Utslach De Fryske Marren sit noch tichter byinoar: twa stimmen tusken grutste partijen

Nei de sitting fan it gemeentlik stimburo is de foarriedige útslach fan de gemeenteriedsferkiezingen fan De Fryske Marren noch wat bysteld. De FNP giet noch hieltyd oan kop, mar it ferskil mei de twadde partij, it CDA, is twa stimmen wurden yn stee fan njoggen.
It ferskil is sa lyts, dat pas oare wike by de offisjele fêststelling fan de útslach dúdlik wurdt hokker partij oft de ferkiezing wûn hat.
Oan it tal sitten feroaret neat: beide partijen komme út op sân sitten.

Korreksje yn Harns: CDA dochs net de grutte winner

It CDA like de measte sitten te krijen nei de gemeenteriedsferkiezingen yn de gemeente Harns. Mar neat is minder wier, want nei in korreksje behellet de partij fan listlûker Hendrik Sijtsma net fiif, mar fjouwer sitten.
En dat binne der likefolle as GrienLinks-PvdA Harns. Dy partij like earst trije sitten te krijen, mar hawwe der ien by krigen en geane dus ek nei fjouwer.
It CDA hat noch hieltyd wol de measte stimmen krigen. Sy krigen 1.744 stimmen, tsjinoer 1.343 foar GrienLinks-PvdA.
Oan de rest fan de útkomst feroaret neat: VVD (twa sitten), Wad'n Partij Harlingen (twa sitten), HOOP (1 sit) en D66 (1 sit) meitsje de Harnzer gemeenteried kompleet.

Eric ter Keurs: "Beter stemmen op een protestpartij, dan niet stemmen"

Eric ter Keurs © Omrop Fryslân
De lanlike partijen hawwe terrein ferlern by de riedsferkiezingen, mar dochs is VVD-steatelid en bestjoerskundige Eric ter Keurs net ûntefreden.
"Als je kijkt naar de drie partijen die nu het kabinet in Den Haag vormen, stel ik vast dat ze zetels gewonnen hebben", seit Ter Keurs.
Yn gjin fan de Fryske gemeentes helje dizze partijen in mearderheid, mar dat hawwe se yn Den Haag ek net.
"De grootste oppositiepartij, GroenLinks/PvdA, krijgt een flinke dreun", seit Ter Keurs, dy dat ferklearret troch de fúzje dy't noch altyd net útpakt sa't it betocht wie.
Ter Keurs is benammen bliid mei de opkomst, dy't yn Fryslân 56,4 prosint wie neffens 53,8 prosint yn 2022.
"Dan moet je accepteren dat de mensen die komen stemmen dat doen op een protestpartij", seit er. "Ik heb liever dat ze stemmen op een protestpartij, dan dat ze thuis blijven."
"Op het moment dat je stemt op een protestpartij, geloof je namelijk nog in het systeem."

Koalysje Tytsjerksteradiel hat mearderheid, mar kinne se om Jesse Looijenga hinne?

Nei de foarige ferkiezingen ûntstie yn Tytsjerksteradiel in koalysje tusken CDA, FNP en PvdA/GL. Wylst it CDA noch altyd de grutste is, ferlearen FNP en PvdA/GL elk ien sit.
Nettsjinsteande it ferlies fan FNP en PvdA/GL hat de hjoeddeistige koalysje noch altyd in mearderheid, mar de fraach is oft se om nijkommer Better Foar Tytsjerksteradiel hinne kinne.
Dy partij stie earst bekend as BVNL en siet al mei trije sitten yn de ried. No skoarde de partij fan foarman Jesse Looijenga noch better en komme se mei fiif sitten yn 'e ried, like folle as it CDA.
"Ik bin bliid dat wy sa grut binne en ik bin wiis dat safolle minsken stimd ha", sei Looijenga justerjûn. "Dat is echt in probleem fan de gemeentepolityk."
It CDA woe justerjûn net foarút rinne op de formaasje, listlûker Jan Willem Sietsma: "Dêr moatte wy earste in nachtje oer sliepe."

