Alex Bonnema en Anne Jochum de Vries formateurs yn Tytsjerksteradiel

It beslút waard naam yn de riedsgearkomste fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat Alex Bonnema en Anne Jochum de Vries oanwiisd as formateurs.
Dit beslút folge op de presintaasje fan it advys fan ynformateurs Stieneke van der Graaf en Arjen Droog en it dêropfolgjende debat yn de ried oer it ferfolch fan it formaasjeproses.
Bonnema en De Vries krije de opdracht om op basis fan it útbrochte advys in nij kolleezje fan boargemaster en wethâlders te foarmjen.
Yn it advys fan Van der Graaf en Droog jouwe sy as foarkarssenario in breed kolleezje besteande út CDA, FNP, VVD en PRO.
Alex Bonnema, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Caparis, en Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, sette no útein mei de formaasjepetearen om te kommen ta in nij kolleezje foar de gemeente Tytsjerksteradiel.

Nije koälysje Noardeast-Fryslân presintearret akkoart

It gemeentehûs © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De nije koälysje fan Noardeast-Fryslân hat in akkoart presintearre. Dêryn presintearje CDA, S!N, ChristenUnie, Gemeentebelangen en de VVD harren plannen.
It stik hat as titel 'Samen bouwen aan een sterke toekomst' krigen.
Neffens de gemeente binne wichtige ûnderwerpen ûnder oare de tsjinstferliening, útfiering fan de Spriedingswet, de realisaasje fan in azc foar maksimaal tsien jier en in fûns foar doarpshuzen. Ek is der omtinken foar de berikberens en krapte op it stroomnet.
Op 28 maaie sil formateur Caroline de Pee ferslach dwaan fan it proses. Fiif dagen letter presintearje de kandidaat-wethâlders har oan de ried.
Dat binne Geertje Schoorstra-Boeijenga (CDA), Gerda Bos-Jonkman (VVD), Dikkie Alkema (S!N), Lysbeth Vellinga-Zeilstra (ChristenUnie) en Pieter Braaksma (Gemeentebelangen).

Waadhoeke is klear mei formaasje: SAM, Gemeentebelangen en CDA yn koälysje

It gemeentehûs fan Waadhoeke © Google Street View
As earste gemeente fan Fryslân binne se der yn de gemeente Waadhoeke út. SAM, Gemeentebelangen en CDA foarmje dêr de nije koälysje.
Yn it nije kolleezje levert SAM twa wethâlders (Marja van der Meer en René de Vries). Gemeentebelangen (Adrie Weiland) en Marijn Kamerling (CDA) leverje beide ien wethâlder.
It koälysje-akkoart wurdt op tongersdei 4 juny presentearre en hat de titel 'Hjoed dwaan wat moarn freget' krigen.

Ald-deputearre Kielstra foardroegen as wethâlder op Skylge

Plaatselijk Belang Terschelling hat Klaas Kielstra foardroegen as nije wethâlder op Skylge. Hy moat de opfolger wurde fan Anco Goldhoorn, dy't fanwegen persoanlike omstannichheden ophâldt.
Kielstra wie earder foar de VVD deputearre en Steatelid.
De beneaming fan Kielstra en de folsleine nije koälysje steane op 3 juny op de aginda fan de gemeenteried.

Noch twa opsjes oer foar koälysje op It Amelân

De fjoertoer fan It Amelân yn Hollum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ferkenner Age Kramer sjocht noch twa realistyske opsjes foar in koälysje op Amelân. Dat meldt de Waddenomroep.
De iene opsje is in koälysje fan CDA, Algemeen Belang Ameland en de PvdA. De oare opsje is in koälysje fan AmelandEén, Algemeen Belang Ameland en PvdA.
Nei de gemeenteriedsferkiezingen waard earst besocht om ta in mienskiplik riedsprogramma te kommen. Dat mislearre lykwols fanwegen in gebrek oan fertrouwen.
It is no oan de partijen sels om it ferfolch fan de koälysjefoarming te bepalen.

Wielstra, Kempenaar, Bakker en Heeringa kandidaat-wethâlders yn Dantumadiel

De riedseal fan Dantumadiel © RTV NOF, Ben de Jager
De nije koälysje fan de gemeente Dantumadiel hat sneon de kandidaten bekend makke dy't foardroegen wurde as wethâlder foar de kommende bestjoersperioade.
De foardracht bestiet út Kees Wielstra (44) fan Gemeentebelangen Dantumadiel, Rommy Kempenaar (40) fan Sociaal Links, Tom Bakker (62) fan de SGP en Tieme Heeringa (20) fan de FNP.
Wielstra en Kempenaar binne sûnt 2018 al wethâlder fan Dantumadiel. Bakker hat earder trije bestjoersperioades yn de ried fan de gemeente sitten.
Nijkommer Heeringa studearret Nederlânsk Rjocht en wol it wethâlderskip yn dieltiid kombinearje mei syn stúdzje. Mei syn 20 jier makket er kâns om de jongste wethâlder fan Nederlân te wurden.
De kandidaat-wethâlders wurde op 23 juny yn in riedsgearkomste yn it gemeentehûs fan Damwâld foardroegen oan de gemeenteried. Dêrnei kinne sy beneamd en ynstallearre wurde.

