Alderein thús wenje litte op de Waadeilannen is in útdaging
It wurdt hieltyd dreger foar âlderein om op de Waadeilannen wenjen te bliuwen. Dat docht bliken út in nij ûndersyk fan Planbureau Fryslân. Fergrizing, in tekoart oan soarchpersoniel, in krappe wenningmerk en de grutte ôfstân ta spesjalistyske soarch meitsje de eilannen kwetsber.
"Falt ien fan dy skeakels fuort, dan komme de grinzen fan langer thús wenjen fuort yn sicht", leit ûndersiker Jesse David Marinus út.
Troch dizze útdagingen is it neffens it Planbureau nedich om fluch aksje te ûndernimmen.
Eilannen draaie op mantelsoargers
De krêft fan de eilannen leit yn de mienskip.
Mantelsoargers en frijwilligers hâlde it systeem draaiende en soargje derfoar dat âlderein langer thús wenje kin. Mar dit makket it systeem op de eilannen ek kwetsber, seit Marinus.
"Wy sjogge dat mantelsoargers en frijwilligers sa wichtich binne foar de soarch dêr en foar it âld wurden op in eilân, dus as dat ûnder druk komt te stean, komt ek de soarch op it eilân ûnder druk te stean."
As ien skeakel ûnder druk komt, bygelyks in tekoart oan wenningen, minder soarchpersoniel of oerbelêste mantelsoargers, dan hat dat direkte ynfloed op alle oare faktoaren.
De druk op it systeem kin sa rap opsteapelje dat it de mooglikheid fan thús wenjen foar âlderein op de eilannen lytser makket.
"Alles hat mei-inoar te meitsjen, dus wy moatte breed sjen nei alle kanten fan âlder wurden", fertelt Marinus.
Fergrizing op de eilannen
De fergrizing op de Waadeilannen giet rapper as yn de rest fan it lân. Lanlik is sa'n 21% fan 'e Nederlanners 65-plusser. Op Flylân leit dat persintaazje op 22%, op Skylge en It Amelân leit it persintaazje tusken de 25% en 28%.
Skiermûntseach is wat dit oanbelanget de koprinner fan de Waadeilannen: 31% fan 'e ynwenners is dêr boppe de 65.
"Sa lang as mooglik thús wenje, is in lanlik belied", seit Marinus. "Mar op de eilannen moatte de goede omstannichheden der wêze, fan soarch oant wenjen en mantelsoarch."
Oplossings binne neffens Marinus benammen te finen yn it bouwen fan wenten foar âlderein, it passend meitsjen fan besteande wenningen en it behâlden fan jongerein, sadat se de takomstige frijwilligers en soarchpersoniel wurde kinne.
Ek de fysike omjouwing moat it mooglik meitsje dat âlderein selsstannich bewege kin op it eilân.
Grinzen oan langer thús wenjen
Op guon eilannen komt de grins fan thús wenjen rapper tichtby, sa as op Skiermûntseach.
Alle âlderen dy't ik sprutsen ha op alle fiif eilannen, sizze: ik wol it leafst hjir deagean.
"Dêr is gjin wensoarchsintrum en der binne ek gjin spesifike âldereinwenningen. As minsken mear soarch nedich hawwe, moatte se fan it eilân ôf", seit Marinus.
Op It Amelân en Flylân binne de faktoaren wat better, mar ek dêr sit in grins oan. En krekt fan it eilân ôf moatte, is de grutte eangst fan in soad âlderen.
Marinus: "Alle âlderen dy't ik sprutsen ha op alle fiif eilannen sizze: ik wol it leafst hjir deagean." De âlderein wol tusken syn minsken bliuwe, yn syn eigen mienskip en dêr bliuwe ta oan it grêf."
"En dan moatte we dochs sjen: kinne we ek soargje dat dizze minsken mei harren mienskip âld wurde kinne?"
Saken dy't nei boppe kamen yn it ûndersyk, wurde no al oanpakt, fertelt Marinus. Sa wurdt sjoen nei hoe't de foarsjennings goed yn kaart brocht wurde kinne, sadat âlderein sels sjen kin wêr't se help fine kinne.
Op Skiermûntseach binne se dêrnjonken dwaande om te sjen nei it bouwen fan nije wenfoarmen.
Mar oft dat op tiid genôch komt foar guon âlderein, is noch mar de fraach. Marinus is helder: "Dúdlik is dat der no wat barre moat."