It is no 'moneytime' foar sc Hearrenfean: "Hele seizoen hard gewerkt, nu moeten we presteren"

Bliidskip nei de iepeningstreffer fan Lasse Nordås © Orange Pictures
De winst fan sc Hearrenfean op Telstar smiet trije wichtige punten op rjochting de play-offs. Net te ferjitten: de Friezen krigen foar it earst yn trije moannen gjin tsjingoals.
Lykwols stiet trainer Robin Veldman mei in dûbeld gefoel de parse te wurd. "Drie punten thuis pakken en een clean sheet, daarover ben ik tevreden. Maar over het spelbeeld?"
"Ik denk dat je in het eerste halfuur drie goals kunt maken. Je komt goed uit de startblokken, daarna is het een gekke wedstrijd", fertelt hy. "In de rust heb ik ook wel wat aangestipt over druk zetten."
De iepeningsstreffer kaam fan Lasse Nordås yn de 23e minuut. Dat bleau it iennige doelpunt yn de earste helte. Hij waard yn de twadde helte noch wiksele foar Dylan Vente.
"Nordås scoort en is betrokken bij doelpunten. Maar kijk je naar hoe hij verdedigt, dan moet hij daar nog wel een stap maken. Dylan is daarin veel verder. Dat is continu een afweging", seit Veldman.

Wichtich kantelpunt

Yn de twadde helte krige sc Hearrenfean in frije traap, dy't Maxence Rivera goed benutte troch te skoaren. Hy soarge dêrmei foar de 2-0. "Dat was een belangrijk kantelpunt in de wedstrijd."
Ta beslút knalde Jacob Trenskow it tredde doelpunt foar Hearrenfean noch binnen. Hast krige Telstar noch in goal, mar de bal waard krekt op tiid fan de line helle troch de Friezen.
"Maar ik denk dat we ook blij moeten zijn met die bal die nog terugkwam van de lijn en Bernt die uitstekend gekeept heeft", seit de trainer.
Maxence Rivera makke de 2-0 nei in frije traap © Orange Pictures
Bernt Klaverboer stiet breed te glimkjen nei de wedstriid en is foaral bliid mei de útslach. "Op wichtige mominten bist wichtich. No de nul hâlde yn eigen hûs, dat is wol hiel lekker."

Magneten yn wanten

De jonge Fries kaam yn de slotfaze meardere kearen yn aksje mei effisjinte rêdingen. Sitte der magneten yn syn wanten? "Dat seinen se niis ek al, ja", laket er. "In pear rollerkes en in pear lekkere ballen, dat is top."
Hearrenfean liket nei de fiifde winst yn seis wedstriden yn in goeie flow te sitten. "As je nei de stân sjogge, dan seit dat alles. No moatte we trochpakke."
"Het is een beetje wat je van tevoren verwacht als je tegen Telstar speelt", seit Joris van Overeem als er weromsjocht op it duel. "Ze zijn dominant en goed aan de bal in de lage opbouw."
"Wij hadden niet het meeste balbezit, maar we konden wel tot veel kansen komen. Ik heb op het veld geen gevoel gehad dat we het weg zouden geven."
Hij is ek kritysk op it spul fan Hearrenfean. "Normaal gesproken zijn we beter in druk zetten. Ik denk dat we nog vaster aan de bal kunnen zijn, dan zou je tot nog meer kansen kunnen komen."

Grut oerflak

Hy sprekt mei lof oer de doelpunten fan syn kollega's. "Nordås is vrij groot, een groot oppervlak om tegenaan te schieten", laket er. "En een prachtig doelpunt van Rivera. Nu het erom gaat, dan is hij er ook."
"Een thuiswedstrijd in de play-offs is het eerstvolgende doel", seit Veldman. "Als je het publiek hoort vanaf minuut zestig, dan komt er zo'n atmosfeer los."

'Moneytime'

"We komen nu in moneytime", sei Veldman yn de klaaikeamer tsjin syn ploech. "We hebben heel het seizoen hard gewerkt en moeten nu presteren."
Ferry de Haan spruts earder lûdop út dat sc Hearrenfean fyftich punten helje kinne soe yn de earedivyzje. Hoe tinke de spilers dêr sels oer? Van Overeem bliuwt yn alle gefallen mei beide skonken op de grûn.
Bernt Klaverboer yn de wedstryd tsjin Telstar © Orange Pictures
"We kijken niet te ver vooruit, de blik is nu gericht op NEC volgende week. De ambitie is er nu bij de club, dat is goed. Maar als spelers moet je naar de volgende wedstrijd kijken en dat doen wij."
Klaverboer tinkt dêr oars oer. "Ik tink dat wy dy 50 punten wol helje kinne. Ik sil gjin beloften meitsje, mar we geane der absolút foar", seit er.
"We moatte wedstriid nei wedstriid sjen. Mar mei it programma dat wy no hawwe, kinne wy it elke tsjinstanner dreech meitsje en in echt resultaat helje. Dat biedt perspektyf."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.