Advys oan Tytsjerksteradiel: koälysje mei CDA, FNP, VVD en PRO, gjin BFTD

De riedsgearkomste fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân
De koälysje yn Tytsjerksteradiel soe bestean moatte út it CDA, de FNP, de VVD en PRO. Dat advisearje ynformateurs Arjen Droog en Stieneke van der Graaf nei petearen mei alle partijen yn de gemeenteried.
Mei-inoar hawwe dizze partijen 16 fan de 23 sitten yn de ried. "Deze brede coalitie kan rekenen op voldoende draagvlak binnen de raad en doet recht aan de verkiezingsuitslag", neffens Van der Graaf.
De grutte ferrassing fan de ferkiezingen, Better Foar Tytsjerksteradiel, komt sa't it liket dus net yn it kolleezje. De partij helle ôfrûne maart leafst fiif sitten.

Twa beëage wethâlders foar koälysje op Flylân bekend

De gemeenteried fan Flylân © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De koälysjefoarming tusken Nieuw Liberaal Vlieland, GroenWit en Algemeen Belang Vlieland is wer in stapke fierder. Neffens de partijen is der op wichtige ûnderwerpen in soad oerienstimming.
No binne ek de beëage wethâlders bekend makke: dat binne Corrie Ponne (ChristenUnie) en Stefan van Keijzerswaard (VVD). Ponne wie sechtjin jier riedslid yn Smellingerlân; Van Keijzerswaard is no noch wethâlder fan Het Hogeland yn Grinslân.

Gjin breed kolleezje yn Weststellingwerf troch persoanlike ferhâldingen

Ferkenner Sandra Korthuis © Gemeente Eaststellingwerf
Weststellingwerfs Belang, VVD, CDA en SDW/PvdA sille fierder prate oer it foarmen fan in koälysje yn de gemeente Weststellingwerf.
Dat stiet yn it advys dat ferkenner Sandra Korthuis moandei presintearre.
Korthuis hie earst besocht om der in breed kolleezje fan te meitsjen troch ek Hart voor Weststellingwerf en GroenLinks/D66 te belûken yn de petearen.
Troch persoanlike ferhâldingen slagge dat net. "Over de inhoud waren ze het wel eens", stelt Korthuis.

FNP, CDA en ChristenUnie prate oer koälysje yn Achtkarspelen

Tjibbe Brinkman wie mei FNP de grutte winner yn Achtkarspelen © Omrop Fryslân, René Koster
De formaasjepetearen yn Achtkarspelen gean troch mei de fraksjes fan FNP, CDA en ChristenUnie. Dat skriuwt formateur Durk Durksz yn in berjocht oan de gemeenteried.
Durksz hie de lêste wiken 'iepen, plezierige en konstruktive' petearen mei de ferskate fraksjes. De útkomsten út dy petearen passe neffens him by de oanbefeling fan de ferkenner.
Moandei hat Durksz om tafel sitten mei FNP, CDA en ChristenUnie, sy prate de kommende tiid fierder oer in koälysje. Der leit neffens de formateur in 'stevige basis foar in stabile koälysje'.

Cees Pieter van Burgsteden (BBB) wurdt wethâlder yn Eaststellingwerf

Cees Pieter van Burgsteden © Omrop Fryslân, Amber Otter
Cees Pieter van Burgsteden is foardroegen as wethâlder yn de gemeente Eaststellingwerf.
De bestjoerder sit no foar de BBB yn it deistich bestjoer fan it Wetterskip Fryslân. Nei syn ynstallaasje hâldt hy dêrmei op.
Der leit yn de gemeente in advys om in koälysje te foarmjen mei PRO, VVD, CDA en Ooststellingwerfs Belang.
Opfallend is dat de grutste partij - Vrije Partij Ooststellingwerf - net meidocht yn de ûnderhannelingen.

Trochbraak yn koälysjeûnderhannelingen Dantumadiel

Gemeentebelangen Dantumadiel, Sociaal Links, FNP en SGP binne fan doel om mei-inoar de nije koälysje yn Dantumadiel te foarmjen foar de bestjoersperioade 2026-2030.
Sy geane as fjouwer partijen de formaasjefaze yn, mei as doel in stabile mearderheidskoälysje ta stân te bringen.
De kommende wiken wurkje sy dit yn de formaasjefaze út ta in folslein koälysje-akkoart en wurde de taken fan de wethâlders ferdield. Yn juny wurde de nije wethâlders foardroegen.
Yn earste ynstânsje wie it de bedoeling dat Gemeentebelangen Dantumadiel, Sociaal Links, FNP en CDA mei-inoar yn petear gean soene. It CDA besleat lykwols om net diel te nimmen oan petearen yn dizze gearstalling.
Dat joech romte foar oare mooglikheden en sa waard de doar iepene foar de SGP.

Ynformateurs De Fryske Marren troch as formateurs

Ynformateurs Sjoerd Groenhof en Harry van der Molen geane troch as formateurs yn de gemeente De Fryske Marren.
De formateurs krije de opdracht om de ûnderhannelingen tusken de beëage koälysjepartijen, De FNP en it CDA, ôf te rûnjen en te kommen ta in koälysjeakkoart op haadlinen.
Ek wurdt harren frege om in foarstel te dwaan foar de gearstalling fan it kolleezje, ynklusyf de ferdieling fan portefúljes.
Groenhof wie earder fraksjefoarsitter fan de FNP yn Achtkarspelen en Van der Molen hat ûnder mear fiif jier yn de Twadde Keamer sitten foar it CDA.

