FNP en CDA nek oan nek yn De Fryske Marren, Forum voor Democratie wint flink

Gemeentehûs fan De Fryske Marren © Gemeente De Fryske Marren
De partijen dy't by de foarige ferkiezingen de koälysje foarmen yn de gemeente De Fryske Marren binne by de gemeenteriedsferkiezingen de grutste wurden. Hokker partij oft de measte stimmen krigen hat, is noch net wis.
It giet tusken it CDA en de FNP. It ferskil tusken beide partijen is op it stuit mar twa stimmen yn it foardiel fan de FNP. Dat ferskil is sa lyts dat pas by de offisjele fêststelling fan de útslach dúdlik wurdt hokker partij oft de ferkiezing wûn hat.
Beide partijen komme út op sân sitten. Dêrmei bliuwt de FNP stabyl en wint it CDA ien sit.
De útslach fan de gemeente De Fryske Marren © ANP
De measte stimmen hawwe se net krigen, mar meist wol sizze dat Forum voor Democratie de grutte winner is yn De Fryske Marren. De partij fan listlûker Armin Krijgsman giet fan ien nei fjouwer sitten.
GroenLinks-PvdA giet fan fiif nei fjouwer. Ek de VVD (fan fjouwer nei twa) en Kleurrijk Fryske Marren (fan trije nei ien) leverje yn.
De BBB en Ondernemende Friezen komme mei ien sit de gemeenteried yn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.