Gjin flechten út de FAE: Friezinnen Alinda Kleefstra en Gea Bergsma sitte fêst

Gea Bergsma mei har partner Bas en bern Fleur en Rik © eigen foto
De situaasje yn Iran hat gefolgen yn it Midden-Easten en fierder. Friezinnen Alinda Kleefstra en Gea Bergsma binne no op fakânsje yn de Feriene Arabyske Emiraten (FAE), troch de oarloch tusken de Feriene Steaten, Israel en Iran sitte se dêr fêst.
Troch de gefjochten dy't op it stuit geande binne tusken it Iraanske rezjym en Israël en de FS sit it hiele loftrom yn it Midden-Easten sawat op slot.
Gea Bergsma út Ljouwert is op fakânsje mei har famylje yn Dûbai yn it noarden fan it lân. Alinda Kleefstra út Goutum is mei famylje op besite by har sweager en skoansus yn de haadstêd Abû Dabi.
Beiden sitte no mei harren gesinnen fêst en wachtsje noch oant sy wer fleane meie.

Oarloch yn Iran en it ferfolch foar oare lannen yn it Midden-Easten

Sneon hawwe de Feriene Steaten en Israel Iran oanfallen. As ferjilding hat Iran meardere lokaasjes yn de regio bombardearre. Lannen dy't ferjildingsoanfallen meld hawwe, binne ûnder oare Israel, Libanon, Jordanië, Saûdy-Arabië, Koeweit, Bachrein, Katar, Syprus en de FAE.
Flechten út de FAE, ynklusyf Dûbai en Abû Dabi, fleane ek net. In protte minsken sitte dus fêst yn de regio, it is foar no net dúdlik wannear't de lofthavens wer iepen geane.
Dûbai is in populêr plak foar fakânsjegongers, ferneamden en influencers, in protte hawwe harren ûnderfiningen en eangsten ôfrûne dagen dield op sosjale media. De haad-lofthaven yn Dûbai is ek oanfallen troch ûnder oare drones.
Op it stuit leit Kleefstra njonken it swimbad tichtby it strân, dêr is lang net alles ticht. "Wy sitte yn in feilich plak. Hast alles is noch iepen, wy merke der niks fan, foar no. Mar as wy wer in melding krije moatte wy nei binnen", fertelt sy.
Yn Dûbai liket it der wol wat op, seit Bergsma: "De sfear yn de stêd is rêstich, mar it measte is noch wol iepen."

Ofwachtsje

Bergsma hat sneon oan it begjin fan de middei te hearren krigen dat harren flecht annulearre is, dy giet op syn betiidst kommende moandei pas.
Mar it is net allegeare min nijs: "Gelokkich koene wy noch yn us appartemint bliuwe, dy wie wol reservearre mar dy minsken kinne it lân net yn", fertelt se.
Alinda Kleefstra mei har famylje yn Abû Dabi © eigen foto
Kleefstra fertelt een soartgelyk ferhaal. "Wy hawwe fan KLM te hearren krigen dat ús flecht foar moarn net trochgiet. Wy wachtsje ôf wannear't wy oan de beurt binne."
It FAE-regear hat tsjin fakânsjegongers dy't fêst sitte yn it lân sein dat oernachting- en itenskosten betelle wurde troch harren.
Ja, wy hawwe it live sjoen. Wy leine krekt op it strân, doe hearde wy doffe lûden.
Alinda Kleefstra
Bergsma en Kleefstra fernimme de spoaren fan de oarloch wol. "Ja, we ha knallen heard. Dat is ôfwargeskut dat guod út de loft knalt. Dêrfan kinne brokstikken út de loft komme", fertelt Bergsma.
"Der binne hjir gjin skûlkelders, want Dûbai is de feilichste stêd fan de wrâld. En dus hawwe wy mar yn in parkeargaraazje skûle."
Kleefstra hat de knallen ek yn Abû Dabi meimakke: "Ja, wy hawwe it live sjoen. Wy leine krekt op it strân, doe hearden wy doffe lûden, it klinkt krekt as onwaar mar wol wat steviger, en snel efter elkoar oan."
Needmelding op de telefoan fan Alinda Kleefstra © eigen foto
"Je herkenne it fansels net hielendal, mar wy hiene gau yn 'e gaten dat it net goed wie. Doe binne wy werom nei it appartemint rûn", fertelt se fierder.

Graach wer nei hûs

Nei dit ûnferwachte aventoer wolle beiden graach werom nei hûs. Foar wurk, skoalle en oare ferplichtingen hâldt de tiid gjin skoft.
"Myn dochter is hast jierdei en dy hopet hiel bot dat se thús har jierdei fiere kin. Ek fine beide bern it ferfelend omdat se toetswike ha, de ien sit yn har eksamenjier en dy wol net efterrinne", fertelt Bergsma.
Kleefstra makket har wol soargen oer de situaasje thús: "Alles thús is wol lestich. Myn âlden meitsje harren wol soargen, dy binne net sa bliid dat wy hjir sitte. Wy probearje sa folle mooglik te sizzen dat it wol tafalt."
"Mei alles watst op de telefyzje hearst snap ik dat wol, yn guon plakken is it wol slim mar net oeral", fertelt sy fierder.
Gea Bergsma mei har gesin yn Dûbai © eigen foto
Wylst se beiden graach wer nei hûs wolle, besykje se noch wat moais te meitsjen fan de bysûndere situaasje.
Bergsma hat al in pear ideeën: "De winkels en restaurants binne gewoan iepen, dus dêr sille wy dan mar wat hinne. En sjen oft de bern miskien online wat skoalle folgje kinne noch."
"Plannen meitsje wy net. Wy sjogge wol wat kin en wat feilich oanfielt, miskien geane wy straks op paad", seit Kleefstra.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.