Gemeente Tytsjerksteradiel wiist twa ynformateurs oan

Stieneke van der Graaf is ien fan de ynformateurs © Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerskteradiel hat Stieneke van der Graaf en Arjen Droog oanwiisd as ynformateurs foar de foarming fan in nije koälysje yn de gemeente.
Van der Graaf is waarnimmend boargemaster yn de gemeente Weststellingwerf, Droog is direkteur fan Planbureau Fryslân.
Droog wie ek al de prosesbegelieder foar it meitsjen fan in riedsprogramma. Yn dat programma wurde de wichtichste stânpunten fêstlein wêr't alle partijen it oer iens binne. Dit dokumint foarmet de basis foar it takomstige belied.
De ynformateurs bringe yn de riedsgearkomste fan 21 maaie advys út oer de mooglike koälysjegearstalling.
De nije riedsperioade yn de gemeente hie in minne start troch in ynsidint op it yntroduksjewykein fan de riedsleden op It Amelân.

Wethâlders Hearrenfean bekend

It gemeentehûs fan Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De gemeente Hearrenfean krijt fiif wethâlders, fan fiif partijen. De koälysje bestiet út Heerenveen Lokaal, CDA, D66, FNP en VVD.
Foar Hedwich Rinkes (CDA) en Rolie Tromp (VVD) betsjut it dat se trochgean as wethâlder.
Jerry Speel (Heerenveen Lokaal), Ojanne Chang (D66) en Ate Eijer (FNP) wurde ek wethâlder.

CDA wol dochs net oan tafel yn Dantumadiel

It gemeentehûs fan Dantumadiel © RTV NOF
Yn Dantumadiel hat it CDA besletten om net mei te dwaan oan it foarstelde ynformaasjepetear mei de hjoeddeistige koälysjepartijen en de FNP, skriuwt RTV NOF.
Dat is opfallend, want ynearsten stemde it CDA noch yn mei de folgjende stap yn it proses om ta in nije koälysje te kommen. It foarstel fan ferkenner Eric ter Keurs wie om in trochstart te meitsjen mei de koälysje fan Sociaal Links, Gemeentebelangen Dantumadiel en it CDA. De FNP soe dêr as fjirde partij noch by komme kinne.
Neffens fraksjefoarsitter Hilbrand Visser is it net logysk dat in koälysje dy't al ûnder spanning stie, fierder útwreide wurdt mei in fjirde partij.
"In ekstra partij taheakkje makket in gearwurking net automatysk stabiler", seit Visser. "Foar ús begjint stabiliteit mei fertrouwen, dúdlikheid en dielde útgangspunten. Dy basis sjogge wy net genôch op it stuit."
It CDA slút net út dat it meidocht yn it kolleezje fan Dantumadiel. "As dit proses liedt ta nije ynsichten en in oare, stabilere koälysjegearstelling, binne wy reed om op 'e nij it petear oan te gean."

Opskuor yn ried Tytsjerksteradiel nei yntroduksjewykein

Boargemaster Kanter Breuker praat mei de nije riedsleden fan de gemeente Tytsjerksteradiel oer de ûnderlinge omgongsfoarmen.
Dit nei oanlieding fan in ynsidint op it Amelân. Under it yntroduksjewykein fan de nije ried yn maart soene guon riedsleden harren misdroegen hawwe.

Partijen op Flylân wolle foar de simmer in akkoart

Op Flylân binne trije partijen begûn mei petearen dy't liede kinne ta in koälysje-akkoart, skriuwt Omroep Zilt op basis fan de Waddenomroep.
It giet om NLV, GroenWit en ABV. De partijen hoopje der foar it simmerreses út te wêzen.
Der is gjin formateur oanwiisd, mar de partijen brûke in petearlieder om de proseduere nei it akkoart te ferkoartsjen.
Gemeentesekretaris Anne Idema hat de lieding oer it proses.

FNP draacht Bert Koonstra foar as wethâlder yn Opsterlân

Bert Koonstra © FNP
En ek de FNP yn Opsterlân komt mei de namme fan harren beëage wethâlder.
It giet om Bert Koonstra. Hjirfoar wie hy wethâlder yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Twa kandidaat-wethâlders fan Opsterlands Belang bekend

Anneke Oosterwoud is ien fan de twa kandidaat-wethâlders © Omrop Fryslân
Marcel van Opzeeland en Anneke Oosterwoud binne de twa kandidaat-wethâlders foar Opsterlands Belang. Dat meldt de partij hjoed. Mei njoggen sitten waard de partij de grutste yn de gemeente Opsterlân, by de gemeenteriedsferkiezingen ôfrûne maart.
De kommende riedsperioade sil de partij op advys fan ynformateur Maria le Roy twa wethâlders leverje. Van Opzeeland wie de ôfrûne perioade al wethâlder yn de gemeente.

Ynformateur advisearret gemeente Hearrenfean koälysje sûnder PRO

Auke van der Goot © FNP / Shutterstock
Ynformateur Auke van der Goot advisearret yn de gemeente Hearrenfean de formearjende petearen te starten mei Heerenveen Lokaal, CDA, D66, FNP en VVD.
Wat opfalt is dat PRO (foarhinne GrienLinks en PvdA) net neamd wurdt yn it advys.
Op It Hearrenfean wie PvdA jierrenlang de grutste partij. By de lêste ferkiezings yn maart behelle GrienLinks-PvdA de helte minder sitten, de partij gie fan tsien nei fiif sitten.
Heerenveen Lokaal bekuiere it paad oarsom en ferdûbele har sitten fan trije nei seis.
It advys wurdt tongersdeitejûn bepraat yn de iepenbiere riedsgearkomste. Tongersdei wurdt ek it advysrapport fan Van der Goot iepenbier makke.

