In sûkeromke by sc Hearrenfean; moat de klup op syk nei it 'Boekhoorn-effekt?'
Sportklup Hearrenfean nimt it fan 'e middei op tsjin de grutte ferrassing fan dit seizoen: NEC. De ploech út Nijmegen stiet op it tredde plak yn de earedivyzje en is noch yn de race foar Champions League fuotbal.
By NEC is miljardêr Marcel Boekhoorn al jierrenlang de finansjele motor efter de klup. Mei syn fermogen fan sa'n 2,8 miljard euro spilet de ûndernimmer in krúsjale rol yn de Europeeske ambysjes fan 'syn' klup.
Ek wat foar Hearrenfean?
Dat ropt fansels de fraach op, is sa'n 'sûkeromke' ek wat foar sc Hearrenfean? Of past dat net by de identiteit fan de klup?
Wy lizze de fraach foar oan trije kenners. Algemien direkteur Ferry de Haan, earefoarsitter Riemer van der Velde en âld-haadsponsor Sytse Bouwer.
"Dit is natuurlijk een vraag die geregeld naar boven komt", seit Ferry de Haan. "Ik denk dat het belangrijk is om aan de voorkant goed af te stemmen wat de bedoeling is van zo'n suikeroom."
"Is dat een winstoogmerk, dan moeten wat mij betreft alle alarmbellen gaan rinkelen."
Boppedat moatte je as klup nea ôfhinklik wurde fan in eksterne jildsjitter, seit De Haan. "Op het moment dat zo iemand zegt: 'Ik vind het niet meer leuk, ik ben weg', dan kan je hard vallen. Dat is een enorm groot risico."
Sûnder Marcel Boekhoorn hie NEC noch yn de KKD fuotballe.
Dochs kin it ek foardielen ha, moat De Haan tajaan: "Het kan zorgen voor meer financiële armslag en dus meer mogelijkheden. Dan kan je waarschijnlijk sneller je sportieve doelstellingen behalen."
Earefoarsitter soe foar wêze
"Ik soe der gjin problemen mei hawwe", seit earefoarsitter Riemer van der Velde. "Boekhoorn lit de trainer lekker syn gong gean en is ek net hiel lestich foar de lieding fan de klup. It is boppedat in echte supporter fan NEC. Ik tink dat se dêr wol wiis mei him binne."
"It wichtichste is dat je as klup operasjoneel sûn binne", leit Van der Velde út. "Dan kinst de opbringsten fan de ferkeap fan spilers wer brûke om dyn seleksje te fersterkjen."
"Ferjit net dat sawol Boekhoorn by NEC, mar ek Frans van Seumeren by FC Utrecht, dat is út need berne. Utrecht siet swier yn de problemen en Van Seumeren hat se rêden. En sûnder Marcel Boekhoorn hie NEC noch yn de KKD fuotballe. As se der überhaupt noch west hiene."
Pinpas
"Lit ik foarop stelle: ik haw net safolle jild as Boekhoorn", seit Sytse Bouwer. "Dy hat in ûneinig budzjet en dêr hat NEC in protte foardiel fan."
"Wannear't je as klup sa'n pinpas hawwe, je drukke op 'e knop en der komt jild út, dan is dat fantastysk. Want dan kinne je hegere salarissen betelje en dus bettere spilers helje."
Wa is Sytse Bouwer?
Sytse Bouwer (50) is de oprjochter fan GroenLeven. In bedriuw dat sinneparken en sinnedaken oanleit. Boppedat is hy fanatyk supporter fan sc Hearrenfean.
Yn 2018 ferkeapet Bouwer, tegearre mei syn sakepartner, 70 prosint fan syn bedriuw foar in bedrach fan mear as 150 miljoen euro.
Trije jier lang (fan 2016 oant 2019) stiet Bouwer mei de namme fan syn bedriuw op it shirt fan sc Hearrenfean.
Hoe giet soks no dan? "Stel no dat Hearrenfean in topspiler ophelje kin, mar se kinne syn salaris net betelje," fertelt Bouwer. "Dan wol ik myn bêst wol dwaan om sponsoaren út It Hearrenfean sa fier te krijen om mei-inoar dat salaris op it kleed te lizzen."
Al hat Bouwer eins noch in better idee. "Ik kin ek Riemer opbelje. Dy hat safolle kontakten, dan spilet Messi hjir foar neat, haha."
NEC-Hearrenfean live by Omrop Fryslân
De wedstriid NEC - sc Hearrenfean begjint sneintemiddei om 12.15 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn de programma's Buro de Vries en Snein yn Fryslân.
It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer. Op ús webside en yn de Omrop-app hâlde we in livebloch by.
Dochs hat ek Bouwer syn betinkingen wol by in eksterne finansier. "It is net sûn as dy persoan ynfloed hat op sportyf mêd. Yn de tiid dat ik haadsponsor wie, krige ik dy fraach oft ik ynfloed hie op de opstelling ek wol. Dat soe de wrâld op syn kop wêze."
Dat is net it gefal by Boekhoorn. Dat is in sûkeromke op 'e eftergrûn dy't sa no en dan de beurs lûkt. "Wannear't je it goed skiede kinne, dan kin dat de klup in soad foardielen opsmite."