Dylan (10) timmeret en ferkeapet fûgelhúskes om te sparjen foar in eigen boat
De 10-jierrige Dylan van der Mossel timmeret hielendal sels de moaiste fûgelhúskes. It jild dat hy fertsjinnet mei it ferkeapjen dêrfan sparret hy op foar in boat.
Dylan is in echte natuerleafhawwer. Hy hâldt fan bisten en fan bûten wêzen. Hy wit der ek al in hiel soad fan. Syn sliepkeamerke liket wol wat op in oerwâld. Mei allegearre bisteknuffels, fynsten út de natuer en boeken dêroer.
De dream fan Dylan is om letter biolooch te wurden. Mar in baan yn de ferkeap soe ek wol geskikt wêze tinkt heit Anco van der Mossel. Want prate, dat kin Dylan wol.
Muzyk fan AC/DC
Op syn pick-up draait Dylan graach muzyk fan AC/DC en The Beach Boys. Muzyk dy't er al fan syn berte ôf heard hat thús.
"Gewoan muzyk dy't goed yn inoar sit", fynt hy. "En platen binne wer hielendal yn. Ik wie lêst yn in platesaak yn Dokkum, en dêr wie it superdrok!'