Ynformateur: Opsterlands Belang en FNP oan set

Maria le Roy © Omrop Fryslân
Ynformateur Maria le Roy advisearret in koälysje fan Opsterlands Belang en de FNP yn de gemeente Opsterlân.
De twa partijen binne sûnt de gemeenteriedsferkiezingen de grutste yn de ried.
Formateur Le Roy advisearret twa wethâlders fan Opsterlands Belang en ien fan de FNP.
Le Roy is ree om it ferfolchproses as formateur te begelieden.

Formateur De Pee sjocht yn Noardeast-Fryslân earst nei de Spriedingswet

Caroline de Pee © Gemeente Noardeast-Fryslân
Caroline de Pee is formateur yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Sy is op foardracht fan it CDA troch de gemeenteried beneamd.
Ferkenner Harry Oosterman presintearre tongersdei syn befiningen oan de ried. Syn advys is om in koälysje fan CDA, S!N, ChristenUnie, Gemeentebelangen en VVD te ûndersykjen.
De Pee hat as opdracht om mei dy partijen ta in koälysje-akkoart te kommen. Dêrby komt as earste tema de Spriedingswet oan de oarder, dêrnei pas oare ûnderwerpen.
De formateur krijt maksimaal sân wiken de tiid foar har opdracht. De Pee is op dit stuit wethâlder yn Flylân, mar wie dat earder ek yn Tytsjerksteradiel, Waadhoeke en Frjentsjerteradiel.

Grutste partij falt bûten de boat yn Eaststellingwerf

Yn Eaststellingwerf is ferkenner Eric ter Keurs ta de konklúzje kaam dat der gjin mearderheidskoälysje te foarmjen is mei Vrije Partij Ooststellingwerf (VPO), de grutste partij yn de ried.
Sietse Derks fan VPO reagearre teloarsteld. "Het was in achterkamertjes blijkbaar al besloten", joech hy oan. Hy fynt de ferkenning in 'toanielstikje'.
Foar de VVD wie it fuortrinnen fan Ben Oostra van VPO oan it begjin fan de begruttingsgearkomste in brekpunt.
It advys is no in kolleezje mei PRO, VVD, CDA en Ooststellingwerfs Belang. Dy hawwe mei-inoar 14 sitten.
Der komme no twa ynformateurs: Hetty Janssen (Earste Keamerlid) en Frank Jorna (bestjoerslid Wetterskip Fryslân).

Ynformateurs De Fryske Marren sjogge koälysje FNP, CDA en PRO as ideale kombinaasje

Gemeentehûs De Fryske Marren op De Jouwer © De Fryske Marren
De partijen dy't yn de foarige riedsperioade de koälysje foarmen yn de gemeente De Fryske Marren, sille ek yn 'e nije perioade bestjoere.
Dat is alteast it advys fan ynformateurs Sjoerd Groenhof (FNP) en Harry van der Molen (CDA). Yn it nije kolleezje leveret de FNP twa wethâlders, it CDA ek twa en PRO (foarhinne GrienLinks-PvdA) ien.
Nije wike woansdei wurdt der yn 'e ried sprutsen oer it advys.

Ferkenner yn Dantumadiel advisearret trochstart fan de koälysje

Yn de gemeente Dantumadiel advisearret ferkenner Eric ter Keurs in trochstart fan deselde koälysje dy't der foar de ferkiezingen ek al siet: it giet om Sociaal Links, Gemeentebelangen Dantumadiel en it CDA.
Kontinuïteit yn it bestjoer soe belangryk wêze, omdat de gemeente dit jier in nije boargemaster en in nije gemeentesekretaris krijt. Wol tinkt Ter Keurs dat it goed is om der foar de stabiliteit in fjirde partij by te belûken. Dat soe de FNP wêze kinne.

Advys yn Achtkarspelen: FNP, CDA en CU

Blydskip by FNP-listlûker Tjibbe Brinkman: syn fraksje pakt fiif sitten © Omrop Fryslân
Ferkenner Tom van Mourik advisearret de gemeente Achtkarspelen om in koälysje te foarmjen fan FNP, CDA en ChristenUnie. Neffens him is dat de meast kânsrike kombinaasje foar in stabyl bestjoer de kommende fjouwer jier, skriuwt RTV NOF.
De trije partijen ha mei-inoar 12 fan de 21 sitten yn de nije ried.
Neffens Van Mourik binne FNP en CDA twa logyske partijen om mei te begjinnen. Sy wurken de ôfrûne jierren gear en tinke op in protte ûnderwerpen itselde.
Om in mearderheid te foarmjen is in tredde partij nedich. Dan leit de ChristenUnie foar de hân, neffens de ferkenner, omdat dy ynhâldlik it tichtst by FNP en CDA stiet.
Van Mourik presintearret syn einferslach tiisdeitejûn yn de riedsgearkomste.

Diskusje oer asylsikerssintrum bepaalt advys ferkenner Noardeast-Fryslân: FNP en LNF bûten koälysje

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân © RTV NOF
Ferkenner Harry Oosterman advisearret in koälysje fan fiif partijen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. In gearwurking tusken CDA, S!N, Gemeentebelangen, ChristenUnie en VVD soe neffens him de bêste kâns biede op in stabile koälysje en in stabyl kolleezje.

