Promoasjefeest by Cambuur útsteld nei gaoatysk duel: "Eigen skuld dat wy ferlern hawwe"

Feest by Jong AZ efter Oscar Sjöstrand © Dijks Media
Fenomenale goals, in reade kaart, ophef oer in penalty en twa stakingen. It Kooi Stadion feroare yn in slachfjild, dêr't SC Cambuur úteinlik net de sterkste wie tsjin Jong AZ (3-4).
Dêrneist koe Cambuur, as it winne soe fan Jong AZ, offisjeus promovearje nei de earedivyzje. Dan moat De Graafschap snein ek punten ferspylje tsjin ADO Den Haag.
"It wie in enervearjende jûn, mei in geweldige earste helte", seit trainer Henk de Jong nei de wedstriid. "Dy jonges ha echt harren bêst dien."
"Mar wy meie net tsjin dizze ploech fjouwer goals tsjin krije, sa simpel is it", giet hy fierder. "Eigen skuld dat wy ferlern hawwe."
Unfrede by Henk de Jong nei de penalty foar Jong AZ © Dijks Media
De earste helte einige yn 1-1, nei in goal fan Iwan Henstra dy't yn de basis starte. Yn de twadde helte skoarde Ichem Ferrah twa kear achterelkoar op manjefike wize.
"Schitterende goals", seit Remco Balk oer syn ploechgenoat. "Dan denk je, we winnen met 3-2. Maar dan verlies je met 3-4, dat is extra zuur."

Reade kaart foar Balk

Sels krige er yn de lêste minuten fan de wedstriid in reade kaart. Nei in corner kaam der in kopbal fan de tsjinstanner, dy't er mei syn hannen fuorttikke as wie er sels de keeper.
"Het enige wat ik kon doen was mijn handen gebruiken", seit er. "Puur intuïtie. En dan krijg je rood, dat is terecht."
De reade kaart fan Balk resultearre ek yn in penalty foar Jong AZ, dy't naam waard troch Yoël van den Ban. Dy soarge úteinlik foar in soad ûnrêst.

Penalty twa kear rekke?

Van den Ban glide ûnderút nei't er de bal fuorttrape en dy bedarre dochs yn it net. Mar neffens de Ljouwerters waard de bal twa kear rekke.
As de bal by in penalty twa kear rekke wurdt en hy is raak, dan moat de penalty opnij naam wurde. Dat barde net: de skiedsrjochter hie it net sjoen en der wie gjin VAR oanwêzich.
De reade kaart foar Remco Balk yn 'e slotfaze © Dijks Media
"Hij raakte hem gewoon twee keer, heel simpel", seit Thijs Jansen. "Dat moet. Die bal had zo'n curve, zo'n draai."
"De penalty had opnieuw genomen moeten worden als ik de regels goed heb. Als je een balsport hebt gedaan, dan weet je dat hij hem twee keer heeft geraakt."
Balk fernuveret him oer de skiedsrjochter. "Hoe kun je dat niet zien? Ik vind het heel knap."
"Dêr hiene de grinsrjochters de skiedsrjochter by helpe moatten", seit De Jong deroer. "Dy litte him sakje."

Twa stakingen

Nei de penalty waard de wedstriid fuortendaliks staakt trochdat supporters bekers mei bier it fjild op smieten. Letter, nei de fjirde goal fan Jong AZ, waard de wedstriid wer staakt om't in lilke supporter it fjild op draafde.
Nei de twadde staking wiene der noch twa minuten spyljen oer, wêryn't Cambuur neat mear feroarje koe oan de 3-4 op it skoareboerd.
Ik promoveer liever in Emmen dan in Venlo, zo snel mogelijk zou het mooiste zijn.
Remco Balk oer de mooglike promoasje tiisdei tsjin FC Emmen
De reade kaart fan Balk soarget der wol foar dat er tiisdei net meidwaan mei tsjin FC Emmen, wat ek in mooglike promoasjewedstriid wurde kin foar de Ljouwerters.
"Dat is wel extra pijnlijk. Ik heb elke wedstrijd gespeeld en dan mis je juist die wedstrijd. Voor mij heel zuur, maar je moet weer door en dan moet de rest het doen."
Njonken him dogge ek Rik Mulders, Nicky Souren, Ismaël Baouf en Oscar Sjöstrand net mei tiisdei troch in fiifde giele kaart dit seizoen of in ynterlânwedstriid mei de nasjonale ploech.

Gjin soargen nettsjinsteande skorsingen

De Jong makket him gjin soargen oer syn alvetal tsjin FC Emmen. "Wa't der net is, is der net. We betinke wol wat moais en dan sille we in prachtige wedstriid spylje."
"Die jongens trainen al het hele jaar", foeget Jansen deroan ta. "Volgens mij hebben we een hele goede bank. Ik ben er niet zo bang voor."
Balk sjocht ek goede wiksels. "Ik denk dat iedereen die wedstrijd graag wil voetballen. Dus ik denk zeker dat we daar de winst gaan pakken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.