Opsterlands Belang grutte winner fan gemeenteriedsferkiezing yn Opsterlân

It gemeentehûs fan Opsterlân © Omrop Fryslân
Opsterlands Belang hat 36,5 prosint fan de stimmen by de gemeenteriedsferkiezing yn Opsterlân krigen. Dêrmei is de partij fan listlûker Anneke Oosterwoud fierwei de grutste wurden.
Opsterlands Belang kriget no njoggen sitten, dat is in winst fan fjouwer sitten.
De útslach fan de gemeente Opsterlân © ANP
Efter Opsterlands Belang sit in gapjend gat. De FNP is mei fjouwer sitten de twadde partij wurden en dy partij wint dêrmei ien sit.
De klappen falle yn Opsterlân by GroenLinks-PvdA. Dy partij giet fan fiif nei trije sitten. De oare partijen bliuwe kwa sitten stabyl.
De ried yn Opsterlân is wat grutter wurden (fan 21 nei 23 sitten). Dat komt omdat de gemeente kwa ynwennersoantal groeid is.
Wat ek groeid is, is it opkomstpersintaazje: fan 55,1 nei 59, 1 prosint.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.