Opfang flechtlingen

Neffens de ferkenner is der ien wichtich diskusjepunt yn de gemeente: de opfang fan goed twahûndert flechtlingen fanút de lanlike Spriedingswet.
De fraksjes fan de FNP en Liberaal Noardeast-Fryslân, de twadde en tredde grutste partijen nei de ôfrûne ferkiezingen, wolle neffens Oosterman gjin bestjoerlike ferantwurdlikheid nimme foar de útfiering dêrfan.
Oankommende tongersdei sil de ferkenner syn befinings oanbiede oan de gemeenteried.

Koälysje

Op dit stuit foarmje de FNP, Gemeentebelangen, ChristenUnie en CDA de koälysje yn Noardeast-Fryslân. S!N stapte healweis de riedsperioade út it kolleezje.

Douwe Attema formateur yn Súdwest-Fryslân

Bestjoershûs Snits fan de gemeente Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân
By de riedsgearkomste fan de gemeente Súdwest-Fryslân is Douwe Attema fan Heech foardroegen as de formateur.
Hy sil mei it CDA, GroenLinks-PvdA en FNP wurkje oan 'in akkoart op haadlinen'.
Dêrmei wurdt it advys folge dat tongersdeitejûn presentearre waard troch ynformateur Sander de Rouwe.

Martijn Balster giet troch as formateur yn Ljouwert

Martijn Balster wie as ynformateur al belutsen by de foarming fan in nije koälysje yn Ljouwert, mar dat docht hy no ek as formateur.
Hy is troch de ûnderhandeljende partijen GroenLinks-PvdA, D66, VVD en CDA frege om troch te gean mei de begelieding fan it proses.

Ynformateur Harns: "Alle partijen willen meedenken over een akkoord"

Blommen en lokwinsken nei de ynstallaasje fan de nije gemeenteried fan Harns © Gemeente Harns
De sân partijen yn de nije gemeenteried fan Harns sette mei-inoar in folgjende stap nei in koälysje-akkoart. De basis fan dat akkoart wurdt lein troch CDA, PvdA-GroenLinks en de VVD.
By in akkoart leverje dy trije partijen elk in wethâlder. Dat is de konklúzje fan in petear dat ynformateur Jelle Beemsterboer de dei nei Peaske fierd hat mei de listlûkers.
Neffens Beemsterboer wie it in konstruktyf petear. "Tijdens het gesprek werd duidelijk dat alle partijen mee willen denken over een akkoord. Als CDA, PvdA-GroenLinks en VVD gezamenlijk het raamwerk hebben afgerond, dan zullen Harlinger Belang, Wad'n Partij, HOOP en D66 uitgenodigd worden om te komen tot een akkoord."

Basis foar akkoart begjin maaie ferwachte

Beemsterboer is troch de listlûkers ek frege om de ûnderhannelingen oer de ynhâld fan it akkoart te begelieden.
As formateur helpt Beemsterboer it CDA, PvdA-GroenLinks en de VVD de kommende wiken by it lizzen fan in basis foar in akkoart, dat begjin maaie ferwachte wurdt.
Dêrnei sil dúdlik wurde oft alle partijen mei-inoar fierder wurkje wolle oan in akkoart.

Ferkenner Smellingerlân advisearret koalysje mei fiif partijen

Yn Smellingerlân komt miskien wol in koälysje fan fiif partijen, as it advys fan ferkenner Béjanne Hobert oernaam wurdt.
Sy advisearret de partijen CDA, PRO, Smallingerlands Belang (SB), ChristenUnie en D66 om gear te wurkjen.
Mei-elkoar ha de partijen 19 fan de 31 sitten. De partijen moatte no noch mei-elkoar yn petear om ta in koälysje te kommen.

Advys ynformateur: Alde koälysje kin troch yn Súdwest-Fryslân

Ynformateur Sander de Rouwe advisearret in koälysje fan it CDA, GroenLinks-PvdA en de FNP yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Fierder stelt hy in kolleezje fan fiif wethâlders foar, mei twa fan it CDA, twa fan GroenLinks-PvdA en ien fan de FNP.

Konsept kolleezjeakkoart Skylge presintearre

De beëage kolleezje op Skylge wol grutte ynvestearrings yn de haven fan it eilân. Pleatslik Belang, VVD en PvdA presintearren hjoed harren plannen.
Neffens de partijen is it "vijf voor twaalf" foar it havengebiet. De tagonklikheid fan Skylge stiet ûnder druk trochdat de haven yn minne steat is. Se wolle dêrom in natuerlike oeverkonstruksje, dat soe de meast duorsume en takomstbestindige opsje wêze.
Mear wenningen en lytse wynmûnen
It kolleezje wol ek de bou fan wenningen ferhastigje. Sa wolle se njoggentich sosjale hierwenningen ferspraat oer it eilân.
Om dat allegear betelje te kinnen moatte der wol mear ynkomsten komme. In idee dêrfoar is om de toeristebelesting te ferheegjen. It kolleezje wol ek ynvestearje yn duorsume enerzjy sa as lytse wynmûnen by bedriuwen en partikulieren.

