Drokte by Frisius MC troch grypweach: gefolgen foar plande operaasjes en earste help

Operaasjekeamer yn it Frisius MC op It Hearrenfean © Frisius MC
De grypepidemy soarget op it stuit foar grutte drokte yn de sikehuzen. Yn sikehûs Frisius MC, mei fêstigingen yn Ljouwert en op It Hearrenfean, wurdt sûnt ôfrûne wike in part fan de plande operaasjes ôfsein.
Op de earste help is it bytiden sa drok dat der mominten binne dat dêr koade oranje en koade read jildt. Alle behannelromten binne dan fol.
"Wij hebben op dit moment duidelijk last van de griepepidemie die door ons land waart", seit Remko Seinstra, manager akute soarch by Frisius MC. "Het is echt heel druk in het ziekenhuis."
Sûnt in pear dagen moat Frisius MC in oantal operaasjes ôfsizze, seit Seinstra. "Dat is natuurlijk in de eerste plaats heel erg vervelend voor onze patiënten die wachten op een operatie."
Mei gryp op bêd © Shutterstock.com
Der binne mominten dat de earste help echt hielendal fol is, jout Seinstra ta. Dêr hawwe de sikehuzen yn de regio protokollen foar.
"Wat wij op een volle spoedeisende hulp doen, is dat we heel goed kijken naar de urgentie van de klacht van de patiënt. En op het moment dat het even kan wachten, plaatsen we de patiënt ook wel in de wachtkamer."
Seinstra seit mei klam dat minsken dy't op de earste help komme, altyd ûntfongen en holpen wurde: "Ongeacht de kleurcode."

Net altyd begryp

Begryp foar langere wachttiden is der by de pasjinten net altyd, jout Seinstra oan. As in pasjint pine hat, wol dy graach sa gau mooglik holpen wurde.
"En dan kan het af en toe gek zijn als een patiënt die wat later binnenkomt, toch eerder geholpen wordt. Dan is de reactie soms: 'Ja, maar ik was hier eerder'."
Op de earste help wurdt lykwols net allinnich nei de tiid fan binnenkomst sjoen, mar ek nei de klacht, de diagnoaze en hoe rap oft in behanneling nedich is.
Sikehûs Frisius MC op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Seinstra jout oan dat it by Frisius MC oan twa kanten knypt: "We zitten natuurlijk allemaal in de griepgolf, dus ook onze medewerkers hebben daar last van. En wat we ook zien is dat onze uitstroom van het ziekenhuis naar de ouderenzorg stokt, omdat ook daar ziekte is onder het personeel."
"Dus dan kan die patiënt er niet uit en blijft onbedoeld langer liggen in het ziekenhuis, waardoor we ook in de beddenbezetting krap komen te zitten."
It is dus drok yn it sikehûs, mar de situaasje is wol ûnder kontrole, fynt Seinstra. "We werken daarin niet alleen, dus het is niet alleen maar het ziekenhuis. Het is echt de hele keten van de acute zorg. We hebben nauwlettend contact met onze collega-ziekenhuizen, om te kijken of we het nog goed doen."

Faker drok

Neffens Seinstra hat it sikehûs hast alle jierren wol te krijen mei in perioade fan grutte drokte.
"We zitten eigenlijk elk jaar wel met een soort van piek, waarop we echt wel balanceren tussen de geplande operaties en wat er acuut moet in het ziekenhuis. Het moment waarop het plaatsvindt, is elke keer wel verschillend."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.