De Kast sit yn de jukebox fan Monique en Jacob

Yn de hoeke fan de keamer fan Monique en Jacob Heeringa yn Wommels stiet in kleurrike jukebox te pronkjen. Net mear mei âldfrinzige singletsjes der yn, mar folle mei cd's.
Wat Monique oanbelanget, klinkt der foaral muzyk fan De Kast út de masine, Jacob hâldt mear fan classic rock.
Mar as it pear tegearre earne nei lústerje wol, dan falt foaral de Amearikaanske rockband The Brandos yn 'e smaak.
It stel hâldt wol fan de Amerikaanske kultuer. Foar harren 25-jierrich houliksjubileum hawwe se ferline jier mei de bern nei Florida west.
Nûmerplaten fan in hiel soad Amearikaanske steaten oan de muorre binne oantinkens fan eardere reizen nei de Feriene Steaten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.