Advys nij kolleezje Ljouwert: GrienLinks-PvdA, D66, VVD en CDA

Ferkenner Martijn Balster oerlanget syn advys oan Hein Kuiken fan GroenLinks-PvdA © Omrop Fryslân
GroenLinks-PvdA, D66, CDA en VVD moatte yn de gemeente Ljouwert sjen oft se in nij kolleezje foarmje kinne. Dat stiet yn it advys dat ferkenner Martijn Balster tongersdei bekend makke hat.
In kolleezje mei dizze fjouwer partijen docht it meast rjocht oan de útslach, sa tinkt Balster. GroenLinks-PvdA ferlear al sitten mar bleau noch fierwei de grutste partij. De oare trije partijen groeiden allegear.
Let op de finânsjes
Balster sjocht al útdagings. Sa is der ûnwissens oer de finansjele posysje fan de gemeente Ljouwert yn de takomst. Benammen de jeugdsoarch en earmoedbestriding slokke in soad jild op.
Balster fynt fierder dat de ûnderhanneljende partijen goed lústerje moatte nei de ynbring fan de oare fraksjes yn de ried. Dat soarget foar bettere ûnderlinge ferhâldings yn de ried.
Hein Kuiken is troch syn partij GroenLinks-PvdA oansteld as delegaasjelieder. Hy wol sa gau as mooglik om tafel mei de partijen om te sjen oft se der útkomme kinne.
Iepen foar oare ideeën
De oanbefelling fan Balster om ek de ynbring fan oare partijen mei te nimmen, nimt Kuiken serieus. "We staan open voor goede ideeën van andere partijen. Daar moeten we samen het gesprek over aangaan. Ook over hoe we de cultuur in de raad kunnen verbeteren."
De grutste útdaging sit 'm yn hokker plannen je wiermeitsje kinne: "Onze financiële positie is nu nog goed. Maar we krijgen minder geld van het Rijk en we hebben te maken met hogere kosten. Dat wordt wel het belangrijkste onderwerp van gesprek."

Arjen Droog is prosesbegelieder yn Tytsjerksteradiel

Arjen Droog is yn Tytsjerksteradiel de prosesbegelieder foar it meitsjen fan in riedsprogramma.
Yn dat programma wurde de wichtichste stânpunten fêstlein wêr't alle partijen it oer iens binne. Dit dokumint foarmet de basis foar it takomstige belied.
Nei't it riedsprogramma klear is, giet de ynformateur fierder mei it opstellen fan in koälysjeakkoart.

Maria le Roy ynformateur yn Opsterlân

Maria le Roy wie wethâlder yn Smellingerlân © Omrop Fryslân
Opsterlands Belang hat Maria le Roy oansteld as ynformateur foar de foarming fan in nije koälysje yn de gemeente Opsterlân.
Hja wie út namme fan it FNP en GroenLinks wethâlder yn Smellingerlân en wie earder deputearre yn Seelân.
Opsterlands Belang waard mei ôfstân de grutste yn Opsterlân. De partij gie fan fiif nei njoggen sitten yn 'e ried en is dêrmei mear as twa kear sa grut as de earstfolgjende partij (FNP mei 4 sitten).

Korthuis offisjeel ferkenner yn Weststellingwerf

Sandra Korthuis © Rens Hooyenga
De nagelnije gemeenteried fan Weststellingwerf hat woansdeitejûn unanym ynstimd mei Sandra Korthuis as ferkenner. Sy is foardroegen troch Weststellingwerfs Belang.
"Ik wil u danken voor het vertrouwen in de rol van verkenner. We staan voor een bijzondere uitdaging, maar het echte werk gaat u toch echt zelf doen", spruts Korthuis yn de riedsgearkomste, dêr't ek de nije riedsleden ynstallearre waarden.
De fraksjefoarsitters fan de njoggen partijen jouwe oan iepen te stean foar petearen en gearwurking mei alle partijen.

Achtkarspelen lûkt Tom van Mourik oan as ferkenner

Tom van Mourik © Tom van Mourik
Tom van Mourik is frege as ferkenner yn de gemeente Achtkarspelen. De 69-jierrige Ljouwerter wurke acht jier as wethâlder yn Ljouwert en Flylân en wie ek waarnimmend boargemaster yn Menameradiel en Smellingerlân.
De FNP waard de grutste partij yn Achtkarspelen. Listlûker Tjibbe Brinkman lei it inisjatyf by de ried en nûge oare fraksjes út om mei nammen te kommen foar in ferkenner.
Dat wurdt dus Van Mourik. De bedoeling is dat hy 30 maart beneamd wurdt. De fraksjes beprate yn in twadde debat wat syn opdracht wurdt.

Haachske Martijn Balster ferkenner yn Ljouwert

Martijn Balster by syn beëdiging as wethâlder fan Den Haag © ANP
De eardere Haachske wethâlder Martijn Balster wurdt ferkenner yn de gemeente Ljouwert. Hy is foardroegen troch listlûker Nathalie Kramers fan GroenLinks-PvdA. Dy partij ferlear bot by de gemeenteriedsferkiezings, mar bliuwt fierwei de grutste partij.
Balster wie earder wethâlder yn Den Haag. Hy stapte ferline jier op nei't it him net slagge wie it tal wenweinplakken útwreide te krijen.
Balster kriget hjir de opdracht te sjen hokker partijen in stabyl kolleezje foarmje kinne.

Nije namme foar grutste partij

Lanlik waard hjoed de nije namme fan de fúzjepartij GroenLinks-PvdA bekend makke: Progressief Nederland. De partij wol gebrûk meitsje fan de ôfkoarting Pro.
Yn de gemeente Ljouwert wurdt dat Pro-Leeuwarden, seit listlûker Kramers.