Measte ûnjildige stimmen útbrocht op Skiermûntseach

It tellen fan stimbiljetten © ANP
Op Skiermûntseach binne yn ferhâlding de measte ûnjildige stimmen útbrocht. It giet om 1,1 prosint (7 stimmen) fan de útbrochte stimmen.
By de gemeenteriedsferkiezingen yn 2022 lei dat persintaazje noch op 0,6 prosint (4 stimmen).
It ANP meldt dat yn gemeenten dêr't in lytser stimbiljet brûkt wurdt, mear stimmen ûnjildich ferklearre binne. Gjin fan de Fryske gemeenten die mei oan it eksperimint.

Winst en ferlies

Fan de 301.271 stimmen dy't yn ús provinsje útbrocht binne, gienen der 109.242 nei in lokale partij (goed foar 169 sitten). Yn 2022 wienen dat noch 98.377 (goed foar 166 sitten).
Fan de lanlike partijen is dúdlik dat GroenLinks-PvdA de klappen opfange moat. De partij gie werom fan 75 nei 52 sitten yn de provinsje.
Ek de ChristenUnie hat in teloarstellend resultaat: de partij ferlear oer de folsleine provinsje 8 sitten en hat der no noch mar 18 oer.
Winners binne der ek: Forum voor Democratie (+15 sitten) en de BBB (11 by harren debút) kinne harren sukses fiere.
Ien fan dy gemeenten dêr't de BBB goed skoard hat, is de gemeente Waadhoeke:

Stimmen telle giet troch

Stimmen telle yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Pelle Numan
Yn alle gemeenten is it tellen fan de stimmen noch net klear. Alles moat kontrolearre wurde en bart soarchfâldich.
Yn Ljouwert sil der neat mear feroarje oan de nûmer ien: GroenLinks-PvdA hat yn dy gemeente de measte stimmen krigen, mar de partij ferlear yn ferliking mei fjouwer jier lyn wol flink.

Ferskillen lyts yn guon gemeenten

Yn meardere gemeenten lizze de nûmers ien en twa hiel ticht byinoar.
Skylge springt it meast yn it each: dêr is it ferskil tusken Leefbaar Terschelling en Plaatselijk Belang Terschelling mar twa stimmen yn it foardiel fan earstneamde.
Ek yn De Fryske Marren binne de ferskillen hiel lyts: dêr is it ferskil tusken de FNP en it CDA mar njoggen stimmen.

Skiermûntseach tredde fan Nederlân yn opkomstsifers

Skiermûntseach wie by de gemeenteriedsferkiezingen de tredde gemeente fan Nederlân as wy sjogge nei de opkomstsifers.
76,1 prosint fan de ynwenners brocht in stim út. Fjouwer jier lyn wie dat noch 80,2 prosint.
Staphorst (80,6 prosint) en Rozendaal (76,4 prosint) stean dêrtroch no heger op de list.
Lanlik lei de opkomst in bytsje heger dan fjouwer jier lyn. Doe wie it 50,9 prosint, no hat 54,1 prosint fan de minsken mei stimrjocht nei de stimbus west.

GroenLinks-PvdA Súdwest Fryslân wol net gearwurkje mei Forum voor Democratie

De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezing wienen noch mar krekt binnen of listlûker Marianne Poelman fan GroenLinks-PvdA yn Súdwest-Fryslân makke al dúdlik dat se net gearwurkje sille mei Forum voor Democratie.
Dy partij wûn flink en komt mei trije sitten yn de ried. Listlûker Barry Bibo fan Forum is yn it ferline feroardiele foar it hawwen fan in himpkwekerij. "Ik heb een plantje water gegeven en dat mocht niet van het OM. Het zou eigenlijk geen naam moeten hebben, het was een kleine en domme fout."
Poelman is it dêr net mei iens en fynt it ûnbegryplik dat Bibo yn de ried sit. "Ik hoorde dat de partijleider van Forum degene is met een strafblad, met een hennepkwekerij. Ik kan me niet voorstellen dat we met zo iemand samenwerken in de coalitie."

