CDA kriget measte stimmen by gemeenteriedsferkiezing yn Smellingerlân

Gemeentehûs Smellingerlân © Omrop Fryslân
It CDA mei listlûker Tjebbe van der Meer hat de measte stimmen krigen by de gemeenteriedsferkiezing yn Smellingerlân. De partij bliuwt stabyl mei fiif sitten.
GroenLinks-PvdA komt ek op fiif sitten út. Dy partij leveret dêrmei wat terrein yn.
De útslach yn de gemeente Smellingerlân © ANP
In soad ferskowingen binne der fierder net yn de ried fan Smellingerlân. De ChristenUnie giet fan fiif nei trije sitten en is dêrmei de grutste ferliezer.
Miskien dat it ferlies fan de ChristenUnie it sukses fan de SGP ferklearret. Dy partij komt nammentlik mei ien sit nij de gemeenteried yn.
Smallingerlands Belang, de ELP en de FNP hawwe in beskieden winst fan ien sit. De SP moat der just ien ynleverje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.