Josse Wester sil mei syn hurdfytsploech nei de Giro d'Italia: "Wol in trientsje litten"

Josse Wester © Joren Benjamins/Tour de Tietema
Se hienen it sin set op de Tour de France, mar krigen gjin startplak fan de organisaasje. No dogge de Unibet Rose Rockets, de hurdfytsploech fan Josse Wester, yn maaie mei oan de Giro d'Italia.
"Ik kin it hiel romantysk meitsje, mar it wie gewoan in telefoantsje fan in minút fan de Giro-direkteur", seit Wester út Wynjewâld, ien fan de trije oprjochters fan de ploech.
"Hy sei dat wy derby sieten en winske ús in soad sukses."

Fan YouTube oant de World Tour

Mei âld-hurdfytser Bas Tietema en Devin van der Wiel begûn it aventoer fan Wester sa'n sân jier lyn.
Earst makken se filmkes yn de Tour de France en dienen se sels mei yn amateurwedstriden. Dat wie yn 2023 oanlieding foar de oprjochting fan in eigen ploech.
Yntusken binne se aktyf op it twadde nivo en dogge se mei oan ferskate grutte wedstriden, lykas de Amstel Gold Race en Parijs-Roubaix, dy't ûnderdiel binne fan de World Tour.
Josse Wester (l), Bas Tietema en Devin van der Wiel, de grûnlizzers fan Tour de Tietema © Joren Benjamins/Tour de Tietema
De grutte dream wie om yn 2026 oan de start te stean fan de Tour de France, mar dat gie net troch. De organisaasje keas foar in oare ploech.
Doe't it nijs kaam dat se no wol meidwaan meie oan de Giro d'Italia - ien fan de trije grutte ronden yn it jier - rekke dat Wester.

Triennen

"Ik jou it net graach ta, mar der wienen dochs wol wat trientsjes fan blydskip en grutskens."
En noch moaier wie it om it nijs te dielen mei syn kollega's. "Om de oare minsken fan de organisaasje yn te ljochtsjen is noch aardiger", seit er.
"De Giro wie de lêste kâns dy't we hienen dit seizoen om noch in grutte ronde te riden, dat it slagget is dan wol hiel moai."
It is in hiele folksferhuzing, der moat in soad regele wurde.
Josse Wester oer de logistike operaasje fan de Giro d'Italia
Nei't it nijs oerbrocht waard oan de oare leden fan de Unibet Rose Rockets, waard der in grutte operaasje yn gong setten.
"It is in grutte logistike operaasje omdat je fjouwer wiken mei in grutte ploech minsken op 'n paad binne", seit Wester.
De Giro d'Italia begjint dit jier yn Bulgarije en einiget trije wike letter yn Rome. "In hiele folksferhuzing, der moat in soad foar regele wurde."
Hartthijs de Vries fan Kollum is ien fan de manlju dy't kâns makket op in plak yn de Giro-ploech © Orange Pictures
Hartthijs de Vries fan Kollum is ien fan de hurdfytsers dy't kâns makket op in startplak yn de Giro d'Italia. Hy docht oer in pear wike mei oan Milaan-Sanremo, it earste hurdfytsmonumint fan it jier, en hat mear wedstriden yn Italië op it programma.
Hy hopet op in plakje yn de Giro-seleksje. "Foar mysels en de ploech is dat supermoai", seit De Vries. "Wy binne trije jier lyn hiel lyts begûn en no meie wy starte yn in grutte ronde. Dat is fantastysk."
Mei sprinter Dylan Groenewegen meitsje de Unibet Rose Rockets de measte kâns op ritwinst. "Wy ha in goeie groep hurdfytsers, it doel is fansels om mei Dylan te winnen."
"Mar yn oare etappes lizze der ek kânsen foar de mear oanfallende hurdfytsers."

Gjin Tour

It debút yn de Tour de France moat noch in jier wachtsje foar de ploech fan Wester en De Vries.
"Dit is mear dan in goedmakker", seit Wester. "De Tour is foar in soad minsken yn it hurdfytsen it heechste. Wy tochten dat we der hiel tichteby wienen, mar net tichteby genôch. As wy it op dizze wize dogge, giet it ek hiel goed."
"Wy hoopje dat we it yn Italië hiel goed dogge en dat it dêrnei wol slagget om de Tour te riden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.