FNP wint in sit yn Achtkarspelen en dêr is Tjibbe Brinkman bliid mei

Mei 19,9 prosint is it FNP yn Achtkarspelen de grutste partij wurden. Dat soarge foar in soad emoasje by listlûker Tjibbe Brinkman fan Twizel.

De ferklearring fan it sukses fan Opsterlands Belang

Opsterlands Belang siet yn de foarige perioade al mei fiif sitten yn de gemeenteried fan Opsterlân, mar der binne juster fjouwer by kaam. De partij fan Anneke Oosterwoud hat sa'n fjirtich prosint fan de stimen krigen.
Hoe't dat kin? "Ik tink dat wy as gemeente hiel stabyl binne, der barre net in soad gekke dingen. De ried wurket goed gear, gjin gedonder", seit Oosterwoud.
"As de lanlike trend is dat lokale partijen it goed dogge, dat spilet mei. Mar mei sa'n oerwinning kinne wy ek stelle dat wy wat goeds dogge."
De partij hie minsken op de list út hast alle doarpen fan de gemeente dy't ek sichtber binne yn de mienskip, mar ek dy't lanlik sjoen op ferskate partijen stimme.
"Us gearkomsten yn de fraksje smite hast altyd mear diskusje op as yn de ried, mar wy komme altyd ta in moai kompromis."

De ChristenUnie hat it dreech, SGP ek yn de ried yn Smellingerlân

De útslach yn de gemeente Smellingerlân © ANP
De ChristenUnie hat it net sa goed dien, is de konklúzje nei de ferkiezingen. Se ferlieze yn totaal 8 sitten. De partij hat yn de 13 gemeenten dêr't it aktyf is noch 18 sitten oer.
"De ChristenUnie hat wolris de grutste west yn Smellingerlân, mar dêr komme se no lang net oan ta. Dat is in faktor dy't it CDA holpen hat", seit ferslachjouwer Onno Falkena.
Dat SGP no in sit helle hat yn Smellingerlân, spilet ek mei. "Dêr hat de ChristenUnie lêst fan, dat is wis. De ChristenUnie hat gauris goeie minsken, se komme mei serieuze programma's, maar elektoraal buorkje se efterút."
Oant no ta wie de SGP allinnich yn Dantumadiel fertsjintwurdige, mar dat feroaret mei in sit yn Smellingerlân. "Dat is unyk", seit Harrie van der Molen. "It binne nuvere tiden."

Wy sjogge efkes werom op de útslaggenjûn

It CDA is de grutste yn Harns, mar in grutte ferrassing is it net

Hendrik Sijtsma is mei it CDA de grutste yn Harns © Omroep Zilt, Rutger Pen
It CDA timmeret yn Harns al langer oan de wei, mar neffens polityk ferslachjouwer Onno Falkena is it sukses te ferklearjen troch ien man: Hendrik Sijtsma.
De feehâlder en yntusken wethâlder docht it hiel goed. "It is in man dy't maklik kommunisearret", seit Falkena.
Neffens âld-Keamerlid fan it CDA Harry van der Molen stiet Sijtsma midden yn de mienskip en is dat in grut foardiel.
"Je moatte josels wêze", fynt Van der Molen. Doe't ik in pear jier lyn filmkes seach dat hy mei syn trekker de auto's fan minsken út in stik lân luts, tocht ik al: hy kin wolris grut wurde."
"As je sa ticht op de mienskip steane, dogge je it goed."
Ek minsken dy't fan hûs út net tradisjoneel stimme op it CDA, kieze no foar dy partij. "Benammen omdat hy in goeie keardel is", seit Falkena.

