Dizze trainers soene Henk de Jong opfolgje kinne by Cambuur

Trije fan de trainers dy't Henk de Jong opfolgje kinne © Omrop Fryslân/Orangepictures
SC Cambuur is foar folgjend seizoen op syk nei in nije haadtrainer om't Henk de Jong ophâldt. Wa past yn it profyl fan de klup en hokker nammen komme foarby yn de geroftemûne?
"We gaan op zoek naar een jonge, moderne trainer die de club kan helpen in de volgende stap", seit technysk manager Lars Lambooij.
Oan de hân fan dy profylskets meitsje klupwatchers Andor Faber en Willem Vermeltfoort in listje mei trainers dy't de Drachtster opfolgje kinne soene.

Edwin de Graaf (45 jier)

Ien fan de earste nammen dy't yn byld komt, is dy fan Edwin de Graaf. De 45-jierrige Hagenees is sûnt de simmer fan 2025 assistint fan Henk de Jong by Cambuur.
Edwin de Graaf © Dijks Media
De Graaf kaam in lyts jier lyn oer fan Al-Nasr (Feriene Arabyske Emiraten), dêr't er assistint wie fan Alfred Schreuder.
Hy beskikt oer de diploma's dy't nedich binne om as haadtrainer foar de groep te stean en kin dus fuortendaliks trochstreame as it moat. De simpele konstruksje is dan dat De Graaf en De Jong fan plak wikselje.
De kâns is dan lykwols grut dat der noch in ekstra assistint-trainer fêstlein wurdt. De Jong sil net alle dagen oanwêzich wêze en moat echt as help fan de stêf sjoen wurde, yn stee fan ien fan de twa fulltime-assistinten.
De technyske stêf fan Cambuur: Edwin de Graaf, Timo Plattel, Henk de Jong, Rik Reinsma © Dijks Media
De Graaf hat net allinnich de papieren om haadtrainer te wêzen, de âld-spiler fan ûnder oare Feyenoord, NAC Breda en ADO Den Haag hat ek ûnderfining as haadtrainer. Hy stie yn it ferline oan it roer by NAC en Roda JC.
De winsk om ea wer as haadtrainer oan de slach te gean, hat De Graaf net út de holle set. "Tuurlijk heb je altijd ambities. Misschien in de toekomst als er iets voorbijkomt wat bij mij past...", sei De Graaf, doe't er begûn by Cambuur.
Soene dy ambysjes wierheid wurde kinne yn Ljouwert?

Johan Plat (39 jier)

In namme dy't je net gau ferwachtsje, is dy fan Johan Plat. De 39-jierrige Purmerender is foar it grutte publyk in ûnbekende namme, mar wurdt wol yn ferbân brocht mei Cambuur.
Johan Plat as trainer fan it Spaanske CD Castellón © ANP Foto
Plat is âld-fuotballer en sette nei syn karriêre de earste stappen yn de trainerswrâld. Hy foarme by meardere klups in duo mei Dick Schreuder, de no suksesfolle coach fan NEC.
Dy gearwurking hold op doe't Schreuder yn jannewaris 2025 dien krige by CD Castellón yn Spanje. Assistint Plat naam it stokje fan Schreuder oer, mar yn septimber ferline jier waard ek hy oan de kant set by de Spaanske twaddedivyzjonist.
Fan Lambooij is bekend dat hy geregeld kofje drinkt mei trainers út de fuotbalwrâld. Ien fan dy trainers dêr't de technysk manager fan Cambuur mei sitten hat, is Plat. Al wol Lambooij dêr neat oer kwyt.