Sandra Korthuis foardroegen as ferkenner Weststellingwerf

Beëage formateur Sandra Korthuis © Rens Hooyenga
Weststellingwerfs Belang draacht as grutste partij Sandra Korthuis foar as ynformateur fan de gemeente.
Yn de ôfrûne jierren wie Korthuis waarnimmend boargemaster yn de gemeenten Eaststellingwerf (2021-2023) en Veendam (2023-2024).
De gemeenteried bepraat it foarstel om Sandra Korthuis te beneamen as ynformateur by de riedsgearkomste op 1 april.

Marcel de Jong ferkenner op Flylân

Marcel de Jong is oanwiisd as ferkenner fan de gemeente Flylân. De Jong is op dit stuit bestjoerssekretaris fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Yn 2019 wie er in koarte perioade gemeentesekretaris op it eilân.
Op 7 april sil it advys fan de ferkenner bepraat wurde yn de gemeenteried.

Harry Oosterman beëage ferkenner yn Noardeast-Fryslân

Harry Oosterman © Omrop Fryslân
It CDA, de grutste partij yn Noardeast-Fryslân, hat Harry Oosterman foardroegen as ferkenner. Yn it saneamde ferkenningsdebat kommende moandei wurdt oer dizze foardracht stimd.
Oosterman wie yn it ferline ûnder mear boargemaster fan de gemeente Eaststellingwerf.
Foar de ferkenningsfaze wurdt yn prinsipe twa wiken útlutsen.

Ferkenner: SAM, Gemeentebelangen en CDA moatte koälysje foarmje yn Waadhoeke

Ferkenner Peter van der Voort advisearret in koälysje fan SAM, Gemeentebelangen en it CDA yn de gemeente Waadhoeke..
Dy koälysje soe in stevige mearderheid fan 19 fan de 29 sitten hawwe.
Van der Voort advisearret om mei fiif wethâlders te wurkjen om de wurklêst wurkber te meitsjen. Twa fan de wethâlders soenen fan SAM komme moatte, ien fan Gemeentebelangen en ien fan it CDA. De lêste soe net oan ien fan de partijen ferbûn wêze moatte.

Sander de Rouwe ynformateur yn Súdwest-Fryslân

Sander de Rouwe © Omrop Fryslân
Sander de Rouwe is foardroegen as ynformateur yn gemeente Súdwest-Fryslân. It CDA, dat yn dy gemeente de grutste wurden is, hat syn partijgenoat frege.
De Rouwe is op it stuit boargemaster fan Kampen en ken de gemeente goed: hy komt fan Boalsert.

Ferkenner Skylge stelt koälysje foar sûnder grutste partij

Colin de Beer en Leefbaar Terschelling falle bûten de boat © Omroep Zilt
Ferkenner Pauline Krikke fan de gemeente Skylge stelt in koälysje foar fan Plaatselijk Belang, de VVD en de PvdA. Dêrmei giet se foarby oan Leefbaar Terschelling, de grutste partij op it eilân.
Listlûker Colin de Beer fan Leefbaar leit him dan ek net by it advys del. "De Terschellinger bevolking heeft zich duidelijk uitgesproken", fynt er. De Beer wol in formaasjeproses begjinne mei Samen Terschelling.
Plaatselijk Belang, de VVD en de PvdA hawwe lykwols al oanjûn it iens te wêzen mei it advys fan Krikke, meldt Omroep Zilt. Dy partijen hawwe in mearderheid yn de ried.

Béjanne Hobert ferkenner yn Smellingerlân

Béjanne Hobert is foardroegen as ferkenner yn de gemeente Smellingerlân. Hobert is op it stuit foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer by Primenius Onderwijs en Opvang.
Oan Hobert is frege om te ûndersykjen hokker type bestjoersakkoart oft draachflak hat: in koälysje-akkoart, in riedsakkoart of in oare fariant.
Hobert sil binnen 14 dagen ferslach útbringe oan de gemeenteried.

Groenhof en Van der Molen ynformateurs yn De Fryske Marren

Harry van der Molen © Omrop Fryslân, René Koster
Sjoerd Groenhof en Harry van der Molen binne oansteld as ynformateurs yn de gemeente De Fryske Marren.
De FNP en it CDA waarden by de gemeenteriedsferkiezingen fierwei de grutste yn de gemeente en dêrom leverje se beide in ynformateur út it eigen fermidden.
Van der Molen en Groenhof sille oriïntearjende petearen fiere mei alle politike partijen en ûndersykje hokker opsjes oft der binne foar in effektive gearwurking tusken partijen yn in koälysje.
Groenhof wie earder fraksjefoarsitter fan de FNP yn Achtkarspelen en Van der Molen hat ûnder mear fiif jier yn de Twadde Keamer sitten foar it CDA.

Ter Keurs ek ferkenner yn Eaststellingwerf

Ek yn de gemeente Eaststellingwerf sil Eric ter Keurs as ferkenner oan de slach. Dat docht de âld-boargemaster dêr wol pas nei ôfrin fan in 'tsjuttingsdebat' op 1 april.
De fraksjes binne ôfrûne freed al wol yn 'e kunde kaam mei Ter Keurs. Nei it debat sil hy ûndersykje oft in stabile mearderheidskoälysje mooglik is.
Vrije Partij Ooststellingwerf is de grutste partij wurden, mar it skeelde hast neat mei de VVD en it CDA. Mei syn trijen hawwe se lykwols krekt te min sitten foar in mearderheid.
Ter Keurs is dus sawol yn Eaststellingwerf as yn Dantumadiel aktyf as ferkenner.