Ferlies foar FNP yn Noardeast-Fryslân, mar listlûker Koonstra is realistysk

It FNP hat oer de hiele provinsje sjoen acht sitten ferlern by de riedsferkiezingen. Yn Noardeast-Fryslân gie de partij fan acht nei fiif sitten yn de ried.
FNP-listlûker Bert Koonstra fan Sweagerbosk hie wol rekken holden mei ferlies. "Je wolle it leafst alle sitten hâlde, mar dit is polityk", seit Koonstra. "As je saken beslisse, krije je net elkenien mei."
Dochs is Koonstra wol tefreden. "It like der lang op dat we seis sitten hawwe soenen, mar mei fiif sitten binne wy second best."
It ferskil mei fjouwer jier lyn is dat Aant Jelle Soepboer net mear op de list stie. Koonstra wol net te betiid konklúzjes lûke. "Hy is in stimmekanon en hat minsken nei ús ta helle, mar wy meitsje yn Noardeast-Fryslân in beweging nei rjochts mei Liberaal Noardeast-Fryslân en de BBB, ik wol net te gau konkludearje dat it oan Soepboer leit."
It CDA sil no de earste stap sette moatte yn de formaasje, dy partij is mei seis sitten de grutste wurden yn Noardeast-Fryslân.

Yn hast alle gemeenten in heger opkomstpersintaazje

Opkomst de gemeente © Omrop Fryslân
Mei 56,4 prosint leit de opkomst dizze kear heger as by de foarige gemeenteriedsferkiezingen, yn 2022. Doe lei it opkomstpersintaazje op 53,8 prosint.
Benammen yn Weststellingwerf lei it opkomstpersintaazje folle heger as fjouwer jier werom. Doe stimde 50,1 prosint fan de minsken mei stimrjocht. No leit dat persintaazje op 57,8 prosint.
Der binne trije gemeenten dêr't it opkomstpersintaazje leger leit as yn 2022. Dat binne Harns, Amelân en Skiermûntseach.

PvdA-koryfee Jaap Stalenburg oer de teloarstellende útslaggen foar syn partij

Dit wiene de gemeenteriedsferkiezingen fan 2026

Lokale partijen binne de grutte winner

De lokale partijen binne yn Fryslân de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezingen. Fan de 410 riedssitten geane der 169 nei in lokale partij.
Dat komt del op hast 35 prosint fan it totaal oantal stimmen. Dêr moat wol by sein wurde dat mar 56,4 prosint fan de Friezen mei kiesrjocht ek echt de stap nei de stimbus makke.
Yn 10 fan de 18 Fryske gemeenten is in lokale partij de grutste wurden.
Dat binne AmelandEén, Gemeentebelangen Dantumadiel, Heerenveen Lokaal, Vrije Partij Ooststellingwerf, Opsterlands Belang, Ons Belang Schiermonnikoog, Leefbaar Terschelling, Nieuw Liberaal Vlieland, SAM Waadhoeke en Weststellingwerfs Belang.

Fryslân Kiest: de moarnsedysje

Earryt Sijens en Feike Wouda © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is der alwer op tiid by mei in spesjale edysje fan Fryslân Kiest, presintearre troch Earryt Sijens.
It is foar it earst dat de Omrop ek op de moarn nei de ferkiezingen de balâns opmakket.
Wat betsjutte de útslaggen foar de kommende fjouwer jier? VVD-Steatelid Eric ter Keurs, PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg en polityk ferslachjouwer Onno Falkena jouwe tsjutting by de útslaggen.
It programma is op radio en telefyzje te folgjen.

Goeiemoarn!

Fryslân wurdt wekker yn in nije politike realiteit. De stimmen binne teld, de útslaggen binne bekend.
Yn dizze livebloch hâldt Omrop Fryslân dy op 'e hichte fan alle reaksjes, winners en ferliezers.