Rijpma-de Jong foar it earst olympysk kampioen op 1.500 meter: "Dit wie it momint om alles te jaan"
Der ûntbruts noch ien kleur yn de olympyske prizekast fan Antoinette Rijpma-de Jong: goud. Nei har sulveren medalje op de ploege-efterfolging pakte se de gouden medalje op de 1.500 meter.
"Ik leau it noch net hielendal, it is in dream dy't útkomt", seit Rijpma-de Jong tsjin de NOS. "Ik fielde my supergoed en ik tocht: no moat it gebeure. No stean ik hjir mei in gouden medalje om 'e nekke."
Se ried yn de foarlêste rit tsjin de Amerikaanse Brittany Bowe, mar makke earst noch in falske start. "Ik stie gewoan net stil, wit net wat der barde doe't ik falsk hie."
Se wûn har rit úteinlik yn 1.54,09. "Ik makke wat foutsjes ûnderweis en wist noch net oft it genôch wie. Ik hie in goede tsjinstanner, de lêste binnenbocht en dêr moast ik gewoan trochride."
Ik tink dat ik elkenien grutsk meitsje kinnen haw.
It publyk raasde har nei de finish. "It wie sa'n leven. Dit gefoel wolst ha as rider, it koe hast net moaier as dat it no wie."
Fol emoasje fertelt se hoefolle stipe oft se hân hat. "Dit is echt hiel bysûnder. Ek foar myn famylje dy't altyd achter my stiet en yn my leauwen bliuwt. Ik tink dat ik elkenien grutsk meitsje kinnen haw."
"It is sa'n ferromming dat it slagge is. Dit wie it momint om alles te jaan. Brûns en sulver hie ik al, mar goud noch net. Dat ha ik no wol."
Njonken Rijpma-de Jong stiene der noch twa Friezen oan de start: Femke Kok en Marijke Groenewoud. Kok hie al goud en sulver yn 'e bûse, Groenewoud sulver mei de ploege-efterfolging.
Taaie bedoeling neffens Kok
"Dat wie in taaie bedoeling hjir, poeh", seit Kok tsjin de NOS nei har race. "It kaam fan it begjin ôf gewoan net maklik, ik moast der fuortendaliks foar wurkje."
De 25-jierrige sprintster is de nije olympysk kampioen op de 500 meter en pakte sulver op de 1.000 meter. Dy ôfstannen giene har better ôf. "De ôfrûne kearen kaam myn snelheid fansels, no wie ik hielendal klear nei 700 meter."
Kok ried dit seizoen noch gjin ynternasjonale 1.500 meter en moast al yn de earste rit allinnich starte. Se sette in tiid del fan 1.54,79. Oant nei it dweilskoft koe gjinien dêroan komme.
Marijke Groenewoud einige as tsiende. Se ried yn de sânde rit nei 1.55,16 en koe dêrmei net yn de buert komme fan de tiid fan Kok. Moarn rydt se noch de massastart.
Ellia Smeding út Harns ried nei plak 23 yn in tiid fan 1.58.40.