Walle Hoekstra stapt op as foarsitter technyske kommisje IFKS: "Ik fiel gjin fertrouwen"

Walle Hoekstra © Omrop Fryslân
De soap oer it skûtsje Ut en Thús krijt der in nij haadstik by. Walle Hoekstra (70) stapt op as foarsitter fan de technyske kommisje fan de IFKS nei in fertrouwensbrek mei it bestjoer.
"De foarsitter fan de IFKS hat gjin fertrouwen yn my", seit Hoekstra yn in reaksje oer syn opstappen. "Dus dan kinst mar ien konklúzje lûke: ik kap dermei."
De Starumer set syn stap fanwegen de ûntwikkelingen oangeande it skûtsje Ut en Thús fan skipper Luuc Elzinga. Dy waard ferline moanne it middelpunt fan in soap.

De ferbou fan de Ut en Thús

It skûtsje is yn de wintermoannen ferboud en renovearre. Mar dat is úteinlik net neffens de regels fan de IFKS bard.
In skûtsje mei renovearre of opknapt wurde, mar moat noch wol sa folle as mooglik yn de orizjinele, histoaryske steat bliuwe. De technyske kommisje (mei Hoekstra as foarsitter dus) fan de IFKS hâldt der tafersjoch op oft ferbouwingen fan skûtsjes neffens de regels barre.
Elzinga hie yn novimber 2025 kontakt mei Hoekstra oer de renovaasje fan de Ut en Thús. De skipper sette fiif punten op papier en hifke by Hoekstra oft dat goedkard wurde koe.
Neffens Hoekstra wie it akkoart, want de punten wiene yn line mei it reglemint Omschrijving Scheepsuitrusting.
"Dat ha ik yndie persoanlik weromstjoerd en foar de rest net binnen de kommisje dield. Dat komt omdat ik de hiele dei troch allegear fragen en appkes krij oer de regleminten en dan jou ik gewoan antwurd op fragen. Sa wie dit ek."
De Ut en Thús yn bettere tiden © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dat hat neffens it bestjoer fan de IFKS net de goeie gong fan saken west. Hoekstra hie mei oare kommisjeleden kommunisearje moatten dat der in renovaasje op gong kaam by de Ut en Thús.
"Walle gie akkoart mei de fiif punten fan Luuc", seit foarsitter Jaap Jelle Feenstra fan de IFKS. "Mar dat wie net genôch. Hy hie tsjin Luuc sizze moatten dat der in omskriuwing en in planning fan de wurksumheden komme moast."
"Dat klinkt formeel, mar dat jout de technyske kommisje de kâns om del te kommen en alles te kontrolearjen. Dat wie no net it gefal en dus kaam alles omtrint de Ut en Thús pas let oan it ljocht."

Ferbouwing rint oars

De ferbouwing fan de Ut en Thús rûn úteinlik hielendal oars. It skûtsje is yn it middenstik hielendal fernijd, allinnich de 'kop' en 'kont' fan it skip binne oerbleaun.
It middenstik is net mear orizjineel en autentyk dus. Dat mocht net neffens de regels en sadwaande is de Ut en Thús dêrmei útsletten fan de IFKS 2026.
De technyske kommisje karde it skip in moanne lyn ôf. Neffens Hoekstra hie hy ek net foarsjoen dat it de ferbouwing sa oars rinne soe.
"Dêrnei seagen wy dat it hiele skûtsje derút seage is, dat wie wat oars as de fiif punten. Mar dêr kinne wy neat oan dwaan."
Jaap Jelle Feenstra is foarsitter fan de IFKS © Omrop Fryslân
Dizze wike kaam op in bestjoersgearkomste de gong fan saken omtrint de Ut en Thús oan bar. Neffens it bestjoer hie Hoekstra better kommunisearje moatten nei it bestjoer, de kommisjeleden en de skipper sels.
Hoekstra kin him net fine yn dat byld. Neffens him is it ek gjin dwaan om alles wat him foarlein wurdt mei elkenien te dielen.
"Ik wurd alle dagen oansprutsen troch leden. Ik jou fuortendaliks antwurd, oars bliuwt it altyd hingjen. Ik bin ek fan it stimpel: net eamelje, mar oanpakke. Mar blykber moatte jo earst withoefolle rûnbelje nei oaren. Ik stean oars yn it libben."

Flater leit net by Hoekstra, seit IFKS

Feenstra beklammet dat hy Hoekstra net de skuld jout fan de soap. "De flater leit noch folslein by Luuc Elzinga, want dy hat yngrepen dien dy't fierstente fier gien", seit Feenstra. "Walle fynt it in fertrouwenskwestje, mar ik fertrou dy man folslein."
Dochs hâldt Hoekstra der nei seis jier mei op en moat it bestjoer op syk nei nije leden foar de technyske kommisje.
Hy bliuwt wol lid fan de IFKS, mar set him net mear yn foar kommisjes. "Ik fiel gjin fertrouwen mear, dus dan hâldt it op."
Elzinga hat yntusken mei de Vrouwe Christina in oar skûtsje fûn om mei te dwaan oan de IFKS 2026. De skipper mei noch wol meidwaan, it skûtsje Ut en Thús is útsletten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.