Eric ter Keurs wurdt ferkenner yn Dantumadiel

Eric Ter Keurs © Omrop Fryslân
Ald-boargemaster Eric ter Keurs wurdt ferkenner yn de gemeente Dantumadiel. De grutste partij nei de ferkiezingen yn dy gemeente, Gemeentebelangen Dantumadiel, hat Ter Keurs dêrfoar oanwiisd.
"Ter Keurs sil op syk nei in stabyl bestjoer mei riedsleden en wethâlders dy't inoar oanfolje en goed gearwurkje kinne", neffens listlûker en hjoeddeisk wethâlder Kees Wielstra fan Gemeentebelangen.
Eric ter Keurs is op dit stuit Steatelid en dosint oan de Thorbecke Academie. Yn it ferline wie hy boargemaster fan Tytsjerksteradiel en Leeuwarderadeel.

BBB'er Beemsterboer as ferkenner oan 'e slach yn Harns

Jelle Beemsterboer © Provinsje Noard-Hollân
Ek Harns hat in ferkenner fûn, en wol in Noard-Hollanner. BBB-deputearre Jelle Beemsterboer stekt de Ofslútdyk oer om de Harnzer polityk nei in akkoart te lieden. Dat meldt Omroep Zilt.
CDA waard de winner yn de gemeente Harns, hoewol't de partij minder sitten pakt as earder tocht. Dochs mei Hendrik Sijtsma it foartou pakke en in ferkenner foarstelle.
Dat wurdt dus Jelle Beemsterboer. Hy is deputearre yn Noard-Hollân en is lid fan de BBB. Earder wie er wethâlder foar it CDA yn Schagen.
Sijtsma wol noch neat loslitte oer hokker partijen hy yn in koälysje wol. "Daarvoor gaan we een informateur aanstellen. Het zou vreemd zijn als ik nu zeg: zo wil het CDA het hebben."
"Eerst maar eens kijken of we een coalitieakkoord willen, een raadsakkoord of een akkoord op hoofdlijnen", zegt Sijtsma.

Peter van der Voort ferkent opnij yn Waadhoeke

Peter van der Voort © RTV Drenthe
Peter van der Voort wurdt ferkenner yn de gemeente Waadhoeke. Dat meldt de lokale omrop Zilt. Van der Voort is dokter. Hy siet foar D66 yn de Earste Keamer.
Fjouwer jier lyn wie Van der Voort ek ferkenner yn Waadhoeke. Hy stie doe oan de widze fan it kolleezje fan SAM, Gemeentebelangen en FNP. Doe wie SAM de grutste partij. No hat SAM opnij it foartou yn de formaasje.
De partij lit witte dat de formaasje fjouwer jier lyn goed befallen is, en dêrom is Van de Voort no opnij frege.

Auke van der Goot ferkenner yn Hearrenfean

Auke van der Goot © FNP/Shutterstock
Earste Keamerlid Auke van der Goot is oansteld as ferkenner yn Hearrenfean. Hy sil mei alle listlûkers om tafel om te sjen watfoar koälysje der mooglik is.
Van der Goot is senator foar Onafhankelijke Politiek Nederland (OPNL). Dat is in gearwurking fan lokale en regionale partijen.
Hy is foardroegen troch Heerenveen Lokaal. Dy partij is mei seis sitten de grutste yn de gemeente. Van der Goot sels is lid fan de FNP. Dy partij hat 3 sitten yn Hearrenfean.
De listlûker fan Heerenveen Lokaal, Ankie Speel-Bakker, beklammet dat it oanstellen fan Van der Goot net direkt oanjout dat se in foarkar hat foar de FNP.
"Hij is een verbinder. Een bruggenbouwer. Iemand die goed kan luisteren. En totaal onafhankelijk."
Se ken Van der Goot omdat se kommisjelid is foar Provinciaal Belang Fryslân. Fanút dy rol hat se gauris kontakt mei de OPNL-senator. "We hadden ons geen betere kunnen wensen."
Mei it oanstellen van de ferkenner is Hearrenfean de twadde gemeente fan Fryslân dy't formeel mei it formaasjeproses begûn is. Speel-Bakker is dêr bliid mei. "Gas erop!"

Pauline Krikke oanwiisd as ferkenner op Skylge

Pauline Krikke © ANP
Pauline Krikke is oanwiisd as ferkenner op Skylge.
Krikke wie yn it ferline boargemaster fan Arnhem en Den Haag en hat yn 2023 de ried begelaat by it ferbetterjen fan de ferhâldingen nei in fertrouwenskrisis.
Krikke sil mei alle seis partijen op it eilân - Leefbaar Terschelling, Plaatselijk Belang Terschelling, VVD, Samen Terschelling, PvdA en CDA - yn petear om te sjen hokker partijen oft mei-inoar gearwurkje kinne soenen yn in koälysje.

Goeiemiddei

De stimmen binne teld en hoewol't de útslaggen noch net offisjeel fêststeld binne, is it tiid foar it koälysjefoarmingsproses.
Yn dit liveblog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen.
Lês hjirûnder alles werom oer de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân: