GroenLinks-PvdA ferliest flink yn Ljouwert, mar is wol grutste partij
GroenLinks-PvdA fan listlûker Nathalie Kramers is de grutste partij fan de gemeente Ljouwert wurden, mar yn ferliking mei 2022 leveret de partij flink yn.
Doe dienen GroenLinks en PvdA noch as losse partijen mei en behellen se mei-inoar opteld fyftjin sitten (36,3%). GroenLinks-PvdA komt no op 9 sitten (21,6%) út.
D66 giet fan trije nei fiif sitten, Forum voor Democratie fan ien nei trije sitten en JA21 komt binnen mei twa sitten.
GB058 ferliest flink. Yn 2022 behelle de partij noch sân sitten, no komme se net fierder as fjouwer sitten.
De SP, SL!M en de Partij voor de Dieren komme de gemeenteried yn mei ien sit.