Jessie stiet oars yn it libben nei operaasje yn Spanje: "Bewust van de heel kleine dingen"
Noch gjin twa moannen nei in yngripende operaasje yn Spanje kin Jessie Spoor-van der Weijer har libben wer in bytsje oppakke. Se sjocht út nei wurk, autoride, Cambuur en in fakânsje.
Spoor-van der Weijer (42) hat it syndroom fan Wilkie, de aorta beknypt dan de term. Yn Nederlân wie se útbehannele en waard sein dat se miskien de simmer fan 2026 net iens helje soe.
Yn Spanje koenen se har lykwols wol helpe.
Nei't it jild mei in crowdfunding byinoar sammele wie, fûn de operaasje yn jannewaris plak. In spannende yngreep, mar it herstel gie fuortendaliks aardich.
Sa wie se 48 oeren nei de operaasje ôf fan de sondefieding en mocht se wer echt ite. "Dat was wel een heel bijzonder moment", fertelt se.
Wat se it meast mist hat? "Een bord spaghetti. Maar eigenlijk heb ik alles gemist: van een simpel broodje kaas tot een patatje. En alles smaakte ook gewoon weer heel lekker."
Wol tinkt Jessie dat se nei de operaasje wat te gau werom flein is nei Nederlân. "Ik kan nog niet zo heel lang zitten, een kwartiertje is wel het maximale."
Mei de flecht fan trije oeren waard dat in swiere opjefte. Mei wat se no wit, is se miskien wat te gau nei hûs gien, sa tinkt se. "In Spanje voelde ik me beter, daar had ik veel minder pijn. Dat komt waarschijnlijk grotendeels door de reis."
No kin se stadichoan wer har normale libben oppakke. "Ik doe af en toe boodschappen en mag weer proberen te autorijden."
De grutste befrijing is miskien wol dat se wer op in gewoane wize ite kin. It is noch net sa'n soad as foar har sykte, mar it giet de goede kant út.
"En het is zonder pijn. Dat is zo'n gekke gewaarwording, omdat je zo gewend bent om altijd veel pijn te krijgen van het eten. Dat is er gewoon niet meer."
Foar har betsjut it iten mear as allinnich in stik bôle of pasta. "Ik zit elke avond nog wel met tranen in de ogen omdat je weer onderdeel kan zijn van het gezin."
Ik kan gewoon oud worden!
"Ik besef nu pas dat ik de afgelopen jaren een buitenbeentje was, omdat ik niet kon eten. Nu zit ik gewoon weer gezellig aan tafel te eten. Dan merk je hoe verbindend eten is."
Wer plannen meitsje
Sa't it no liket soarget de operaasje derfoar dat Jessie nei har refalidaasje wer folop yn it libben stean kin. "Ik kan gewoon oud worden!"
Se is dwaande mei gruttere plannen. Se wol wer oan it wurk. Har eardere wurk as kreamfersoarchster kin se nei alle gedachten net wer dwaan, mar der is ek oar wurk.
"Ik vind het wel belangrijk om weer te gaan werken. Dat hoort bij het leven en vind ik ook heel leuk."
It sporten - wat se fjouwer kear yn 'e wike die - en har wurk as frijwilliger by Cambuur wol se ek wer oppakke.
Wat earst foar har fanselssprekkend wie, is no wat dêr't se bot fan genietet.
"Als je op dit punt hebt gestaan, sta je ook gewoon anders in het leven. Je bent bewuster van de hele kleine dingen die je doet."
Boppedat stiet der al in fakânsje op it programma. "Met een all-you-can-eatconcept", fertelt se entûsjast.