Jan Sierksma (41 jier)

De namme dy't by in soad by supporters oer de tonge giet, is dy fan Jan Sierksma. De 41-jierrige Burdaarder hat in ferline as trainer yn de jeugdoplieding by Cambuur. Op dit stuit is er assistint-trainer by it earste fan AZ.
De Fries fêstige namme yn de ynternasjonale fuotbalwrâld troch yn april 2023 as trainer fan AZ ûnder 19 jier de prestizjeuze Youth League te winnen. Dêr wie noch nea earder in Nederlânske klup yn slagge.
Jan Sierksma as coach fan Jong AZ © Orange Pictures
Nei syn perioade yn de jeugdoplieding fan AZ rôle Sierksma yn 2023 it betelle fuotbal yn, doe't er yn Alkmaar trainer waard fan Jong AZ, dat útkomt yn de earste divyzje.
Lang duorre dat aventoer as haadtrainer net, want yn jannewaris 2024 helle Maarten Martens him as syn assistint nei it earste fan AZ. Nei't Martens begjin dit jier dien krige, bleaun Sierksma assistint ûnder de nije trainer Lee-Roy Echteld.
Yn 2020 makke Sierksma de oerstap fanút Cambuur nei AZ. Yn Ljouwert begûn er yn 2014 as (assistint-)trainer yn de jeugdoplieding.
Jan Sierksma yn 2018, doe't er noch by Cambuur wurke © Dijks Media
Dat de 41-jierrige trainer goede fuotbalideeën hat, docht wol bliken út it feit dat de fyzje fan de jeugdoplieding fan Cambuur diels gearstald is troch Sierksma. Dat seit haad jeugdoplieding Fedrik Houtstra fan Cambuur yn 2023. "In welke principes we hebben en wat we belangrijk vinden, heeft Jan best een groot aandeel gehad."
Yn datselde jier, Sierksma wurket dan dus al by AZ, bellet er mei Henk de Jong. Sierksma socht him thûs op yn Boarnburgum. "Ik ha him wat tips jûn en we hawwe praat oer fuotbal, trainer wêze en hoe't ik saken doch", seit De Jong dêroer.
"It is in leuke jonge. En ik lear ek fan sa'n jonge jonge. Hy docht it goed. Dêr bin ik supergrutsk op."
Koartsein: it is in Fries dy't noch altyd yn ús provinsje wennet, hy ken De Jong en Sierksma wit as gjin oar wat foar (folks)klup Cambuur is.
Dochs is it de fraach of Sierksma de stap werom nei Ljouwert meitsje wol. Hy stiet te boek as in grut talint yn it trainersfak en liket yn de takomst by AZ kâns te meitsjen op de posysje fan haadtrainer by it earste.

Of dochs in oar?

Sûnt it nijs oer it ophâlden fan De Jong bekend is, komme der ferskate nammen foarby yn de geroftemûne. "Ik heb al wat telefoontjes van zaakwaarnemers gehad", sei Lambooij de dei nei it nijs oer De Jong.
Benammen Pascal Bosschaart wurdt troch supporters nei foaren helle. Dat is net gek: hy wurke earder by Cambuur as ûnderdiel fan de technyske stêf fan De Jong.
Oft de 46-jierrige Rotterdammer by Cambuur oan de slach kin, is lykwols ôfwachtsje. Bosschaart beskikt op dit stuit net oer de papieren om haadtrainer te wêzen.
Pascal Bosschaart wie yn 2022 ek al ris trainer fan SC Cambuur © Orange Pictures
De namme fan Sipke Hulshoff (51, Twizel) is ek al meardere kearen de revu passeare ûnder de supporters.
De âld-Cambuurtrainer is op it stuit assistint fan Arne Slot by Liverpool.
Sipke Hulshoff as trainer fan Cambuur yn 2017 © Omrop Fryslân
Hulshoff wurket op dit stuit by ien fan de grutste klups fan de wrâld mei de bêste spilers en dêrom liket de stap nei Cambuur finansjeel en sportyf in behoarlike stap werom. Earder hat Hulshoff lykwols wolris oanjûn dat er ea weromkomme wol by Cambuur.
Oft dit dêr it momint foar is? Dat bliuwt foar de Ljouwerter fans noch even ôfwachtsje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.