Grutbrocht yn Ingelân mei Nederlânske âlden, en dochs Frysk prate: Hilbert docht it
Hilbert Vinkenoog is grutbrocht yn Ingelân en hat Nederlânske âlden. Dochs is hy in entûsjaste sprekker fan it Frysk: "Myn leafde foar de taal begûn op jonge leeftiid."
Hy is bekend fan syn YouTube-kanaal 'History with Hilbert', dêr't er mear as 493.000 folgers hat.
Hilbert wie 15 doe't hy foar it earst yn kontakt kaam mei it Frysk. Hy wie fuortendaliks ynteresearre.
Troch syn besteande kennis fan it Nederlânsk koe hy al in soad ferstean, mar it foel him ek op hoefolle fan it Frysk op it Ingelsk like.
"De taal foel as in brêge tusken dy twa wrâlden dêr't ik yn grutbrocht waard", sa omskriuwt Hilbert syn earste yndruk fan it Frysk.
The history of Hilbert Vinkenoog
De 26-jierrige Hilbert komt út de omkriten fan Newcastle. Hy hat Angelsaksysk, Noarsk & Keltysk studearre oan de University of Cambridge. Letter hat hy de master Viking and Mediaeval Studies folge yn Noarwegen.
Troch syn passy foar skiednis is hy in YouTube-kanaal begûn: History with Hilbert.
Op it kanaal makket hy fideo's oer ferskate histoaryske ûnderwerpen, ûnder oare oer de skiednis fan Fryslân.
Hilbert hat in leafde en in passy foar it Frysk: "Myn leafde foar de taal is al op jonge leeftiid begûn. Ik tink dat it by ús heit en mem weikomt. Taal hat altyd wichtich west yn myn libben."
Syn ynteresse yn de Fryske taal is ek groeid troch syn leafde foar skiednis. Neffens Hilbert binne beide mei-inoar ferweve.
Hilbert wol graach dat it Frysk lykweardich sjoen en behannele wurdt as it Nederlânsk.
"Ik besykje om it Frysk op itselde nivo te krijen", fertelt er.
"Dêrom sprek ik altyd minsken oan yn it Frysk as ik yn Fryslân bin. Ik besykje de gewoane dingen te dwaan yn de taal: te lêzen en te skriuwen."
Frisian with Hilbert
Syn entûsjasme foar de taal hat ek laat ta it opsetten fan in nij YouTube-kanaal: Frisian with Hilbert.
Yn Ingelsktalige fideo's fertelt hy syn ynternasjonale folgers mear oer de Fryske taal en kultuer.
Hilbert fynt it Frysk in magyske taal. Hy besiket minsken like entûsjast oer de taal te krijen as dat hy is.
Minsken begjinne mei de gruttere, mearderheidstaal omdat dat feiliger fielt.
Wylst Hilbert altyd besiket in petear te begjinnen yn it Frysk as hy yn Fryslân is, hat hy it gefoel dat oare Friezen net deselde gewoante hawwe.
"Ik tink dat in soad Friezen, as se bygelyks op in hûsbesichtiging, op skoalle of yn offisjele omjouwingen binne, automatysk of ûnbewust begjinne yn it Nederlânsk. Wylst mear as 90 prosint fan de provinsje it ferstean kin", fertelt Hilbert.
"Minsken begjinne dus mei de gruttere mearderheidstaal omdat dat feiliger fielt. En ik tink dat dat mei de skiednis te krijen hat."
Weromsjen yn 'e tiid
"Yn it ferline waard it Frysk stadichoan mear sjoen as in taal fan hûs en hiem, as taal fan it plattelân. It wie in sprutsen taal mar net in offisjele of skreaune taal", leit hy út.
Earder yn de tiid wie dat wol oars. "It Frysk libbet hjir al oardel milennium!"
"It Frysk hat wol in skreaune taal west, de earste Fryske rune-ynskripsjes komme sels al út 500 nei Kristus. Oant 1500 wie it Frysk, doe noch Aldfrysk, in skreaune taal yn in yn prinsipe ûnôfhinklik gebiet."
"Nei de 16e iuw wie it Frysk net mear in skreaune taal, pas yn de 19e iuw kaam it wer stadichoan op. Mar dat skoft hat wol ympakt hân, en dat sjogge wy no noch: allinnich in diel fan de Friezen kin it Frysk goed skriuwe", fertelt Hilbert fierder.
Neffens Hilbert is de wichtige rol dy't de skiednis noch hieltyd spilet hjoed-de-dei wol dúdlik.
"Ik hoopje dat Friezen begripe kinne hoe't de skiednis har byld fan de Fryske taal beynfloede hat. Dat bygelyks it jaan fan it Frysk op skoalle of de sichtberens op ferkearsbuorden as ferriking en net as in bedriging beskôge wurde moat."
Hilbert hopet sa by te dragen oan it Frysk, sadat de taal noch lang yn stân bliuwt en sawol memmetaal- as nije sprekkers grutsker binne om de taal te brûken.