Dennis syn reade sportauto lûkt de oandacht mei in lekke útlaat

Yn Sint Anne is Dennis van Dijk drok dwaande mei syn hobby: ompiele oan syn auto. Op dit stuit reparearret er de útlit, dy't lek is. Dennis lûkt in soad oandacht mei syn auto, want dy makket no in hiel soad leven.
Dennis is handich en wurket graach sels oan syn auto. Hy hat der in nije pakking yn set en ek fuort in nij luchtfilter pleatst. "Mei de reparaasje oan de útlaat komt it mei it leven tink ik ek wol wer goed", seit Dennis.
De auto sels is ek net samar ien. It is in by­sûndere, knalreade auto út 1991 mei hiel opfallende koplampen. Hy rydt sportyf en leit moai strak op 'e dyk. Foar Dennis is it echt syn pronkstik.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.