.
Yn in wenning oan de Petrus Groeniastraat yn Makkum fûn de plysje in hannelshoemannichte harddrugs, maar waard ek guod oantroffen om harddrugs te produsearjen.
Begjin dizze moanne waard oan de Maststraat yn Snits in protte harddrugs fûn. De wenning stie al bekend as in plak dêr't drugs brûkt waard en dêr't yn it ferline ferskate ynsidinten plak hienen.
De wenning yn Makkum giet trije moannen op slot, de drugswenning yn Snits bliuwt seis moannen ticht.

Grutte plysjekontrôle by wettersportbedriuwen yn De Fryske Marren

Ek yn de wettersport kin bygelyks it heeljen fan guod foarkomme © Shutterstock.com (Roman Bjuty)
De plysje en de hanthavening fan De Fryske Marren hawwe in grutte kontrôle útfierd tsjin ûndermining yn de wettersport.
By tal fan wettersportbedriuwen yn de gemeente is in check dien, om te sjen oft alles neffens de regels ferrint.
Yn de measte gefallen hiene de bedriuwen de boel op oarder, lit de gemeente witte.
Mar der wiene twa útsûnderingen. By ien bedriuw hat de plysje in bûtenboardmotor yn beslach naam en by in oar bedriuw in sloep. De plysje tinkt dat dy stellen binne.
Dat wurdt op dit stuit fieder ûndersocht. By de kontrôle waard sjoen oft de oankeapen korrekt yn it Digitaal Opkopers Register (DOR) registrearre binne. Dat is in ferplichte register foar hannelers yn twaddehânsk guod.
De Fryske Marren hopet dat de yntegrale kontrôle helpt by it foarinoar krijen fan in earlike en feilige sektor.

Oerlêst fan scooterriders yn Frjentsjer

In scooterrider naait út © Shutterstock.com (Christian Badescu)
De plysje yn Frjentsjer makket melding fan oerlêst fan scooters. De lêste tiid krije de wykaginten hieltyd mear meldingen binnen.
Dêrby giet it om scooterriders dy't te hurd ride yn de wiken, in soad leven meitsje en gefaarlike situaasjes feroarsaakje.
Wa't ek te lijen hat fan oerlêst, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Wolst meldingen krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje boppe-oan yn de app.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze: