Kok yn har ientsje op de 1.500 meter; ek rit fan Groenewoud en Rijpma-de Jong bekend
Moarn stiet de 1.500 meter by de froulju op it programma. Dêryn sil Femke Kok yn de earste rit yn har ientsje ride moatte, dat hat de lotting útwiisd. Dat Kok allinnich ride moat, hat te krijen mei de ôfsizzing fan de Belgyske Sandrine Tas.
Ek Marijke Groenewoud komt foar it dweilskoft yn aksje. Sy rydt yn de sânde rit tsjin de Poalse Natalia Czerwonka. Antoinette Rijpma-De Jong nimt it yn de foarlêste rit op tsjin de Amerikaanske Brittany Bowe.
De wichtige ritten:
Rit 1: Femke Kok
Rit 2: Ellia Smeding - Arina Ilyachsehenko
Rit 7: Marijke Groenewoud - Natalia Czerwonka
Rit 14: Brittany Bowe - Antoinette Rijpma-de Jong
It Hearrenfean ferwachtet in protte olympyske sporters by huldiging
It Hearrenfean ferwachtet dat de measte olympyske sporters nije wike tongersdei nei de huldiging komme sille. Neffens in wurdfierster is de útnûging "heel enthousiast opgepakt". De organisaasje ferwachtet sa'n 2000 besikers op 'e Oude Koemarkt. Meardere shorttrackers, langebaan- en keunstriders wenje yn de buert fan Thialf.
Femke Kok wurdt ek yn Nij Beets huldige. Wannear presys is noch net bekend, mar dat sil wol nei it WK yn Thialf plakhawwe.
Foar de shorttrackers Jens en Melle van 't Wout en reedrider Marcel Bosker is nije wike freedtejûn in huldiging yn Sint-Jânsgea.
Marijke Groenewoud hat der noait oan twivele om te starten op de 1.500 meter op de Spelen. Yn guon media waard de suggestje opwurpen dat de Friezinne (27) nei mindere prestaasjes op de 3.000 en 5.000 meter har startplak mar ôfjaan moast oan Joy Beune.
Mar dat is neffens Groenewoud net oan de oarder. "Ik ha my dêrfoar pleatst, dus dan sis ik no net: sjoch, ryd do mar."
Groenewoud bleau Beune foar op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai fan ein desimber en einige doe as tredde op de 1.500 meter. Beune is regearjend wrâldkampioene, mar pakte gjin olympysk ticket.
De ôfrûne dagen hat Groenewoud har ôfsletten foar it nijs. "Ik ha Instagram en Facebook útset. Al dy berjochten, dêrfan rydtst allinnich mar minder hurd."
Schulting yn kwartfinale 1.500 meter tsjin Xandra Velzeboer
Suzanne Schulting treft moarn by har rentree yn it ynternasjonale shorttracksirkwy har lângenoate Xandra Velzeboer. Beide rydsters binne op de olympyske 1.500 meter yn Milaan yndield yn de fiifde kwartfinale, docht bliken út it skema dat hjoed frijjûn is.
Schulting rjochte har, nei't se blessearre rekke wie op de WK shorttrack fan 2024, allinnich op it langebaanriden. Oant dizze winter.
Nei't se op basis fan har prestaasjes op it NK yn jannewaris yn Ljouwert in oanwiisplak foar de olympyske 1500 meter fertsjinne hie, hope se har de ôfrûne wike op de trainingen te bewizen foar in plak yn it ôflossingsteam. Bûnscoach Niels Kerstholt keas sawol yn de heale finale as finale foar de suskes Velzeboer, Selma Poutsma en Zoë Deltrap.
De kwartfinales fan de 1.500 meter begjinne moarn om 20.15 oere.
Rijpma-de Jong nei lang wachtsjen klear foar 1.500 meter
Antoinette Rijpma-de Jong hat lang wachtsje moatten foar har earste yndividuele ôfstân op de Spelen. De 30-jierrige reedrydster komt moarn yn aksje op de 1.500 meter en tinkt dat se der bêst goed foarstiet.
Ofrûne tiisdei pakte se mei Joy Beune en Marijke Groenewoud sulver op de ploege-achterfolging. Dêr moast se wol even fan bykomme. "Ik fielde de skonken wol nei twa races op de ploege-efterfolging. In dei rêst hat my goed dien. Hjoed op it iis fielde it bêst okee."
Se fynt it noflik dat se mei de ploege-achterfolging al even ride kind hat. "Dêrtroch koe ik ek al efkes wenne. Foaral de earste wedstriid wie ik bêst senuweftich. Dat ik hjir al trije kear oan de start stien ha, is bêst posityf."
Rijpma-de Jong wûn yn har karriêre al twa kear sulver en brûns op de ploege-efterfolging en in kear brûns op sawol de 1.500 as de 3.000 meter. Mei in goede tsjinstanner hopet se freed stride te kinnen foar dy ûntbrekkende gouden medalje. "Ik ha ek alle wrâldbekerwedstriden riden om hjir in goeie lotting te hawwen."
De lotting wurdt letter hjoed bekend. De 1.500 meter yn it Milano Speed Skating Stadium begjint moarn om 16.30 oere.
Mei Rijpma-de Jong, Femke Kok en Marijke Groenewoud steane der trije Friezinnen oan de start fan de 1.500 meter langebaan.
It hie hjoed de dei fan Tim Prins wêze kinnen. Mar de Jouster docht nei in beslút fan de seleksjekommisje net mei oan de 1.500 meter en dêrmei de Olympyske Spelen.
Friezen en de 1.500 meter foar mannen binne hoe dan ek net in goede kombinaasje. Noait wûn in Fries op dy ôfstân goud by de Spelen.
Foar Nederlân komme Kjeld Nuis, Tijmen Snel en Joep Wennemars yn aksje. Kinne sy de Amerikaan Jordan Stolz fan syn tredde goud fan dizze Spelen ôfhâlde? De wedstriid set om 16.30 oere útein.
Goeiemiddei
Wolkom op dei trettjin fan de Olympyske Spelen yn Milaan.
Foar de Friezen is it in rêstige dei, sy komme hjoed net yn aksje.