CDA fierwei de grutste yn Súdwest-Fryslân, GroenLinks-PvdA en FNP ferlieze
It CDA mei listlûker Bauke Dam is de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezing yn Súdwest-Fryslân. De partij giet fan sân nei njoggen sitten.
Dêrmei is it CDA de iennige koälysjepartij yn de gemeente dy't wint. De PvdA die dizze ferkiezingen tegearre mei GroenLinks mei, mar dy kombinaasjepartij giet fan tsien nei sân sitten. Ek de FNP leveret yn. Dy partij giet fan seis nei fjouwer.
Winners fine we benammen oan de rjochterside fan it politike lânskip. Forum voor Democratie giet fan ien nei trije sitten, en de BBB en de PVV komme mei twa sitten de gemeenteried yn.
Ek D66 wint: dy partij giet fan twa nei trije sitten.
SP hâldt ien sit oer.
Nieuw Sociaal, dat yn de foarige perioade noch twa sitten hie, ferdwynt út de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân.
De opkomst lei mei 59,2 prosint wat heger as yn 2022 (55,6 prosint).