Fryske WhatsApp-groep giet de striid oan mei hannelstariven en oarloch

Fryske ûndernimmers, wat dogge se mei hannelstariven en oarloch? © Omrop Fryslân
It binne ûnwisse tiden foar de Fryske eksportbedriuwen. Ferline jier hiene se te lijen fan hege hannelstariven en no fan in oarloch yn it Midden-Easten.
Lanlik jout 40 prosint fan de bedriuwen dy't nei de Feriene Steaten eksportearret oan lêst te hawwen fan de hannelstariven. Dat die bliken út in enkête fan de RVO (Rijksdienst voor Ondernemers).
Hoe geane de ûndernimmers om mei dizze omstannichheden?
Yn Fryslân fernimme se de gefolgen, mar it is noch te betiid om te sizzen oft bedriuwen skea oprinne. Dat seit Joyce Walstra, direkteur van de Oranjewoud Export Academy, dy't ûndernimmers stipet by eksport.
Bedriuwen binne kreatyf om de pine foar harsels en foar de Amerikaanske klant te beheinen.

Kanada

Sa binne der bedriuwen dy't tsjinsten apart op de rekken sette, tink oan it ynstallearjen fan in masine. Foar dat ûnderdiel jilde de tariven net.

Oaren bouwe in gruttere foarried op yn de Feriene Steaten, sadat se minder faak mei de tariven te krijen hawwe.
Joyce Walstra, direkteur fan Oranjewoud Export Academy © Omrop Fryslân
Ek wurde hannelsrûten ferlein. Dat sjocht Walstra foaral yn de agrosektor.
"Veel deelproducten gingen via Amerika naar Canada, waar het eindproduct wordt gemaakt. Nu dat duurder wordt, zoeken Canadese ondernemers direct contact met de Friese toeleveranciers."

In soad fragen

OD Security (ûnderdiel fan de SMI Groep) út Ljouwert, produsint fan bodyscanners foar finzenissen, fûn it lestich om koers te bepalen.
"We kwamen al snel tot de conclusie dat we meer vragen hadden dan antwoorden", fertelt Joost Deutekom, direkteur sales en marketing by de SMI Groep.
"Bovendien verandert er steeds weer wat. Het heeft geen zin om 101 scenario's te bedenken als je misschien net de 102e optie nodig hebt."
Stefan van der Veen fan SMI Groep © Omrop Fryslân
"Wy sjogge noch hieltyd wol in groei yn de Amerikaanske merk. Dus de ympakt falt noch ta", seit ek Stefan van der Veen.
"Mar it nimt wol in soad ûnwissens mei him mei. Je witte net wat der takom moanne barre sil, dus dat is wol spannend."
It skeelt dat SMI Groep net in soad konkurrinsje hat, tinkt Van der Veen. "Uteinlik sjogge wy dat dy tariven fan 15 prosint dochs droegen wurde troch de distributeurs en de einklant."

WhatsApp-groep

Joost Deutekom hie foaral ferlet fan ynformaasje en dêryn wie er grif net de iennige. Deutekom kaam mei it idee foar in wurkgroep mei oare Fryske bedriuwen dy't saken dogge yn de Feriene Steaten.
Mei de Friese Exportclub en Oranjewoud Export Academy waard deselde wike noch in ynformaasjegearkomste belein.
"Om dit dochs te bepraten hoe't wy dit oanfleane", leit Van der Veen út. "Je besykje mei-inoar te sjen wat we dwaan kinne as de situaasje minner wurdt. Dat is hiel weardefol."
Yntusken binne der sa'n 34 bedriuwen oansletten by de USA Wurkgroep.
Fia in WhatsApp-groep hâlde se inoar op de hichte fan de nijste ûntwikkelingen en jouwe se inoar advys.
Yn 'e loads by SMI Security yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Uteinlik hawwe de tariven net in soad ynfloed hân op de hannel. It bedriuw wurket mei langjierrige kontrakten.
Wol hat OD Security te lijen fan de swakke dollar, wêrtroch't se minder euro's krije foar ien dollar.

Hynders minder djoer fuort

Foar VDL Stud yn Bears betsjutte de hannelstariven dat der minder hynders nei Amearika geane.
Op oare kontininten rekket it bedriuw de hynders wol kwyt. Mar omdat de totale fraach minder is, hat dat wol ynfloed op de priis.
"Dat jildt foar de hynders út it middensegmint. Foar de echt goede bisten moatst langer wachtsje oan se jouwe watst hawwe wolst", wit Janko van de Lageweg.

Fryske eksport

De eksport yn Fryslân is op dit stuit 11 prosint fan it bruto nasjonaal produkt. Dat is heger as eartiids. Yn 2017 siet Fryslân noch op 7 prosint.
De Fryske produkten geane in soad nei Dútslân, Skandinavië en Sina. Yn Fryslân ferkeapje we foaral iten en suvel oan it bûtenlân, folge troch masinen en oare yndustriële produkten.
Fryslân is lanlik sjoen in lytse spiler yn de eksport. Neffens it CBS makket de Fryske eksport 1,7 prosint út fan it totaal yn Nederlân.
No't it hannelstaryf nei in útspraak fan de rjochter wat minder heech wurden is, lûkt de hannel nei Amearika wer wat oan, tinkt Van de Lageweg.
Dat komt goed út, want troch de oarloch yn it Midden-Easten leit de hannel nei bygelyks Dubai stil.
"Ferfelend, mar neat oan te dwaan", klinkt it berêstend.

Projekten op de lange baan

It bedriuw Titan Salt bv yn Boalsert fernaam ek dat de ûnrêst net befoarderlik is foar de hannel.It bedriuw makket komplete fabryksynstallaasjes en wurket yn 37 lannen.
"Wy sitte op alle kontininten, útsein op Antarktika", fertelt mei-eigner Hans-Ulco de Boer.
Hans-Ulco de Boer fan Titan Salt yn Boalsert © Omrop Fryslân
Al in pear kear is in projekt útsteld fanwegen de tariven, seit De Boer. "Dan tinke se noch efkes in pear kear nei foardat se beslute of it trochgean kin of net."

Hege gasprizen

De situaasje yn Iran rekket it bedriuw ek. Fanwegen de gasprizen is it materiaal dat dêrfoar nedich is folle djoerder om te produsearjen. "It meitsjen fan in rvs-plaat kostet echt in soad enerzjy."
In grut projekt dêr't 40 miljoen euro mei muoid is, is om dy reden foarearst útsteld.
By Titan Salt yn Boalsert © Omrop Fryslân
It team dat der oan wurkje soe, hie yn ien kear de hannen frij.
"Aldergeloks kinne we it oplosse troch oare projekten nei foaren te heljen. No't de wrâld sa ûnwis is, is it wichtich dat wy ús wurk oer safolle mooglik kontininten spriede."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.